Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Yola

Ut Wikipedy
Yola
algemien
oare namme(n)dialekt fan Forth en Bargy
lânseigen ynIerlân
tal sprekkers(† ±1850)
skriftLatynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  ●Germaansk
    ●Westgermaansk
      ●Noardwestgermaansk
        ●Angelsaksysk
          ●Yola
taalkoades
ISO 639-3yol

ItYola is inútstoarne taal dy't foarhinne yn súdeastlikIerlân sprutsen waard, en dy't nei alle gedachten ta deNoardwestgermaanske groep fan 'eWestgermaanske talen hearde. Mei itIngelsk, itSkotsk en it krektlyk útstoarneFingaalsk foarmet it deAngelsaksyske taalgroep. De namme "Yola" is ôfkomstich fan it Yola-wurd foar "âld",yoal, dat blykber faak brûkt waard om 'e taal te beskriuwen (yn 'e sin fan "de âlde taal").

Taalgebiet

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Yola waard sprutsen yn 'e uterste súdeastpunt fan iteilânIerlân, yn 'e baronyenForth enBargy, dy't ûnderdiel útmeitsje fan it greefskipWexford. Dêrfandinne dat dizzetaal ek wol it "dialekt fan Forth en Bargy" neamd wurdt.

County Wexford, yn 'e súdeastlike hoeke fanIerlân, mei dêrbinnen oanjûn de baronyen Forth en Bargy.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Yola en de Aldingelsen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op útnûging fanDermot MacMurrough, de Ierske kening fanLeinster, stieken yn1169 deNormandyskeealljuRichard de Clare, 2e greve fan Pembroke, byneamd Sterkbôge, enRobert FitzStephen útWales wei oer nei Ierlân. Dêr troude de greve fan Pembroke mei de dochter fan 'e kening fan Leinster en sadwaande setten hy en syn folgelingen harren yn Ierlân nei wenjen. It Yola ûntstie út itMidingelsk dat troch Pembroke-en-dy sprutsen waard, en ûntwikkele him troch syn isolemint tusken1169 en1600 ta in ôfsûnderlike taal, dy't foar lju útIngelân net mear te folgjen wie.

Troch ferminging mei de Ierske befolking ûntjoegen de neikommelingen fan Pembroke-en-dy har letter ta de saneamde Aldingelsen, sa neamd om harren te ûnderskieden fan 'e twadde weach fan Ingelske (enSkotske)ymmigranten yn Ierlân, dêr't deNoardierskeprotestanten fan ôfstamje. De Aldingelsen namen de gewoanten fan 'e Ieren oer oant se, ta ôfwearze fan harren Ingelske tiidgenoaten, 'Iersker as de Ieren' wurden wiene. Withoefolle Ingelske keningen efterinoar besochten út alle macht dy stân fan saken werom te draaien, mar dat slagge harren net. Ek inwetlik ferbod tsjin it oernimmen troch de Aldingelsen fan 'e Ierskeklaaiïng,hierdracht, brûkmen entaal, troch it Ierske parlemint, yn1366, feroare dêr neat oan. De Aldingelskeadel fersprate him meitiid oer hast hiele Ierlân, mar de gewoane Aldingelsen bleaune altyd benammentlik konsintrearre yn 'e baronyen Forth en Bargy, yn it uterste súdeasten fan Ierlân. Hoewol't de measte Aldingelsen al foar1600 itIersk oernamen, bestie dêr oant yn 'enjoggentjinde iuw in minderheid dy't Yola spriek.

Sadwaande is it Yola oerlevere út 'e njoggentjinde iuw yn in stikmannichfolkssankjes en in wurdlist fan 1700 wurden, it saneamdePoole's Glossarium. Dat is neamd nei de opsteller, Jacob Poole fanGrowtown, ingrutboer enquaker, dy't der tusken1800 en syn ferstjerren yn1827 aardichheid oan hie om it taaleigen fan it Yola op te tekenjen op grûn fan petearen mei syn pachters en arbeiders. De iennichste gearhingjendeproazatekst dy't yn it Yola oerlevere is, wie in koarte lokwinsk oan it adres fanConstantine Phipps, 1e markys fan Normanby, de gûverneur fan Ierlân, ta gelegenheid fan dy syn besyk oan Wexford yn1836. Dizze tekst waard letter, op15 febrewaris1860, by wize fan taalkundige nuveraardichheid, ôfprinte yn 'ekrante deWexford Independent. (Dizze tekst ishjir te finen, ûnder de titelAddress to Lord Lieutenant in 1836.)

De Wytsingteory

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Der bestiet noch in oare, sij it tige kontroversjele teory oer it ûntstean fan it Yola. Yn it grutste part fan 'etsiende en de earste helte fan 'ealfde iuw waard eastlik Ierlân fierhinne oerhearske troch deWytsingen. Sterker noch, de havenstêdWexford waard stifte troch de Wytsingen en hiet oarspronklik Væsfjord. It soe dêrom ek wêze kinne dat it Yola ôfstamme fan it troch de Wytsing-kolonisten sprutsenAldnoarsk, en him letter, ûnder ynfloed fan itIngelsk, ûntjoech ta in taal mei mearWestgermaanske asNoardgermaanske skaaimerken. Yn dat ferbân is it ynteressant dat der yn it noarden fan it greefskipDublin, dat lange tiid in Wytsing-keninkrykje foarme, iuwenlang in lyksoartige taal sprutsen waard, itFingaalsk.

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Klanklear en wurdskat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

In wichtich ferskil tusken it Yola en it Ingelsk wie dat de measte stimleazewriuwklanken yn it Yola stimhawwend wurden wiene (dus: f > v; s > z;stimleaze th >stimhawwende th). Boppedat wiene defokaalwearden fan itMidingelsk yn it Yola beholden bleaun en hie deGrutte Lûdsferskowing (Great Vowel Shift), intaalkundich ferskynsel dat deklanklear fan it Ingelsk tige by tige beynfloede hat, yn it Yola net plakfûn. Om in foarbyld te jaan, de 'a' hie yn it Yola noch de wearde [a], krekt as yn itFrysk, wylst dy letter yn itNijingelsk ornaris de klank [e] werjout.

Fierders hie it Yola troch de iuwen hinne in grut part fan synwurdskat oernommen út itKeltyskeIersk. In oar apart skaaimerk fan it Yola wie dat dewurdklam yn 'e regel op it twaddewurdlid lei, lykas ynhatcheat ("bile", Ingelsk:hatchet);dineare ("iten"; Ing.:dinner);readeare ("lêzer"; Ing.:reader); enweddeen ("brulloft"; Ing.:wedding). Dit ferskynsel is nei alle gedachten ta te skriuwen oan 'e ynfloed fan it (Normandysk)Frânsk, dêr't de klam ek altyd op it lêste wurdlid leit.

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel detelwurden fan "ien" oant en mei "tsien" yn it Yola en ferskate besibbe talen: itIngelsk, itSkotsk en itFrysk.

taal12345678910
Ingelskonetwothreefourfivesixseveneightnineten
Skotskane
yae
twathriefowerfivesax
sex
seivenaicht
aucht
nyne
neen
ten
Yola †oanetwyedhreevowérveevezeesezebbemayghtneenedhen
Fryskientwatrijefjouwerfiifseissânachtnjoggentsien

Beynfloeding troch oare talen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it Yola wiene behalven fan itIersk ek ynfloeden werom te finen fan itFrânsk, itFlaamsk, itDeensk en itWelsk, talen dy't troch guon fan 'e oarspronklike ymmigranten yn Forth en Bargy sprutsen wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes enReferences, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Yola&oldid=1131201"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp