Wynjewâld | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.130(1 jannewaris2023)[1] | |
Oerflak | 28,64 km², wêrfan: - lân: 28,28 km² - wetter: 0,36 km² | |
Befolkingsticht. | 73 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 3' NB, 6° 12' EL | |
Offisjele webside | ||
wijnjewoude.net | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
![]() | ||
Himrik fan Wynjewâld (grien) yn de gemeente Opsterlân |
Wynjewâld is in doarp by deN381 east fanBeetstersweach yn de gemeenteOpsterlân. Under Wynjewâld falle ek de buorskippenLyts Grins,Petersburch (foar in part), Stripe enWeinterpfallaat.
Wynjewâld hat 2.130(1 jannewaris2023)[2] ynwenners.
It hjoeddeiske lânskip om Wynjewâld hinne ûnstie yn 'e lêsteiistiid fan 10.000 jier foar Kristus. De delling fan itAlddjip ûnstie bygelyks troch't it fan it iis útslipe gebiet feroare yn in rivier fan raand iis, datliem ôfsette en yn Wynjewâld op guon plakken ticht oan it oerflak komt. Ut dy tiid datearje ek dedobben om Wynjewâld hinne, dy't ûnstiene troch beferzen wetter yn 'e boaiem, dy't de grûn omheech treau en sa heuvels foarme. De grûn boppe de iisheuvels skode letter fan it iis ôf en sa untstie om it iis hinne in wâl en nei't it iis raande in dobbe. Op deDuerswâldmerheide en de oan Mounleane lizze noch in pear fan sokke dobben.
Bysûnder wie de fynst by Wynjewâld fan infûstbile troch de amateurargeoloochHein van der Vliet yn augustus 1939. Mei dy fûstbile fan 60.000 oant 150.000 jier âld koe oantsjut wurde dat Noard-Nederlân al foar de lêste iistiid bewenne wie, mooglik trochNeandertalers of in noch âlder type minske..[3][4][5][6] De fûstbile is yn it streekmuseum op 'e Gordyk te besjen.
Ek is der ark fûn oan de iggen fan it Alddjip en op de Duerswâldmerheide fan minsken út de rindierkultuer, dy't likernôch 15.000 jier tebek yn 'e krite omswalken en mooglik harren kampen hiene op de hege sânrêchen om dêr te jeien en te fiskjen. It lânskip seach der doe út lykas hjoed-de-dei de Noard-Europeesketoendra's.
Der earste spoaren fan fêste bewenning datearje út de tiid fan deTrachterbekerkultuer (± 5.000 jier tebek). By de Poasten wie in grêfheuvel, dy't lykwols ôfgroeven waard. Oare fynsten fan dy kultuer wurden yn itFrysk Museum bewarre.
Wynjewâld wie yn de 14e iuw in oer twa doarpen ferdielde boeremienskip op in sânrêch súd fan it Alddjip. Yn it noard en easten leine grutte stikken heide en yn it suden gefaarlik heechfean. De boeren libben fan ikkerbou. Yn1315 waardWeningawalda neamd, wêrmei't it west lizzendeWeinterp ornearre waard. Detsjerke fan it eastlik lizzendeDuerswâld is lykwols âlder en stamt út1250. It is de âldste tsjerke fanUpsateraland (Opsterlân → 'dêr wêr't heech wenne wurdt').
Yn de18e iuw kochten de saneamde kompanjons heechfean yn it doarp oan om it oan te meitsjen enturf te winnen. DeOpsterlânske Kompanjonsfeart waard foar de ôfwettering fan it fean en it ferfier fan 'e turf fanútDe Gordyk groeven en yn1767 wie de feart oan Weinterp ta, dy't dêrnei fierder groeven waard neiEaststellingwerf. Foar de feanterij en it oanmeitsjen fan lân wiene arbeiders nedich en oan de feart waard doe de bebouwing tichter en dêr ûntstie lintbebouwing. Yn 1777 waard de tsjerke fan Weinterp stien foar stien ôfbrutsen en op it hjoeddeiske plak werboud. Foar dy tiid stie de tsjerke op it plak dêr't no itWeinterper Skar leit.
Weinterp en Duerswâld krigen yn 1903 in mienskiplike molkfabryk by it buorskipLyts Grins oan de Kompanjonsfeart. Nei de fúzje mei it molkfabryk fanEasterwâlde waard it fabryk "De Vooruitgang" sletten en ôfbrutsen.[7]
De útfiering fan itruilferkavelingsplan It Keningsdjip feroare yn de jierren 1960 it lânskip om Wynjewâld hinne troch skaalfergrutting: sânreden ferdwûnen, it Alddjip waard kanalisearre en de âlde wetterkes feroaren mei't it lân op 'e nij ferdield waard. Yn in heale iuw tiid feroare in agraryske mienskip yn in mienskip fan minsken dy't fral bûten it doarp yn plakken asDrachten, De Gordyk en Easterwâlde wurkje.
Mei't de befolking fierder groeide waarden der sûnt de jierren 1960 súd fan de Merkebuorren in soad nije hûzen boud. Yn 1973 ûntstie net sûnder slach en fûle striid Wynjewâld troch it gearfoegjen fan de eardere doarpenWeinterp enDuerswâld. De offisjele skieding tusken Weinterp en Duerswâld lei op de Loksleane.
Mei help fan in soad frijwilligers koe yn maaie 2000 it nije multifunksjonele sintrumDe Swingel iepene wurde. Njonken it doarpshûs krigen in sportseal, in pjutteboartersplak en ferskillende oare foarsjennings dêr ûnderdak. It doarp hat inPleatslik Belang en dedoarpskrante hjitDe Bân.
De Grifformeard-frijmakke Maranathatsjerke waard yn 2010 sletten fanwegen it tebekrinnende tal leden. De measte leden tsjerkje hjoeddedei ynFryske Peallen.[8]
Yn 2021 waard de iepenbiere basisskoalle It Twaspan sletten. De bern fan dy skoalle gyngen oer nei de kristlike basisskoalle Votum Nostrum. De fúzjeskoalle krige yn it ramt dêrfan de nije namme De Sinnewizer.[9]
It doarp hat in soad buertferienings en in ryk ferieningslibben.
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dehiemside fan it doarp)
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 |
---|---|---|---|---|---|
Ynwenners Weinterp | 1365 | 1372 | 1305 | 1282 | 1320 |
Ynwenners Duerswâld | 625 | 528 | 514 | 445 | 434 |
Jier | 2005 | 2015 | 2020 | ||
Ynwenners Wynjewâld | 1993 | 2049 | 2035 |
De busline troch Wynjewâld wurdt fersoarge trochQbuzz. De folgjende line rydt troch Wynjewâld:
Oer destrjitten fan Wynjewâld
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
![]() | Opsterlân | ![]() |
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean •Beetstersweach •Fryske Peallen •De Gordyk •De Himrik •Jonkerslân •Langsweagen •Lippenhuzen •Lúkswâld •Nij Beets •Oerterp •Olterterp •Sigerswâld •Terwispel •De Tynje •Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets •Allardseach(foar in part) •It Foarwurk •Foksebuorren •De Hanebuert •Hanebuorren •Heidehuzen •Himrikerferlaat •Koartsweagen •Lyts Grins •Moskou(foar in part) •Nije Feart •Oerterp oan de Feart •Petersburch •Selmien •Sparjeburd •De Ulesprong •Weinterpferlaat •De Wyngaarden | ||
![]() ![]() ![]() |