Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Wookiees

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanWookiee)
In Wookiee.

Wookiees (inkeltal:Wookiee,útspr.: [ˈwukiː]; likernôch: "-kii"mei de w fan "skowe") binne infiktyf ras fanhumanoïdebûtenierdske wêzens út 'eStar Wars-franchise. Se binne ôfkomstich fan 'eplaneetKashyyyk (útspr.: [kɑˈʃiːk], likernôch: "ka-sjiik"), dy't intropyskklimaat hat en foar it meastepart begroeid is meiwâlden. Se sprekke ferskatetalen, wêrfan't Shyriiwook it meast brûkt wurdt.Minderheidstalen binne û.m. Thykarann en Xaczik. Wookiees fersteane wol Basaalsk, delingua franca fan itStjerrestelsel, mar harrenstimbannen hawwe net de juste foarm om dy taalsprekke te kinnen. Wookiees steane oer it algemienwantrouwich foar leden fan oare rassen oer, en dêr hawwe se goede redens foar, mei't se gauris itslachtoffer west hawwe fanslavehellers. As harfertrouwen ienris wûn is, binne se lykwols tige tawijdefreonen.

Wookiees ûnderskiede har troch in reuseftichlichemsstal, mei in trochsneed lingte fan 2.20 m. Boppedat binne se oer it hiele lichem begroeid mei inpels fanlang hier, dat ornarisbrún fankleur is, mar ekwyt ofswart wêze kin. Mei't se hielendal oerdutsen binne troch har pels, drage Wookiees gjinklean. Oft se no yn 'ewoastyn fanTatooine ferkeare, of yn ittuskenbeiden reinwâld op 'eboskmoanneEndor, of op 'esnieflakten fan 'eiisplaneetHoth, Wookiees wurde oeral tsjinhjittens enkjeld beskerme troch harren pels. Hoewol't der gjin boarnen binne dy't befêstigje datGeorge Lucas, de betinker fanStar Wars, harren dêrop basearre hat, lykje de Wookiees fan uterlik tige op hoe't desasquatch út 'eAmerikaanskefolkloare faak foarsteld wurdt.

Dekrêft fan Wookiees is suver sprekwurdlik. De bekendste Wookiee isChewbacca, defreon enko-piloat fanHan Solo yn itromteskip deMillennium Falcon. Han seit op in stuit yn 'efilmStar Wars: Episode IV – A New Hope (1977) dat in Wookiee inminske samar deearms fan itliif skuorre kin as erlulk wurdt. Der is gjin ras fan bûtenierdske wêzens yn 'eStar Wars-kanon dy't de Wookiees belykje kin wat poere lichemskrêft oangiet. Wookiees hawwe ek skerpesintugen; benammen harrenrooksin is sterk ûntwikkele. Teffens hawwe se in hiel goedehân-eachkoördinaasje en binne se dêrom trochinoar treflikeskerpskutters. Itwapen dêr't Wookiees oer it algemien de foarkar oan jouwe, is de 'bôgesmiter' (Ingelsk:bowcaster), in foarm fan 'ekrúsbôge, dêr'tpylken mei ôfsketten wurde.

Wookiees hawwe in folle langerelibbensspanne as minsken. As se net trochgeweld ofûngemak oan har ein komme, kinne se ferskateiuwen libje. Chewbacca, bygelyks, is yn 'e oarspronklikeStar Wars-trilogy likernôch twahûndert jier âld, mar hy is noch altyd op it hichtepunt fan syn kinnen. Hy is ek te sjen yn 'e filmStar Wars: Episode III – Revenge of the Sith fan 'eStar Wars-prequeltrilogy, dy't tweintich jier foarôfgeande oan 'e oarspronklike filmtrilogy spilet, en teffens yn 'e films fan 'eStar Wars-ferfolchtrilogy, dy't tritich jier letter spylje. Oer dy perioade fan fyftich jier binne der frijwol gjin waarnimbere tekens fanferâldering by him te bespeuren.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryWookiees fanWikimedia Commons.
bûtenierdsk libben útStar Wars
rassen fan yntelligintebûtenierdske wêzens
Aki-Aki •Cereänen •Chagrianen •Dugs •Ewoks •Geonosianen •Gorax •Gunganen •Hutts •Iktotchi •Jawa's •Kaleesh •Kaminoänen •Kel Dor •Lanniks •Mandalorianen •Mirialanen •Mon Calamari •Nautolanen •Neimoïden •Palliduvanen •Pau'anen •Quermianen •Thisspiasanen •Tholothianen •Togruta •Toydarianen •Tusken-kapers •Twi'leks •Ugnaughts •Utai •Wisties •Wookiees •Zabraks
bûtenierdskefloara enfauna
bantha •fathier •orbak •porg •rancor •sarlacc •tauntaun •vulptex •wampa
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Wookiees&oldid=1090358"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp