Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Zane Grey

Ut Wikipedy
Zane Grey
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammePearl Zane Grey
nasjonaliteitAmerikaansk
berne31 jannewaris1872
berteplakZanesville (Ohio)
stoarn23 oktober1939
stjerplakAltadena (Kalifornje)
etnisiteitIngelsk
wurk
taalIngelsk
sjenrewesternromans,lit.romans &
koarte ferh.,berneboeken,
non-fiksje
perioade1e helte20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Desert Gold
Riders of the Purple Sage
Code of the West
Knights of the Range
jierren aktyf19031939
offisjele webside
www.zanegreyinc.com

Zane Grey (folút:Pearl Zane Grey;Zanesville (Ohio),31 jannewaris1872Altadena (Kalifornje),23 oktober1939) wie inAmerikaanskskriuwer,toskedokter enfilmprodusint. Hoewol't er ek yn oaresjenres aktyf wie, is er fierwei it bekendst wurden troch syn pionierswurk op it mêd fan 'ewesternroman. Guon fan syn bekendste wurken binneRiders of the Purple Sage út1912, ien fan 'e earste echte westerns, it trijeris ferfilmeDesert Gold, en fierdersCode of the West enKnights of the Range.

Grey hie dêrmei grutte ynfloed op 'emytefoarming oer itWylde Westen. Syn boeken wiene tigepopulêr, net inkeld yn 'e Feriene Steaten mar ek om utens, en hy wie ien fan 'e earste auteurs dy't troch har skriuwwurkmiljonêr waarden. It skriuwen gie Grey ôf dat it slydjage, dat hy hie úteinlik inoeuvre fan mear as 90 boeken. Doe't er yn1939stoar, lei der by synútjouwer noch sa'n steapelmanuskripten, dat der oant1963 elts jier noch in nijeroman fan him útkaam. Yn totaal ferkocht er mear as 40 miljoen boeken. Njonken de ynfloed dy't Grey op syn lêzers hie, foarme er ek in grutteynspiraasjeboarne foar lettere westernskriuwers. Boppedat krigen in protte fan syn wurken twadde libbens asfilm- entillefyzjeadaptaasjes, dêr't er oant hjoed de dei ta de Amerikaanskekultuer yn it bysûnder, mar ek deWesterske kultuer yn it algemien mei beynfloedet.

Libben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Grey waard op31 jannewaris1872 berne ynZanesville, yn 'esteatOhio, as Pearl Zane Gray (syn famylje liet harren namme koart nei syn berte feroarje fan "Gray" yn "Grey"). Syn earste foarnamme wie ôflaat fan inkranteberjocht, wêryn't de rouklean fan 'eBritske keninginneFiktoaria omskreaun waarden aspearl gray, "pearelgriis". Grey wie it fjirde fan fiif bern yn it gesin fan Alice Josephine "Allie" Zane, dy't har komôf weromfolgje koe nei de yn1673 nei Amearika emigrearreIngelskequaker Robert Zane, en har man Lewis M. Grey, intoskedokter.

Grey groeide op yn Zanesville, in stedsje dat stifte wie troch syn oerpake oan memmekant,Ebenezer Zane, dy't meifochten hie yn 'eAmerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. As bern hied er as leafhawwerijen lêzen,angeljen en it spyljen fanhonkbal, en dat kaam letter allegear werom yn syn skriuwwurk. Grey syn heit brocht him op strange wize grut, en seame him geregeldwei ôf mei in flink wan bruien, mar syn mem wie in sêftmoedige frou, dy't mei leafde de ynfloed fan har man besocht te kompinsearjen. Likegoed wie Grey as opslûpen jonge gauris belutsen by fjochtpartijen, wat him dan wer op in pak op 'e hûd fan syn heit kaam te stean. Grey fûn in pleatsferfangende heit yn in âldman dy't fan Muddy Miser hiet, en dy't syn leafde foar angeljen en skriuwen oanmoedige. Yn syn formative jierren brocht er in protte tiid mei Miser troch, ek al woe syn heit dat net hawwe.

Zane Grey yn1895, ashonkbalspiler foar deUniversiteit fan Pennsylvania.

Under ynfloed fanRobinson Crusoe en deromans fanJames Fenimore Cooper (lykasThe Last of the Mohicans) en teffens ynspirearre troch de iere westernromantsjes (dime novels) en de keunstwurken fan westernyllústrators asFrederic Remington, skreau Grey syn earstekoarte ferhaal,Jim of the Cave, doe't er fyftjin jier wie. Dat gie lykwols ferlern doe't syn heit it ûntdiek en it ferskuorde en him in pak op 'e bealch joech. Fanwegen finansjele swierrichheden, feroarsake troch minne ynvestearrings, ferhuze Lewis Grey syn gesin yn1889 neiKolumbus, dêr't Zane byspringe moast yn 'e toskedokterspraktyk en letter yn in bioskoop wurke en in simmer lang honkbal spile foar deColumbus Capitols. Dêr waard er ûntdutsen troch in honkbalskout en sadwaande krige er in sportbeurs om fan te studearjen.

Studintetiid en honkbaljierren

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Grey learde foar toskedokter oan 'eUniversiteit fan Pennsylvania, ynPhiladelphia, dêr't er yn1896 ôfstudearre. Underwilens spile er honkbal foar it universiteitstiim, mar los dêrfan hied er net in soad kontakt mei oare studinten, sawol fanwege syn bleuens, as om't ergehielûnthâlder wie. Hy brocht syn tiid troch mei honkbal, swimmen en skriuwen, wêrby't er him yn dy tiid fral talei oppoëzij. Hy dreamde derfan om in honkbalstjer te wurden, mar wie reälistysk genôch ynsteld om yn te sjen dat er in bettere kâns hie om syn brea te fertsjinjen as toskedokter. Wylst er noch studearre waard der ûnder in simmerfakânsje troch de famylje fan in famke útDelphos in rjochtsaak tsjin him oanspand foar heit-wêzen, dy't er stilwei skikte foar in it bedrach fan $133,40 (betelle troch syn heit). Nei1896 spile er noch ferskate jierren honkbal foar klubs yn it "Lytse Bûn" (Minor League), wêrûnder deNewark Colts (útNewark, ynNij-Jersey). Yn1903 spile er ien inkele wedstryd yn it "Grutte Bûn" (Major League), foar dePittsburgh Pirates.

Toskedokterspraktyk en trouwen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei't er ôfstudearre wie, sette Grey yn1896 ynNew York syn eigen toskedokterspraktyk op. Dat wie oars in plak dat gjin brekme oan toskedokters hie, mar hy keas it út om't er deunby de grutteútjouwerijen wenje woe. Om 'e ferfeling fan in bestean as toskedokter te trochbrekken, begûn er jûnskoarte ferhalen te skriuwen. Sels seid er dêroer:"Reälisme is foar my krekt de dea. Ik kin net oer it libben sa't it is." Hoewol't skriuwen him fan natuere maklik ôfgie, wie de styl fan syn ierste wurk stiifkes, en syn behearsking fan 'egrammatika swak. Njonken syn wurk en syn skriuwen wied er lid fan in amateurhonkbalklub en teffens gied er gauris te kampearjen mei ien fan syn bruorren ynLackawaxen, ynPennsylvania, dêr't se de tiid trochbrochten meiangeljen yn 'e bopperin fan 'e rivier deDelaware.

Doe't er ris tekanojen wie, mette er yn1900 de doe santjinjierrige Lina Roth, wa har ropnamme oft "Dolly" wie. Dy kaam út indoktersfamylje en learde foar skoaljuffer. Nei in hertstochtlike hofmakkerij dy't geregeldwei ûntsierd waard troch rûzjes troude er yn1905 mei har. Grey hie lêst fan depressive riten, opsternatens en stimmingswikselings, en dat bleau de rest fan syn libben sa, dat hy moat net in maklikenien west hawwe om mei te libjen. Boppedat ferhipte er it om syn relaasjes mei oare froulju op te jaan. Foar harren trouwen warskôge er Dolly iepentlik:"De gewoane man is tefreden mei in ridlik ynkommen, in hûs, frou, bern en sa [...] Mar ik stean in miljoen myl fan dat soarte fan man ôf en al hoe't ik it ek besykje mocht, ik sil nea feroarje. [...] Ik sil nea it part fan my kwytreitsje dat belangstelling hat foar froulju."

It Zane Grey Museum ynLackawaxen, ynPennsylvania.

Nei harren trouwen joech Dolly, sa't doedestiden gebrûklik wie, har baan yn it ûnderwiis deroan. Se ferfearen nei in boerespultsje by Lackawaxen, deunby it plak dêr't de rivier deLackawaxen útmûnet yn 'e Delaware. Letter kamen Grey syn mem en suster dêr by harren yn te wenjen. (Dit hûs is no itZane Grey Museum en stiet ynskreaun yn it AmerikaanskeNasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.) Uteinlik joech Grey syn toskedokterspraktyk op om him foltiids oan syn skriuwwurk te wijen, wêrby't Dolly har beërf harren troch de earste, finansjeel drege jierren hinne holp.

Fan1905 oant1925 teach Grey der gauris moannen efterinoar op út om te angeljen, te skriuwen en tiid troch te bringen mei syn mêtresses, wylst Dolly as syn manager en agint fungearre en harren trije bern grutbrocht. Hja wist fan syn ûntrou, mar liket it beskôge te hawwen as in oanberne beheining fan sines ynstee fan in frije kar. Harren hiele libben tegearre hechte Grey grutte wearde oan har beävensearjen fan syn karriêre en gesin, en oan har solide emosjonele stipe. Se wie tige ûnderlein yn it redigearjen fan syn boeken en ferhalen, mar hie ek grut talint op it saaklike flak, en se hannele alle kontakten meiútjouwers, aginten en letterfilmstudio's ôf. Al Grey syn ynkommen dielde er midstwa mei har, wêrby't sy harren gesin ûnderhold út har part. Ut Grey syn omfangrike briefkerij mei Dolly docht bliken dat er nea ophold fan har te hâlden, nettsjinsteande al syn ûntrou en persoanlike emosjonele ûnstjoer.

Mei help fan Dolly as testlêzeresse enredaktrise krige Grey syn skriuwwurk stadichoan in bettere styl. Syn earste publisearre wurk wieA Day on the Delaware, in ferslach fan in angelekspedysje fan him en syn broer oan 'e Delaware, dat yn1902 yn ittydskriftRecreation ferskynde. Grey lies de earste gruttewesternroman,The Virginian, fanOwen Wister, en bestudearre yngeand de opbou en styl. Dêrnei besleat er him yn1903 sels oan inroman te weagjen. Dat waard lykwols gjin western, mar inhistoaryske roman,Betty Zane, oer ien fan syn eigen foarâlden út 'e tiid fan 'eAmerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. It boek waard ôfwiisd troch ferskate útjouwers, wat Grey fuortsinke liet yn swarte wanhope. Mei jild fan syn frou of mooglik fan Reba Smith, de rike freondinne fan syn broer R.C., joech er it doe yn eigen behear út. MeiSpirit of the Border (1906), it ferfolch opBetty Zane, enThe Last Trail (1908), it trêde boek fan 'e trilogy, hied er likemin folle súkses.

Nei't er yn1907 in lêzing yn New York besocht hie fanCharles Jesse "Buffalo" Jones, dy't as jager en gids yn itWylde Westen namme makke hie, regele Grey dat er mei koe oppoemajacht yn 'eGrand Canyon. Hy naam infototastel mei om syn aventoeren te dokumintearjen (en bewize te kinnen), en begûn ek mei de gewoante om wiidweidige oantekenings fan it hiele barren te meitsjen, net inkeld fan it lânskip en de aktiviteiten, mar ek fan 'e petearen. Syn earste beide jachtreizen wiene dreech, mar hy stiek witwat op fan syn selskipslju. It joech him it selsfertrouwen om op oertsjûgjende wize oer it Wylde Westen te skriuwen, mei't er it woeste lânskip, de personaazjes, ferriedlikerivierfurden, gefaarlike wylde bisten, stjerrende kjeld, tesinzgjende hjittens, alderferskuorrendste toarst, ûndrinkber wetter, opljeppende timperaminten en heldhaftige gearwurking allegear sels meimakke hie.

It hûs fan Zane Grey ynAltadena, ynKalifornje.

Doe't er yn1908 weromkearde, sette er de aventoeren fan Buffalo Jones om yn it boekThe Last of the Plainsmen, mar op 'e nij waard syn skriuwwurk ôfwiisd troch de útjouwers, hoewol't it letter asfúljeton ferskynde yn ittydskriftOuting. Neitiid skreau Grey earst inkeld noch mar krante-artikels en guonberneboeken, mar mei syn earste bern op komst fielde er him ferplichte om it op 'e nij mei in roman te besykjen. Dat waard syn earstewestern,The Heritage of the Desert, dy't er yn1910 yn fjouwer moannen op papier krige. It sloech daliks oan by it Amerikaanske publyk en waard inbestseller: Grey hie syn sjenre fûn. Hy gie troch mei te skriuwen oermanifest destiny en de ferovering fan it Wylde Westen. Yn1912 publisearre er syn bekendste boek,Riders of the Purple Sage, dat ien fan 'e bêstferkeapjende westerns aller tiden waard en fiif kear ferfilme wurde soe.Ripley Hitchcock, syn redakteur by útjouwerijHarper & Brothers, wiisde it manuskript ôf, mar doe't Grey dermei nei Hitchcock syn baas gie, waard de man weromfluite. Yn1913 kaam in oar ferneamd boek fan Grey út:Desert Gold, dat letter trije kear ferfilme wurde soe. Tsjin1915 hie Grey syn namme fêstige as westernskriuwer.

Yn1918 ferhuzen de Grey's neiKalifornje, dêr't se har yn1920 nei wenjen setten ynAltadena, doe in lanlik doarpke yn 'e heuvels fan súdlik Kalifornje, no in middelgrutte foarstêd fanLos Angeles. Behalven mei syn gesin brocht Grey dêr ek fral tiid troch mei syn mêtresse Brenda Montenegro. Boppedat hied er tsjin dy tiid it jild en sadwaande ek de tiid om him oer te jaan oan syn earste passy: angeljen. Fan1918 oant1932 droech er geregeldwei by oan 'e ynhâld fan it angelderstydskriftOutdoor Life. Dêrby begûn er oseaanangeljen optonyn en oare grutte rôffisken te popularisearjen. Hy fiske in protte foar de Amerikaanske westkust, by Kalifornje, en foar de eastkust, yn súdlikFloarida. Letter reizge er in protte neiNij-Seelân,Austraalje enTahity, poer foar it fiskjen. Grey hearde ek ta de oprjochters fan 'e saneamde "Brúnfiskklub" (Porpoise Club), dy't as doel hie om it "fiskjen" opdolfinen enbrúnfisken te popularisearjen (lokkigernôch sûnder in protte súkses). Datoangeande fong er foar it earst wat yn septimber1912, doe't er foar de kust fanNij-Jersey intommeldolfyn harpoenearre.

Zane Grey by in besyk oanAustraalje, yn1939, mei inkoäla op 'e earm.

Wat better oft Grey syn boeken it diene, wat mear oft guonresinsinten, lykasHeywood Broun enBurton Rascoe, him ôfrinne lieten. Hja holden út dat syn ôfskildering fan it Wylde Westen nearne nei liek, dat it lang net sa gewelddiedich west hie en dat it op oare punten likemin striek mei de wurklikheid. Dêr hiene se fansels wol gelyk oan, mar Grey hie ek nea sein dat syn ferhalen histoarysk akkuraat wiene. Fierders fûnen de kritisy syn personaazjes ûnreälistysk en koene neffens Broun"de ynhouten fan lykfol hokker twa boeken fan Zane Grey op 'e efterkant fan in postsegel skreaun wurde." Grey biet fan him ôf yn traktaat fan 20 siden mei as titelMy Answer to the Critics, mar doe't Dolly dat lies, ûntprate se it him om it iepenbier te meitsjen.

De romanThe Vanishing American, út1925, dy't foar it earst as fúljeton ferskynde yn it tydskriftThe Ladies' Home Journal, late ta útsûnderlik grutte opskuor. Yn it boek portrettearre Grey de wrakseling fan 'eNavaho om harrenetnyske identiteit en kultuer te behâlden foar de ferdjerrende ynfloed oer fan 'e blanke oerheid en dekristlikemisjonarissen. Dat útgongspunt brocht kristlike groepearrings yn 'e Feriene Steaten ta razernij. Grey sei:"Ik haw tolve jier lang stúdzje makke fan 'e Navaho-Yndianen. Ik ken harren minne punten. Mar de misjonarissen dy't dêrhinne stjoerd wurde, binne frijwol oan 'e lêste man ta deune, gemiene, swakke, ymmorele, weardeleaze lju." Om it boek útjûn te krijen, stimde er lykwols ta yn guon opboutechnyske feroarings, salang't syn boadskip mar oerein bleau.

Oare bekende wurken fan Grey binneWanderer of the Wasteland, dat in mar kwealk bedutsenautobiografy is, en fierdersThe Code of the West, út1934, enKnights of the Range, út1939. Njonken westerns skreau er ek ferskatehonkbalromans en in grut tal angeldersferhalen. Ien fan syn bondels mei ferhalen fan dat lêste soarte,Tales of the Angler's El Dorado, New Zealand, wie ferantwurdlik foar de fêstiging fan 'eNijseelânskeEilannebaai as in earsten bestimming foar angeldersfakânsjes. Under deGrutte Depresje, yn 'e tritiger jierren, gie Grey gewoan troch mei skriuwen, mar deekonomyskeresesje hie in negative ynfloed op syn ferkeapsifers. Lokkigernôch hied er (of better sein: hie Dolly) net ynoandielen belein, dat deBeurskrach fan 1929 hied er gjin lêst fan.

Zane Grey synblokhut ynGalice, ynOregon, dêr't er him weromloek om te angeljen en te skriuwen.

Underwilens wie Grey ek belutsen rekke by defilmyndustry fanHollywood, dat net fier fan Altadena ôf lei. Dat wie al yn1916 begûn, doe't er de filmrjochten fanRiders of the Purple Sage foar $2.500 ferkocht oanWilliam Fox. Grey syn romans hiene in grutte ynfloed op 'e him noch ûntjaande filmyndustry, dy't mar wat graach de westernliteratuer ta in filmsjenre omfoarme. Nei't twa fan syn boeken net al te trou oan it oarspronklike ferhaal ferfilme wiene, rjochte Grey syn eigen filmstudio op, sadat er sels it tafersjoch hâlde koe oer takomstige ferfilmings. Nei sân films útbrocht te hawwen, ferkocht er it bedriuw oanJesse Lasky, dy't sydlings belutsen wie by de grutte studioParamount Pictures. Neitiid wie itParamount dat noch ferskate oare ferfilmings fan Grey syn boeken makke, wêrby't Grey sels yn 'e earm nommen waard as adviseur. Uteinlik soene der mear as fiifentweintich ferfilmings makke wurde fan syn wurk.

Zane Grey ferstoar op23 oktober1939 oant inhertoanfal yn syn hûs ynAltadena, yn súdlikKalifornje. Hy waard begroeven op itUnion Cemetery ynLackawaxen, ynPennsylvania.

Hy hie by syn libben in oeuvre opboud fan mear as 90 boeken, mei dêrûnder mar leafst 67 westerns (ynkl. ferhalebondels), 12angeldersboeken, 6berneboeken, 5histoaryske romans, 3aventoereboeken, 3sportboeken, 2jachtboeken en 1mainstream-roman. In oansjenlik diel dêrfan bestie útbestsellers, wat Grey ta ien fan 'e earste skriuwers fan 'e wrâld makke dy't troch harren skriuwwurk miljonêr waarden. Syn totale ferkeapsifers komme boppe de 40 miljoen út, al wie in grut part dêrfan postúm: doe't yn 'e 1940-er jierren depaperback útfûn waard, ekspodearren syn ferkeapsifers suver. Hoewol't Grey tiden hie dat der him gjin wurd út 'e pinne komme woe, en oaren dat er dei en nacht trochskreau, wied er oer it gehiel sjoen sa'n fruchtber auteur, dat syn útjouwerHarper & Brothers nei syn dea noch oant1963 (24 jier lang) elts jier in nij boek fan him útbringe koe.

Wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
romans
  • 1910 –The Heritage of the Desert
  • 1910 –The Young Forester
  • 1911 –The Young Lion Hunter
  • 1912 –Riders of the Purple Sage
  • 1912 –Ken Ward in the Jungle
  • 1913 –Desert Gold (yn 2007 werútjûn yn 'e foarm fan Grey syn oarspronklike manuskript, ûnder de titelShower of Gold)
    • Nederlânske oersetting:Woestijngoud (fert. Hans Olden, 1965)
  • 1914 –The Light of Western Stars
  • 1915 –The Lone Star Ranger
  • 1915 –The Rainbow Trail (ferfolch opRiders of the Purple Sage)
  • 1916 –The Border Legion
  • 1917 –Wildfire
  • 1918 –The UP Trail
  • 1919 –The Desert of Wheat
  • 1920 –The Man of the Forest
  • 1921 –The Mysterious Rider
  • 1921 –To the Last Man
  • 1923 –Wanderer of the Wasteland
  • 1923 –Tappan's Burro
  • 1924 –The Call of the Canyon
  • 1925 –The Thundering Herd
  • 1925 –The Vanishing American
  • 1926 –Under the Tonto Rim
  • 1927 –Forlorn River
  • 1928 –Nevada (ferfolch opForlorn River)
  • 1928 –Wild Horse Mesa
  • 1928 –Don, the Story of a Lion Dog
  • 1928 –Avalanche
  • 1929 –Fighting Caravans
  • 1929 –Stairs of Sand (ferfolch opWanderer of the Wasteland)
  • 1930 –The Wolf Tracker
  • 1930 –The Shepherd of Guadaloupe
  • 1931 –Sunset Pass
  • 1932 –Arizona Ames
  • 1932 –Robbers' Roost
  • 1933 –The Drift Fence
  • 1933 –The Hash Knife Outfit
  • 1934 –The Code of the West
    • Nederlânske oersetting:Code van het Westen (fert. Hans Olden, 1964)
  • 1935 –Thunder Mountain
  • 1935 –The Trail Driver
  • 1936 –The Lost Wagon Train
  • 1937 –West of the Pecos
  • 1938 –Raiders of Spanish Peaks
  • 1939 –Western Union
  • 1939 –Knights of the Range
    • Nederlânske oersetting:Ridders der Prairie (fert. E. ten Have, sûnder jier)
  • 1940 –Thirty Thousand on the Hoof
  • 1940 –Twin Sombreros (ferfolch opKnights of the Range)
  • 1942 –Majesty’s Rancho (ferfolch opThe Light of Western Stars)
  • 1943 –Omnibus (roman)
  • 1944 –The Wilderness Trek
  • 1946 –Shadow on the Trail
  • 1947 –Valley of Wild Horses
  • 1948 –Rogue River Feud
  • 1949 –The Deer Stalker
  • 1950 –The Maverick Queen
  • 1951 –The Dude Ranger
  • 1952 –Captives of the Desert
  • 1953 –Wyoming
  • 1954 –Lost Pueblo
  • 1955 –Black Mesa
  • 1956 –Stranger from the Tonto
  • 1957 –The Fugitive Trail
  • 1958 –Arizona Clan
  • 1959 –Horse Heaven Hill
  • 1996 –Last of the Duanes (net-oanpaste orizjinele ferzje fanThe Lone Star Ranger, út 1915)
  • 2003 –The Desert Crucible (net-oanpaste orizjinele ferzje fanThe Rainbow Trail, út 1915)
  • 2004 –Tonto Basin (net-oanpaste orizjinele ferzje fanTo the Last Man, út 1921)
  • 2007 –Shower of Gold (net-oanpaste orizjinele ferzje fanDesert Gold, út 1913)
  • 2008 –The Great Trek (net-oanpast orizjinele ferzje fanThe Wilderness Trek, út 1944)
koarte ferhalen
  • 1960 –The Ranger and Other Stories
  • 1961 –Blue Feather and Other Stories
  • 1975 –Zane Grey's Greatest Indian Stories (ynkl. de oarspronklike ein fanThe Vanishing American, út 1925)
  • 1979 –The Camp Robber and Other Stories

Mainstream-romans

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 1922 –The Day of the Beast

Histoaryske romans

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 1903 –Betty Zane
  • 1906 –Spirit of the Border (ferfolch opBetty Zane)
  • 1909 –The Last Trail (ferfolch opSpirit of the Border)
  • 1963 –Boulder Dam
  • 1994 –George Washington, Frontiersman
romans
  • 1981 –The Lord of Lackawaxen Creek
koarte ferhalen
  • 1922 –Tales of Lonely Trails
  • 1931 –Book of Camps and Trails (ûnfolsleine werútjefte fanTales of Lonely Trails)
romans
  • 1909 –The ShortStop (honkbal)
  • 1911 –The Young Pitcher (honkbal)
koarte ferhalen
  • 1920 –The Redheaded Outfield and Other Baseball Stories (honkbal)
  • 1908 –The Last of the Plainsmen
  • 1924 –Roping Lions in the Grand Canyon

Angeldersferhalen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 1919 –Tales of Fishes
  • 1924 –Tales of Southern Rivers
  • 1925 –Tales of Fishing Virgin Seas
  • 1926 –Tales of the Angler's Eldorado, New Zealand
  • 1927 –Tales of Swordfish and Tuna
  • 1928 –Tales of Fresh Water Fishing
  • 1931 –Tales of Tahitian Waters
  • 1937 –An American Angler in Australia
  • 1952 –Adventures in Fishing
  • 1974 –The Adventures of Finspot
  • 1977 –The Reef Girl
  • 1978 –Tales from a Fisherman’s Log
  • 1982 –Angler's El Dorado: Zane Grey in New Zealand (ûnfolsleine werútjefte fan 'e edysje fan 1926: de 1ste 10 haadstikken plus bykommende ynhâld)
  • 2009 –Tales of the Gladiator

Filmadaptaasjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]


Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryZane Grey fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Zane_Grey&oldid=1193712"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp