Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Woolwich

Ut Wikipedy
Woolwich
It stedhûs út de tiid dat Woolwich in selsstannige stêd wie
It stedhûs út de tiid dat Woolwich in selsstannige stêd wie
Bestjoer
LânFeriene Keninkryk
DistriktGreenwich
RegioGrut-Londen
Oar
TiidsôneGMT (UTC+0)
Simmertiid(UTC+1)


Woolwich is in wyk yn itLondenskebestjoerlike kriteGreenwich, yn de regioGrut-Londen.It leit foar it grutste part súdlik fan deTeems, mar in lyts stik leit benoarden de rivier. Beide dielen binne mei-elkoar ferbûn troch in feartsjinst en in fuotgongerstunnel.

DeThames Barrier leit yn Woolwich.

Ut de skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it generaal wurdt op it heden oannaam dat de nammeWoolwich fan deAngelsaksyske namme foar "hannelsplak foar wol" ôflaat is. It plak fan Woolwich wurdt al bewenne sûnt deIzertiid en der binne oerbliuwsels fan in Romeinsk ford op it plak fan it Riverside park fan no fûn.

Woolwich wie in lyts doarp ynKent oant it in wichtich militêr en yndustryplak waard. It plak hie deWoolwich Dockyard (stichte 1512), it Keninklik Arsenaal (Royal Arsenal) (1471), deRoyal Military Academy (1741) en deRoyal Horse Artillery (1793). Ek no hat de stêd noch in legerbasis en it Keninklik Artillery Museum,Firepower. It tichteby lizzendGreenwich Heritage Centre hat eksposysjes oer it Royal Arsenal.

F.C. Arsenal waard 1886 oprjochte yn Woolwich troch arbeiders fan it – de club hjitte yn it earstoanDial Square, dêrneiRoyal Arsenal en waard yn 1891Woolwich Arsenal. De club ferhuze yn 1913 nei Stadion Arsenal,Highbury yn noard-Londen en liet doe Woolwich út de namme wei.

Yn 1889 waard Woolwich in diel fan Londen, doe't deLondon County Council foarme waard. Woolwich,Eltham enPlumstead waarden yn 1900 deMetropolitan Borough of Woolwich oant april 1965 deBorough of Greenwich foarme waard (fanwege deLondon Government Act 1963) en dêrneiRoyal Borough waard yn it jubleumjier fan Keninginne Elsabeth, 2012.

De oarspronklike poarte fan itWoolwich Royal Arsenal. (2007)

Woolwich wie it plak dêr't 5 July 1952 de lêstetram fan Londen har reis út einsette.

Woolwich is ek it plak yn it FK dêr'tMcDonald's (de 3000e yn de wrâld) har earste Britske festiging iepene op 13 novimber 1974. Woolwich waard keazen omdat it beskôge waard as in represintative Ingelske stêd yn dy tiid.[1]

Woolwich hie eartiidsk fjouwer bioskopen. Ien dêrfan, de eardereGranada cinema (dêr'tBuddy Holly yn 1958 en letter ekRoy Orbison enThe Beatles yn 1963 optreden, is no inbingo hall.

Woolwich wie de lokaasje foar de filmChildren of Men út 2006.

Ferneamde lju út Woolwich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De fuotgongerstunnel fan Woolwich ûnder de Teems troch

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterview mei McDonalds UK CEO yn deEvening Standard, 16 desimber 1991 sjoen 23 april 2007
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Woolwich&oldid=1163365"
Kategory:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp