DeYnkwisysje (fan itLatyninquisitio = 'ûndersyk'), folút:Inquisitio haereticae pravitatis ('ûndersyk nei it ferdjer fan de ketterij') wie in soartemintrjochtbank fan deRoomsk-Katolike Tsjerke, belêst mei de opspoaring, it ûndersyk en it straffen fanketters, dat wol sizze minsken dy't earder oare opfettings hienen oer itleauwen yn Kristus, en de offisjele lear fan de Tsjerke ôfwize.
De Ynkwisysje wie in tige krêftich ynstrumint, dat fuortendaliks ûnder it gesach stie fan depaus. Sels debiskoppen hienen gjin sizzenskip oer de ienfâldige muontsen dy't de ynkwisiteurs eins wienen, omdat ynkwisiteurs ek it dwaan en litten fan biskoppen ûndersykje mochten. Boppedat hie de paus bepale dat alle dieden tsjin de Inkwisysje, ek rjochterlike prosedueres, bestrafe soenen wurde meiekskommunikaasje. Dêrtroch stie de ynkwisysje ek boppe alle wrâldske gesach en wie tige machtich.
Dochs wie de ynkwisysje op bepaalde hichte ôfhinklik fan de wrâldske macht, omdat sy sels net straffe koenen. Hja hienen allinnich it foech om te ûndersykjen. Sa gau as deketters feroardiele wienen, wie de wrâldske autoriteit nedich om de straf út te fieren.
De earste oanset waard jûn yn1157 op itKonsily fan Reims, dêr't foar it earst troch de Tsjerke praten waard oer metoadyske bestriding fan ketterijen. Yn 1184 folge it dekreet fanFerona, dêr't Lusius III yn oerlis mei keizerFrederik II de wrâldske macht oprôp yn te gripen tsjin de doedestiids wiidfersprate "ketterijen" yn Jeropa.
Yn1211 rôpSimon fan Montfort, de lieder fan de krústocht tsjin de Kataren ynPamiers in ‘parlemint’ gear. Hjir waarden rigels betocht dy't letter brûkt wurde soenen en waard de gearwurking tusken tsjerke en steat fêstlein. Sûnt dy tiid koe de ynkwisysje stadichoan begjinne mei in systematyske ferfolging fan Kataren en oarstinkenden.
Lykas as oerienkomd wie hie de ynkwisysje net it foech om straffen út te fieren. Doe't letter de wrâldske macht net langer meiwurkje woe oan de útfiering fan de straf, lykas úteinlik opnommen waard yn de grûnwet, nammentlik troch de skieding fan tsjerke en steat, waard tsjerklike ynkwisysje eins machteleas. Sûnt dy tiid beheint de macht fan de ynkwisysje har inkeld ta de eigen rigen binnen de tsjerke.