Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Zenboedisme

Ut Wikipedy

Zenboedisme is in foarm fan itboedisme dy't de klam leit op:meditaasje (za-zen) as middel om taferljochting te kommen. By dizze foarm fan meditaasje binne û.o. behearsking, wiisheid en in goed sin foarhumor wichtich. Sintraal yn zen stiet "it gewaarwurde fan wat geande is. Zen giet oer niks oars as it libben sels dêr't it net te trochgrûnjen mystery en it alledeiske op it selde stuit yn gearkomme.Bodydarma (470-535) wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it hjoeddeistigezen. It zenboedisme hat in protte oanhingers ynJapan.

It doel fan Zen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Krekt as yn it boedisme giet it om it berikken fan in duorjende steat fan Ferljochting (nirvana). Neffens de Zenbûdisten is it berikken fanferljochting gjin doel op himsels en kin it net ôftwong wurde. Desteat fan ferljochting oerkomt dy, of oerkomt dy net, mar ast it ûnderfynst dan binne alle tsjinstellings fuort. Dan hast in geastlik ynsjoch berikt of do belibbest in ûnderfining, dêr't gjin tiid mear bestiet noch sin of doel. Derom sprekt in zenmaster yn paradoksen oer it doel en seit altiten datsto it net berikke wolle moast. It dwaan fan meditaasje is dêrby in helpmiddel om it doel te berikken.

It paad fan Zen is jinsels bestjudearre.
Jinsels bestudearre is jinsels ferjitte.
Jinsels ferjitte is ferljocht wurde troch wat is.
Asto ferljocht wurdst troch wat is falle lichem
en geast fuort en fan oaren.
Der bleaut gjin spoar fan ferljochting oer en dizze
spoarleaze ferlochting set him eindeleas troch.
(Sitaat fan de Sineeske zenmaster Dogen Kigen wat zen ynhâld)

Meditaasjetechnyk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De technyk dy't brûkt wurdt by it meditearen (za-zen) is der eins op rjochte om de sinnen en it tinken út te skeakeljen. Foar de measte minsken is dat dreech om net te dwaan. Under it meditearjen moat in minske syn tinken loslitte en him konsintrearje op syn sykheljen of troch it werheljen fan inmantra syn tinken útskeakelje oant er deAtma of it 'neat' berikt. Yn in groep is it makliker om yn dy tiidleaze tastân te kommen dan as men it allinne docht.

Zenstreamingen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it zenboedisme besteane ferskate streamings, te witten:

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Zenboedisme&oldid=828528"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp