De Yukon ûntspringt yn de Tagishmar op de grins fanBritsk-Kolumbia en it territoariumYukon en streamt yn in grutte bôge trochAlaska om te mûnjen (yn in brede delta) yn deBeringsee. By it streamgebiet fan de Yukon beheare grutte sydrivieren sa as deTeslin, dePelley, deWhite, deStewart, deKlondike en deKoyukuk.
De Yukon hat in lyts debyt en in regelmjittich ferval. De seldsume streamfersnellingen binne oanlein om stroom te meitsjen. De rivier is fan Fort Selkirk ôf oant Dawson besiedde mei lytse eilannen. Yn Alaska wurdt de rivier breder. De rivier is trije moannen it jier befarber fanôfWhitehorse, de haadstêd fan Yukon (mear as 2800 kilometer).