Yn in wrâld dy't folslein befolke wurdt trochantropomorfe (har asminsken gedragende)bisten, ferfollet dewylde knyn Judy Hopps, dy't ôfkomstich is út itplattelânsdoarpke Bunnyburrow, de dream dy't se al as jongknyntsje hie trochplysje te wurden yn 'e gruttemetropoal Zootopia (of Zootropolis, ôfhinklik fan 'e filmtitel dy't brûkt wurdt). Dêr blike lykwols suver allinne mar mânske bisten te wurkjen, lykasoaljefanten,noashoarnen ennylhoarsen. Judy is de earste knyn dy't deplysje-oplieding trochrûn hat. Hoewol't se as de bêste fan harklasse fan 'eplysjeskoalle kommen is, wurdt Judy trochkommissaris Bogo (inKaapske buffel) oan it wurk set asparkearwachter, om't hy net ynsjocht hoe't in knyn doeltreffend as 'echte' plysje wurkje kinne soe. Dat is in grutteteloarstelling foar Judy, temear om't se har safolle foarsteld hie fan har wurk as plysje yn 'e grutte stêd. Har earste dei op it wurk wurdt noch helte minder as se har bedonderje lit troch inoplichtersduo, besteande út 'efoks Nick Wilde en defennek Finnick.
As se likernôch inwike oan it wurk is as parkearwachter, en suver beswykt ûnder itdeprimearjende karakter fan dybaan, wurdt se op in dei oanklampt troch inwinkelbaarch dy't fan in sekfolbollen fan 'ekrookjesoarteMidnicampum holicithiasbestellen is troch in bretalegaudief, dewezeling Duke Weaselton. Judy set de efterfolging yn, dy't liedt nei in diel fan 'e stêd dêr't lytse bisten asmûzen enpipermûzen libje. Weaselton besiket Judy op alle mooglike manearen ôf te lieden fan har efterfolging, ûnder mear troch inúthingboerd, besteande út indoughnut ter grutte fan inrêdingsboei, los te skuorren en nei har ta te smiten. Judy kin it ding krekt op 'e tiid pakke foar't it infroulike pipermûs ferpletteret dy't krekt op dat stuit insebrapaad oerstekt.
Uteinlik wit Judy Weaselton te fangen, mar neitiid kriget se op har kop fan kommissaris Bogo fanwegen alle skea en alteraasje dy't har efterfolging fan Weaselton oanrjochte hat, en om't it har wurk as parkearwachter net is om winkeldieven te fangen. Wylst se yn synkantoar de wyn fan foarren kriget, komt frou Otterton dêr binnen, inrivierotter dy't de kommissaris al dagenlang lêstich falt oer de ferdwining fan harman Emmitt. Om't der yn koarte tiid fjirtjinrôfdieren ferdwûn binne, wêrfan't de oare trettjin allegear in stik grutter binne as inotter, hat de ferdwining fan Otterton foar kommissaris Bogo op dat stuit net in soad prioriteit. As Judy lykwols oanbiedt om it ûndersyk nei de Otterton-ferdwining op har te nimmen enloko-boargemaster Dawn Bellwether (inei), dy't krekt op dat stuit ek it kantoar binnenkomt, dat in goed plan taliket, kin Bogo net oars as Judy op 'e saak sette. Hy praat lykwols mei har ôf dat se 48 oeren de tiid hat om Emmitt Otterton werom te finen. As dat har net slagget, moat seûntslach nimme by de plysje.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Oan 'e hân fan in ôfdruk fan in byld fan inbefeiligingskamera stelt Judy fêst dat de oplichter Nick Wilde de lêst bekende persoan is dy't Otterton libben sjoen hat. Mei debânrekorder yn harpinne nimt se inpetear op dat se mei Nick fiert, wêryn't hy tajout dat er him skuldich makke hat oanbelestingfraude. Neitiidsjantearret Judy him mei dy opname om har te helpen by it weromfinen fan Otterton. Troch Nick syn bekendheid mei de stêd en deûnderwrâld ûntdekke Judy en hy dat Otterton nei syn moeting mei Nick yn inlimûsine stapt is. Earst tinke se dat de otterûntfierd is, en dat fermoeden liket befêstige te wurden as se de oangeande limûsine fine en Nick dêr spoaren yn ûntdekt dy't liede nei demaffiabaas Mr. Big.
