Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Yorkshire

Ut Wikipedy
Yorkshire
Bestjoer
LânFeriene Keninkryk
RegioYorkshire en de Humber.
StatusTradisjoneel greefskip
Sifers
Ynwennertal3.978.484(1991)
Oerflak*14.850 km²(1831) *15.718 km²(1901) *11.903 km²(sûnt 1991)
Befolkingsticht.334,24 / km²
Flagge fan Yorkshire

Yorkshire is in histoaryskegreefskip fanIngelân. It kaam fuort út itDeenskeKeninkryk Jórvik, dat bestie yn 'e twadde helte fan 'e9e en de earste helte fan 'e10e iuw. Nei de ferovering fan it gebiet troch deIngelsen, yn 954, waard it in greefskip fan itKeninkryk Ingelân. Dy status behold Yorkshire oant it yn1974 opdield waard yn fjouwer ûnderskate nije greefskippen. Der wenje sa'n 5 miljoen minsken yn it greefskip dat nei oerflak fierwei it grutste fan Ingelân wie. It grutste part fan it oarspronklike Yorkshire falt ûnder it hjoeddeistige greefskipNoard-Yorkshire en leit binnen de grinzen fan 'eIngelsk regioYorkshire en de Humber.

Bestjoerlike ienheden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Deridings:
1 = Noard, 2 = West, 3 = East; dêr't de grinslinen byelkoar komme leit de stêd Jork.

Yorkshire is ien fan de tradisjonelegreefskippen fan Ingelân. It wie it grutste fan dy grêfskippen en wie, mei dêrom, opdield in fjouwer parten fan leger bewâld: De stêd Jork sels en de trimdels, deridings.

Yn1974 waard it lokale oerheidssysteem wizige en waard Yorkshire opdield:

  • Noard-Yorkshire, it Noard-Trimdel en lytse stikjes fan de oare trimdels, mei Yorkshire'shaadstêdYork, alhoewol'tNorthallerton de haadstêd fan Noard Yorkshire is; yn 1996 is Jork selsstannich wurde.
  • Súd-Yorkshire, fral foarme fan it suden fan it West-Trimdel; 1986 is de greefskiprie ôfskaft, dat praktysk sjûn binne de distrikten no selsstannige autoriteiten.
  • West-Yorkshire, wat der oer wie fan it West-Trimdel nei't der ferskate parten fanôfhelle wienen; 1986 is de greefskiprie ôfskaft, dat praktysk sjûn binne de distrikten no selsstannige autoriteiten.
  • Humberside, ôfskieden fan fral it East-Trimdel, en gearfoege mei parten fanLincolnshire oan de Humber; is yn1996 ferparte ynunitary authorities, dêr't it part fan de Yorkshire by opdield waar ynKingston upon Hull en in nij East-Trimdel.
  • Cleveland, ôfskieden fan it Noard-Trimdel; is yn 1996 ferparte ynunitary authorities
  • Lancashire krige in part fan it West-Trimdel derby.
  • Durham,Grut Manchester enKumbria krigen elts ien distrikt fan Yorkshire derby.

Yn1996 waard Humberside opheft en gearfoege mei in pear lytsere gebieten om it nije greefskip deEast Riding of Yorkshire te foarmjen.

De Yorkshire Ridings Society lêst alle jierren opYorkshire-dei de ferklearing foar dat Yorkshire ûnferoarlik de kombenaasje is fan de trije trimdels en de stêd.

Stêden en plakken yn Yorkshire

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
York Minster
De kliffen fan Flamborough Head

Nasjonale parken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ferneamde persoanen út Yorkshire

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryYorkshire fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Yorkshire&oldid=1021863"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp