Yn it donkerblauwe gebiet is it Wytrussysk de haadtaal
Wytrussysk ofBelarussysk (беларуская мова,belaruskaja mova) is intaal dy't ta deSlavyske talen rekkene wurdt. Wytrussysk wurdt bûtenWyt-Ruslân ek troch Wytrussyske minderheden yn dielen fanOekraïne enRuslân sprutsen plus yn it easten fanPoalen en it súdeasten fanLitouwen.
It Wytrussysk wurdt skreaun yn itSyrillysk alfabet, soms ek yn itLatynsk alfabet,Łacinka neamd. Dat lêste ûntwikkele him yn de 18e iuw ûnder ynfloed fan itkatolisisme en de Poalske beynfloeding fan it westen fan it lân, dat oant dePoalske dielingen diel útmakke fan deRzeczpospolita. By transkripsje (oersetting nei oare alfabetten/talen) komme meardere ferskillen oan it ljocht, benammen yn de transkripsje fan eigennammen. It Wytrussysk is inEastslavyske taal en fertoant dêrtroch de sterkste sibskip mei itOekraynsk en itRussysk. Ek hat it Wytrussysk sterke ynfloeden ûndergien fanút itPoalsk. Taalkundich sjoen nimt it Wytrussysk in tuskenposysje tusken it Poalsk en it Russysk yn en is mei beide talen ûnderling fersteanber (sprekkers fan it Poalsk en Russysk sels kinne elkoar net ferstean). Dat is foar Poalske en Russyske nasjonalisten de oanlieding om it Wytrussysk as indialekt fan it Poalsk respektivelik it Russysk te beskôgjen.