It hiele ûndersyk liket yn in fiasko te einigjen as Nick en Judyfinzen nommen wurde troch de trewanten fan Mr. Big, dat in miniskulepoalpipermûs blykt te wêzen, dy't bewekke wurdt troch in eskadron reuseftigeiisbearen. Mr. Big hat noch in appeltsje te skilen mei Nick om't dy oan synmuoike in 'tapyt' ferkocht hat dat depels fan 'ekont fan instjonkdier bliek te wêzen. Op it stuit dat Nick en Judyombrocht drige te wurden, ferskynt lykwols Mr. Big syndochter Fru Fru op it toaniel, dat deselde pipermûs blykt te wêzen dy't Judy earder fan 'e ferplettering troch it doughnut-úthingboerd rêden hat. As tank foar it rêden fan it libben fan syn dochter beslút Mr. Big Judy en Nick dan by it ûndersyk te helpen. Hy fertelt dat Otterton út frije wil yn 'e limûsine ynstapt wie, om't er in saak mei Mr. Big ôf te hanneljen hie, mar dat er ûnderweis degenerearre ta inferwyldere steat en Mr. Big synsjauffeur Manchas oanfoel om dêrnei út te piken.
As Judy en Nick nei it hûs geane fan Manchas (in swartejaguar), fertelt dy harren dat Otterton wat raasde oer "nachtgûlers" foar't er him oanfoel. Nei't er lykwols mar in pear tellen út harren sicht west hat, rekket Manchas sels ek ferwyldere en falt er Judy en Nick oan. By in eangenachtlike efterfolging troch itreinwâlddistrikt fan Zootopia rêdt Judy Nick syn libben troch Manchas fêst te setten en it plysjeburo om help te skiljen. Mar as kommissaris Bogo mei fersterkings arrivearret, blykt Manchas ferdwûn te wêzen. De kommissaris leaut neat fan Judy har ferhaal, en mient dat it alhiel fuortkomt út 'e skrikfalligens wêrfan't eltsenien wit dat kninen dêroan lije. It bewiist foar him dat sy ûngeskikt is om by de plysje te wurkjen en hy easket daliks har ûntslach. Nick bringt him lykwols fyntsjes tebinnen dat Judy 48 oeren hie om 'e ferdwining fan Otterton op te lossen, en dat dêrfan noch 10 oeren oer binne.
As se harren rie te'n ein itstedhûs besykje, biedt loko-boargemaster Bellwether Judy en Nick direkte tagong ta de bylden fan 'ebefeiligingskamera's yn 'e stêd. Dan ûntdekke se dat Manchas finzen nommen is trochwolven, en Judy nimt daliks oan dat dàt de "nachtgûlers" binne dêr't Otterton it oer hie (wolven gûle ommers nei de moanne, sa't eltsenien wit). Sy en Nick folgje it spoar fan Manchas en syn ûntfierders nei it Psychiatrysk Sikehûs Cliffside, en as se dêrynbrekke, fine se net inkeld Manchas werom, mar ek Otterton en alle oare trettjin ferdwûne rôfdieren. Boppedat ûntdekke se datboargemaster Leodore Lionheart (inliuw) harren dêr bûten it sicht fan 'emedia en depublike opiny finzen hâldt wylst erwittenskippers oan it wurk hat om 'e oarsaak fan harren ferwyldering te ûndersykjen. Lionheart is deabenaud dat útkomme sil dat rôfdieren samar ferwylderje en oare bisten oanfalle kinne: as liuw is hy ommers ek in rôfdier, en soks soe samar de ein fan synpolitikekarriêre betsjutte kinne.
Judy en Nick belûke kommissaris Bogo en de plysje by harren ûntdekking. Dêrop wurde Lionheart en de stêf fan itpsychiatrysk sikehûsarrestearre foarûntfiering en ûnrjochtlikefinzenskip.Loko-boargemaster Bellwether wurdt de nije boargemaster. Judy, dy't ûnder harren ûndersykbefreone rekke is mei Nick, freget him om him yn te skriuwen foar de plysjeskoalle, om't er oanlis hat foar plysjewurk, en om't sy ferlet hat fan in partner. Sels kriget Judy no einlings en te'n lêsten de erkenning dêr't se sa lang op longere hat, mar dat blykt in twasnedich swurd te wêzen. By inparsekonferinsje ferpraat se har troch te suggerearjen dat de reden foar de ferwyldering fan 'e ûntfierde bisten dy't yn it psychiatrysk sikehûs weromfûn binne, gearhinget mei harrenbiology asrôfdieren. Dêrmei ropt seeangst op ûnder de 90% fan 'e ynwenners fan Zootopia dy't útproaidieren bestiet, en dy eangst slacht al rillegau om ynhaat endiskriminaasje. Ek har eigen freonskip mei Nick, dy't ommers as foks ek in rôfdier is, kriget in slimme knau, en hy wol neat mear fan har witte. Mei't se harskuldich fielt en it gefoel hat dat se mei har wurden Zootopia fernield hat, nimt Judy neitiid ûntslach en keart werom nei Bunnyburrow. Dêr lûkt se wer by harâlden yn, dy'twoartels enblauwe blebberbeienferbouwe en ferkeapje.
Op in stuit komt yn inpetear mei harheit enmem te praat dat 'nachtgûlers' inbynamme is foar in beskatesoartekrookjes. Sokkeblommen befetsje inneurotoksine dat opsûchdieren slimmepsychotropyske effekten hat dy't liede ta in steat fanferstânleazeagresje. As Judy beseft dat it om deselde soarte krookje giet as dêr't Duke Weaselton de blombollen fan stiel, giet har in ljocht op. Se giet halje-trawalje werom nei Zootopia, dêr't se harrûzje mei Nick byleit. Neitiid konfrontearje sy beiden Weaselton mei Judy har nije ynformaasje, en Weaselton jout dan ta (nei't Mr. Big him derfan oertsjûge hat dat it it bêste foar him is om mei te wurkjen) dat er de blombollen stellen hie foar in ûnsympatikeraam dy't Doug hjit. Judy en Nick fine Doug yn inlaboratoarium yn in âldemetrotrein yn intunnel ûnder Zootopia, dêr't er dwaande is om mear fan itgif fan 'e nachtgûlers te meitsjen, dat er yn inferdôvingspylkje docht om ôfsketten te wurden mei inferdôvingsgewear. Ut intillefoanpetear kinne Judy en Nick ôfliede dat Doug dejinge is dy't alle 'ferwyldere' rôfdieren mei it gif ynjektearre hat troch se mei it ferdôvingsgewear te sjitten.
Judy en Nick besykje mei de metrotrein út te naaien, mar trochdat de tsjinwurking fan Doug en twa oare rammen op in oanhâldend gefjocht útrint, rekket de metro úteinlik yn in tunnel ûnder it Natoerhistoarysk Museum ûntspoard mei as gefolch in ûntploffing en inbrân wêrby't alle bewiismateriaal yn flammen opgiet. Utsein it ferdôvingsgewear mei it lêste ferdôvingspylkje, dat Nick út 'e metrowagon rêden hat. Ear't Judy en Nick kontakt opnimme kinne mei de plysje, wurdt harren yn itmuseum lykwols de pas ôfsnien troch boargemaster Dawn Bellwether, foar wa't Doug en de oare rammen blike te wurkjen. Judy en Nick komme tegearre finzen te sitten yn ien fan 'eútstallings nei't Nick wegeret om Judy efter te litten as dy harankel ferdraaid hat. Bellwether, dy't it ferdôvingsgewear fûn hat dat Nike en Judy op harren flecht kwytrekke binne, sjit Nick mei it ferdôvingspylkje, mei as gefolch dat er ferwyldere rekket en him tsjin Judy keart. Underwilens skillet Bellwether sels de plysje op om oan te jaan dat se der tsjûge fan is hoe't in ferwyldere foks yn it Natoerhistoarysk Museum efter in warleas knyntsje oan sit.
Dêrnei makket se harsels oan Judy bekend as it masterbrein efter ingearspanning fansupremasistyske proaidieren, dy't rôfdieren besykje ôf te skilderjen as gefaarlike gekken dy't op elts momint ferwyldere reitsje en oare bisten oanfalle kinne. Se mient dat de publike opiny him nei Judy har dea troch Nick syn tadwaan noch fierder tsjin 'e rôfdieren keare sil. As lykwols blykt dat Nick en Judy de ferwyldering en de oanfal mar spile hawwe, mei't se it ferdôvingspylkje yn it gewear ferfongen hiene troch in blauwe blebberbei, driget inpoerrazene Bellwether om harren beiden foar de hiele gearspanning opdraaie te litten. Mar dan lit Judy har witte dat se Bellwether har de hielemonolooch opnommen hat mei de bânrecorder yn har pinne. Bellwether besiket noch te ûntkommen, mar ûnderwilens is kommissaris Bogo mei in plysjeteam op it toaniel ferskynd, en hy hat it lêste diel fan it petear tusken Judy en Bellwether heard. De boargemaster en har trewanten wurde dêrop daliks oppakt en ferdwine efter de traaljes.
Yn infraachpetear mei demedia ûntstriidt de finzen sittende eardere boargemaster Lionheart dat er wat fan Bellwether har gearspanning ôfwist, wylst er tagelyk úthâldt dat syn beslút om 'e 'ferwyldere' rôfdieren finzen te hâlden "it ferkearde wie om te dwaan, mar om 'e goede redens." No't de oarsaak fan 'e 'ferwyldering' bekend is, duorret it net lang ear't wittenskippers intsjingif ûntwikkele hawwe, dat alle 'ferwyldere' rôfdieren wer by sinnen bringt. De haat tsjin en diskriminaasje fan rôfdieren belunet neitiid, mei't in soad proaidieren harskamje foar harrenhâlden en dragen. Judy kriget har baan by de plysje werom en Nick lit him ynskriuwe oan 'e plysjeskoalle, dy't er yn 'e koartste kearen trochrint om Judy har fêste partner te wurden. De film einiget mei inpopkonsert fan 'esjongster endûnseresse Gazelle (in idoal dat de hiele film troch al út en troch neamd waard en opdûkte), dêr't alle personaazjes by oanwêzich binne, útsein Bellwether en Lionheart, dy't der inkeld in ferslach fan sjogge optillefyzje yn ittichthûs.
Hoewol't Lasseter net folle yn dy ferhalen seach, fûn er it idee fan antropomorfe bisten yn in eigen wrâld yntrigearjend. Howard betocht dêrop in nij,James Bond-eftich ferhaal tsjin it dekôr fan 'e1960-er jierren, mei as titelSavage Seas, oer depoalhazze Jack Savage. Dat ferhaal wie Lasseter goed genôch om it fierder út te wurkjen, enJared Bush waard ynhierd om dêrfoar mei Howard gear te wurkjen. Bush wie entûsjast oerSavage Seas om't syn eigenheit enpake foar deCIA wurke hiene. By de útwurking dêr't Howard en Bush nei ferrin fan tiid mei op 'e lapen kamen, die bliken dat it earste diel fan itsenario, dat him ôfspile yn in stêd fan en foar bisten, fierwei it aardichste part wie. Sadwaande waarden se weromstjoerd nei de tekentafel, mei de opdracht om har dêr fierder op ta te lizzen.
Uteinlik waard it Howard dúdlik dat it ferhaal fanSavage Seas net te kombinearjen foel mei wat de studiobazen by Disney foar eagen stie. Hy tanke dêrom it sechstiger-jierrendekôr ôf, krektlyk as itspionaazje-elemint en de ynternasjonale aspekten. It gefolch wie dat der hiel in nij ferhaal ûntstie, dat him ûntjoech ta inplysjefilm fan itsubsjenre fan 'ebuddy cop movie (d.w.s. oer de wikselwurking tusken twa plysjepartners). De haadrol wie yn dat stadium tatocht oan 'efoks Nick Wilde, wylst deknyn Judy Hopps eins inkeld synhelpke wie. In skoft lang leine Howard en Bush harren tige fêst oan dy ferzje fan it ferhaal, mar ynnovimber2014 beseften se dat deplot foar itpublyk ynnimliker wêze soe as se de rollen omdraaiden en fan Judy Hopps de haadpersoan makken.
Zootopia waard yn in tallannen, wêrûnderNederlân, útbrocht ûnder detitelZootropolis. Reden dêrfoar wie datDisney yn dy lannen itauteursrjocht op 'e nammeZootopia net bemachtigje koe.
De Amerikaanske resinsintMatt Zoller Seitz fan 'ewebsideRogerEbert.com mochtZootopia oer it generaal wol lije en joech de film 3 fan 4 stjerren, mar hy hie muoite mei de sintralemetafoar, dy't neffens him flokte mei it boadskip dat de film útdrage woe. Hy skreau: "Zootopia freget allegeduerigen fan syn personaazjes om fierder te sjen asstereotypen dy't opsoarten basearre binne [...]. Dat liket allegearre moai en aardich, oant je beseffe dat alle stereotypen oer ferskate bisten oant op beskate hichte wier binne, yn 't bysûnder de meast elemintêre:karnivoaren iteherbivoaren om't dat yn harren aard leit." Yn 'e Britske kranteThe Daily Telegraph skreauRosa Prince dat sy yn elts gefal tige gelokkich wie mei it haadpersonaazje Judy Hopps, dy't foar har dream fan in karriêre as plysje kiest, ynstee fan foarleafde enfamyljetrou, sa't alle Disney-prinsessen lykje te dwaan.
Dvd's fanZootopia ûnder deFrânske foarm fan 'e namme (Zootopie) yn 'e skappen fan in winkel ynFrankryk.
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy'tresinsjes sammelet, krigeZootopia in goedkarringspersintaazje fan 97% basearre op 267 ferskillende resinsjes. De bygeandekonsensuskrityk priizge de wielderige nije animaasjetechniken fan Disney, de flotte en grappige ferhaalline dy't foar sawolbern asfolwoeksenen ûnderhâldend is, en it "rike en aktuële" boadskip dat "ta neitinken stimmend en ynklusyf" is. Yn2016 behelle inkeldMoonlight op Rotten Tomatoes in hegere skoare asZootopia.
Zootopia brocht yn 'eFeriene Steaten enKanada$341,3 miljoen op, en yn 'e rest fan 'e wrâld $682,5 miljoen. De totaleopbringst bedroech sadwaande $1,024 miljard (oftewol $1.024 miljoen), wat, ôfset tsjin inbudget fan $150 miljoen, in skjinnewinst betsjutte fan mar leafst $874 miljoen.Zootopia wie de fjirdetekenfilm ea mei in opbringst fan mear as in miljardAmerikaanske dollar, neiToy Story 3 (2010),Frozen (2013) enMinions (2015).
Op21 maart2017 spandeEsplanade Productions, itbedriuw fansenarioskriuwerGary L. Goldman (dy't û.m. ferantwurdlik wie foar itskript fanTotal Recall, út1990, ûnderrezjy fanPaul Verhoeven), inrjochtsaak oan tsjinDisney oer ynbrek opauteursrjochten. Goldman hie nammentlik twaris (yn2000 en2009) mei in senario by Disney oan it suteljen west foar inlive-actionfilm mei de titelLooney, oer in sosjaal ûnhandigeanimator dy't intekenfilmsearje op 'etillefyzje betinkt mei as nammeZootopia. Disney wiisde it senario beide kearen ôf, mar nei de premiêre fan 'e Disney-filmZootopia bewearde Goldman dat Disney synnamme,tema's,dekôr enpersonaazjekarakters stellen hie. Judy Hopps, Nick Wilde, kommissaris Bogo en deloaiert Flash, dy't by de Tsjinst Motorrydtugen yn Zootopia wurket, soene allegearre útLooney oernommen wêze. Inwurdfierder fan Disney omskreau Goldman syn oanklacht as "grôtfol mei oerdúdlik falske beskuldigings".RjochterMichael W. Fitzgerald die op8 novimber2017 útspraak dat der fan ynbrek op auteursrjochten gjin sprake wie. Yn itfûnis sei Fitzgerald: "[...] it besykjen fan Goldman om oerienkomsten tusken deplots fanLooney enZootopia oan te wizen, wie forsearre. Alle saneamde likenissen tusken de beide wurken wiene tema's, net plotpunten of ferwikkelings, en dy wiene te algemien om beskerme te wurden troch de wetjouwing omtrint auteursrjochten."