Wyt-Ruslân ofBelarus is in lân ynEast-Jeropa. De haadstêd isMinsk en de presidint fan de republyk is sûnt1994Aleksandr Lûkasjenko. Sûnt Lûkasjenko yn july 1994 presidint waard, is Wyt-Ruslân hieltyd mear in diktatoriale steat wurden. Wyt-Ruslân wurdt ek wol de lêste diktatuer fan Jeropa neamd. It regear beheint de frijheid fan mieningsutering, parsefrijheid, en de frijheid fanreligy.
Wyt-Ruslân is in oerwegend flak lân en ûnderdiel fan it East-Jeropeeske Leechlân. It lânskip waard yn deiistiid foarme en karakterisearre troch talrike rivieren, kanalen, marren en wiidweidige foar in part sompige bosken.
Yn it suden lizze dePripjatsompen, ien fan Jeropa's grutste Fean- en Sompegebieten. De toeristyske trekpleisters fan it lân binne, útsein de haadstêd Minsk, fral de protte oer it hiele lân fersprate marren.
Wyt-Ruslân hat in oerflak fan 207.600 km². It leechste punt leit by rivier deMemel, 90 meter boppe seenivo. It heechste punt leit by de Dzyarzhynskaya Hara, 346 meter boppe seenivo.
Nei sân desennia as republyk fan deSowjetuny wurdt Wyt-Ruslân ûnôfhinklik yn1991. Nei de ûnôfhinklikens holdt it syn politike en ekonomyske bining meiRuslân, mear noch as mei oare eardere Sowjet steaten. Wyt-Ruslân en Ruslân tekenen op 8 desimber 1999 in ferdrach mei as doel mear politike en ekonomyske yntegraasje. Hoewol't Wyt-Ruslân in ramtferdrach ratifisearre hat mei as doel it útfieren fan it akkoard, hat ymplemintaasje nea plakfûn.
It ynwennertal wurdt yn 2018 op 9.492.000 rûsd[1]. De etnyske gearstalling yn 2009 wie as folget: 83,7% Wyt-Russen, 8,3% Russen, 3,1% Poalen, 1,7% Oekraïniërs en 3,2% hie in oare etnyske komôf. 48,3% fan alle ynwenners hat itEastersk-Ortodokse leauwen, de oare 10,6% binne Protestânsk, Roomsk, Joadsk of Moslim (2011)[2]. De twa grutste talen binne Wyt-Russysk en Russysk.