Dizze side giet oerit hûneftige bist. Foar oare betsjuttings, sjoch:Wolf (betsjuttingsside).
Dewolf (wittenskiplike namme:Canis lupus), ek wolgrize wolf ofgewoane wolf neamd ta ûnderskie fan oaresoartenhûneftigen dy't 'wolf' hjitte, is insûchdier út itskift fan 'erôfdieren (Carnivora), defamylje fan 'ehûneftigen (Canidae) en itskaai fan 'ehûnen (Canis). Inwyfke wurdt inwolvinne neamd. Ditbist komt foar yn grutte dielen fanJeraazje enNoard-Amearika, hoewol't synhistoaryskeferspriedingsgebiet noch folle grutter wie. Op in protte plakken is er troch deiuwen hinne útrûge troch deminske. YnFryslân is er yn 'e twadde helte fan 'e2010-er jierren nei in ôfwêzichheid fan trijehûndert jier weromkeard. De wolf is in mânskrôfdier en de grutste libbene soarte fan alle hûneftigen. Hy is lykwols nau genôch besibbe oan lytsere soarten út deselde famylje, lykas degoudjakhals (Canis aureus) en deprêrjewolf (Canis latrans), om mei harrenfruchtberekrusings te produsearjen. Wolven binne behalvenkarnivoaren ek sosjale bisten dy't ynridels libje. Sejeie mei-inoar en kinne dêrtrochproaien oan dy't folle grutter binne as sysels. Der binne fan 'e wolf mear as tritich wyldeûndersoarten. Dehûn (Canis lupus familiaris) is dedomestisearre ûndersoarte fan 'e wolf. Ek dedingo (Canis lupus dingo), de ferwyldere hûn fanAustraalje, is in ûndersoarte fan 'e wolf. DeIUCN klassifisearret de wolf as net bedrige.
De wolf ûntstie likernôch 1,1 miljoenjier lyn, doe't er him losmakke fan 'e prêrjewolf (C. latrans). Deôfstamming fan 'e wolf (Canis lupus), sa't wy dy hjoed oan 'e dei kenne, fan 'e eardereEtruskyske wolf (C. etruscus) en deMosbachwolf (C. mosbachensis) is ûnder saakkundigen rûnom akseptearre.Genetysk ûndersyk hat útwiisd dat de hûn him 20.000 jier lyn fan 'e wylde wolf ôfspjalte.
Om1800 hinne kaam de wolf ynNederlân noch yn ridlik grutte oantallen foar, mar om't men it bist doedestiden as skealikûngedierte seach, waard er geandewei denjoggentjinde iuw útrûge troch it fieren fan in opsetlike kampanje dêrta. Yn1897 waard foar it lêst in wolf yn Nederlân waarnommen, byHeeze, ynNoard-Brabân, mar dat moat in ienlike swalker west hawwe, mei't der doe al ferskatedesennia lang gjinridels mear yn Nederlân fêstige wiene. It tinken is dat de lêste yn Nederlân fêstige wolf yn1869 deade waard bySchinveld, ynSúd-Limburch.[1] Ek ynBelgje wie de wolf tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuwútstoarn. YnNoard-Nederlân wie dat al folle earder it gefal. De lêste wolf yn 'e provinsjeFryslân waard yn1712 byWolvegea deasketten.[2] Yn1772 waard yn it súdeasten fan 'eGrinzer Ommelannen de lêste wolvejacht holden. Yn it oanbuorjendeEast-Fryslân, ynDútslân, waard yn1738 yn 'e omkriten fanJever foar it lêst in wolf deasketten.[3]
Mear as hûndert jier lang wiene wolven yn 'eBenelúks inkeld yndieretunen te sjen. Tsjin 'e ein fan 'etweintichste iuw kaam der yn Nederlân in diskusje op gong oer de winsklikheid om 'e wolf te reyntrodusearjen yn 'e frijenatoer. Dat late net ta aksje foar't de wolf oan it begjin fan 'eienentweintichste iuw op eigen krêft weromkearde troch fersprieding út populaasjes út Dútslân wei. Fan2010 ôf wiene der hieltyd faker meldings fan wolven yn Nederlân.
Yn2011 waard der mei wissichheid in wolf sjoen byDuiven, ynGelderlân.[4] Ynjuly2013 waar byLuttelgeest, yn itSuderleech, inkadaver fûn wêrfan'tNaturalis, it Nederlânsk Sintrum foar Bioferskaat ynLeien, letter fêststelde dat it yndie in wolf wie.[5] Neffens de earste berjochten wied er by Luttelgeest omkommen trochdat er oanriden wie troch inauto. Ut ûndersyk die lykwols bliken dat der yn 'e omkriten fan it plak dêr't it kadaver fûn wie, nearneprinten fan wolvepoaten te finen wiene. Ek hie de wolf by syndea (dielen fan) inbever yn 'emage, dy't er krekt opfretten hie. Mei't bevers doe yn of deunby it Suderleech net foarkamen, holdFaunabehear Flevolân it derop dat de wolf yn Dútslân deariden wie en doe by wize fan grap by Luttelgeest dellein wie.[5][6][7] Yn2015 doek der in jonge wolf ynDrinte op,[8][9] dy't neitiid ek trochGrinslân teach.[10][11][12] Op deA28 tuskenMeppel enHoogeveen waard yn2017 in wolf deariden.[13] YnWalloanje waarden yn2011, bijGedinne ynNamen, en yn2016, byMasbourg yn 'e provinsjeLúksemburch, de earste wolven waarnommen. Ynjannewaris2018 waard ynFlaanderen de earste wolf sinjalearre.[14]
YnFryslân waard op14 april2018 byAppelskea, yn itNasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld, foar it earst in bist filme dat op in wolf liek. Dynacht wiene earder byBoyl al trijeskiep deabiten. UtDNA-ûndersyk die bliken dat de wolf yn2018 yndied werom wie yn Fryslân.[15] Yn it twaddewykein fanmaaie waard ek in wolf byBontebok sinjalearre; dyselde nacht wiene yn buordoarpenLangsweagen enDe Knipe trije skiep deabiten, wat ek op it konto fan 'e wolf skreaun waard.[16] Omtrint dyselde tiid waard fêststeld dat de earste wolf him permanint yn itDrintsk-Fryske Wâld fêstige hie.[1] Yndesimber fan dat jier waard deselde fêststelling dien foar deFeluwe.[17] It wachtsjen wie doe op 'e foarming fan 'e earsteridel. Dat moat yn it foarjier fan2019 bard wêze, mei't ynjuny fan dat jier op 'e Feluwe trije wolvejongen te wrâld kamen, de earsten yn Nederlân yn hast oardel iuw.[18]
Yndesimber2019 waard yn Fryslân foar it earst in wolf op byld fêstlein. Dat barde troch inkamera fanNatuermonuminten súdlik fanBakkefean.[19] Einmaaie2021 waard yn Fryslân foar it earst in wolf deariden, op 'eN381 by Appelskea, by de ôfslach nei de camping De Roggeberg. It gie om in jongfolwoeksenmantsje. Earder wiene der skiep byKetlik,Jobbegea enDe Fochtel deabiten. Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de deariden wolf dêr ferantwurdlik foar wie.[20]
De wolf is de grutstehûneftige, mei inspiersterk, streamline uterlik datevoluëarre is om intoprôfdier te wêzen. Defoar- enefterpoaten binne like lang, oars as by bgl.hyena's, sadat wolven in lykwichtich stal hawwe. Dekop is grut en wurdt dominearre troch in sterk nei foarren ta útstykjendesnút, dy't einiget yn in stompeswartenoas. De trijehoekigeearen binne boppe-op 'e kop posisjonearre en binne mei in lingte fan 9–11 sm relatyf lyts yn ferhâlding ta de earen fan oare hûneftigen. De wolf ûnderskiedt him fierders fan syn sibben troch in bredere snút, in koartereromp en in langeresturt. Detosken fan in wolf binne grut en swier, en gaadlik foar it stikkenbiten fanbonken, hoewol't se dêr ek wer net sa foar spesjalisearre binne as itgebit bgl. fan in hyena.
De wolf hat trochinoar in kop-romplingte fan 105–160 sm, mei in sturtlingte fan 29–50 sm. Deskofthichte is 80–85 sm en deefterpoaten mjitte 22–25 sm fantean oant en meihakke. It gewicht fan in wolf is yn trochsneed omtrint 40 kg, wêrby't oantekene wurde moat dat it lichtstefolwoeksen eksimplaar ea woegen mar 12 kg wie, wylst it grutste eksimplaar in gewicht fan 79,4 kg hie. It gewicht fan 'e bisten nimt oer it algemien ta neigeraden dat se noardliker libje: ynJeropa weagje wolven trochinoar 381/2 kg; ynNoard-Amearika 36 kg; en op itArabysk Skiereilân en itYndysk subkontinint 25 kg. Wolvinnen binne yn eltse populaasje yn trochsneed 21/3–41/2 kg lichter as demantsjes. Wolven dy't mear as 54 kg weagje, binne seldsume útsûnderings, hoewol't fan sokken mear foarkomme ynAlaska en noardlikKanada. Yn noardlikSibearje binne ferskate útsûnderlik grutte mantsjes fan 69–79 kg registrearre.
Depels fan 'e wolf bestiet út in tichte en pluzige laach koartûnderhier, mei dêroerhinne in mear iepene laach rûge langere hierren. It meastepart fan it ûnderhier, dat bedoeld is om it bistwinterdeiswaarm te hâlden, rekket er by 'tmaitiid by itferhierjen kwyt en groeithjerstmis, by it ynsetten fankâlderetemperatueren. wer oan. Wolvepelzen binne sa waarm, dat wolven har noflik op 'e iepen romte deljaan kinne by temperatueren fan –40 °C. Dêrfoar moatte se de minder begroeide snút en de keale noas dan wol tusken de efterpoaten stopje en bedekke mei de sturt. Dekleur fan wolven rint útinoar; ornaris hawwe se hierren dy'twyt,griis,brún enswart binne, mei as gefolch dat se wat fan al dy kleuren hawwe. Op 'erêch, desiden en de boppekant fan kop en sturt hat it hier dûnkerdere kleuren as op 'ebealch, dekiel, de ûnderkant fan 'e sturt en faak ek de poaten.
Yn Noard-Amearika binne wolven oer it algemien griis mei in wyt of witich ûnderlichem, útsein yn itNoardpoalgebiet, dêr't se hielendal wyt binne by wize fankamûflaazje yn 'esnie. YnJeraazje binne wolven oer it algemienljochtbrún ofroastbrún mei inljochtgriis ûnderlichem. Yn Noard-Amearika binne wolvinnen ornaris wat bruner as mantsjes; yn Jeraazje bestiet sokkeseksuele dimorfy net. Der komme ek eksimplaren foar dy't hielendal swart binne, mar dy wurde ornaris wat skoudere troch oare wolven en beklaaie in lege rang yn 'eridel, of it moat wêze dat se sels in nije ridel begûn binne.
Wolven binne sosjale bisten, dy't fan natuere yn groepen libje dy'tridels hjitte.Solitêr libjende wolven komme ek foar, mar ornaris binne dy mar tydlik allinnich, wannear't se de ridel fan harberte ferlitte om har by in oare ridel te jaan of om in eigen ridel te stiftsjen. De oandriuw om by de ridel fan har berte wei te gean is inevolúsjonêre oanpassing omyntylt foar te kommen. Ridels besteane ynJeropa yn trochsneed út 5 of 6 leden, en ynNoard-Amearika út 8 leden. Utsûnderlik grutte ridels fan oant wol 42 bisten binne tige seldsum, mar komme wol foar, benammen yn útstrutsenwyldernisgebieten dêr'tproai by 't folop libbet. De kearn fan 'e ridel wurdt altyd foarme troch it liederspear, de alfawolf en de alfawolvinne, dy't hast altyd de iennichsten binne dy't harfuortplantsje meie. De rest fan 'e ridel bestiet faak út healwoeksen eksimplaren en jongen, mar soms ek út folwoeksen bisten dy't leger yn rang binne as it alfapear.
Mei't wolven tige territoriaal binne, fêstigje ridels har eigenterritoarium, dat yn 'e regel grutter is as foar de ridel nedich is om te oerlibjen. De grutte fan it territoarium hinget ôf fan 'e hoemannichte proaidieren dy't der libje. It lytste wolveterritoarium dat ea registrearre is, wie yn 'eAmerikaanske steatMinnesota en besloech 33 km²; it grutste, ynAlaska, hie inoerflak fan 6.272 km². Binnen it territoarium is de wolveridelnomadysk, útsein as der krekt in nêst jongen smiten is. Op in dei bereizgje wolven yn trochsneed 9% fan har territoarium. De midden fan it territoarium wurdt folle swierder bereizge en bejage as de rânen. Om konflikten mei oanbuorjende ridels foar te kommen, jeie wolven nammentlik mar komselden oan 'e bûtenrânen fan har territoarium. Dat betsjut dat de proaitichtens oan 'e rânen fan territoaria folle heger is as yn 'e midden.
Kommunikaasje giet mank wolven trochfokalisaasjes,lichemshâldings,rook,smaak en op 'etaast. Fokalisaasjes by wolven kingrânzgjen,byljen en piipjen ynhâlde. Grânzgjen is in utering fan agresje, wylst piipjen of janken in teken fan ûnderdienigens (ofpine) is. Byljen of blaffen dogge wolven net sa faak ashûnen; it wurdt almeast brûkt as inalaarmrop oer de koarte ôfstân ta teken fan gefaar en wurdt dan mar ien kear of twaris efterinoar dien. De bekendste fokalisaasje fan 'e wolf isspûkgûlen. Dat is in lûd jammerjend gûlen dat fuortbrocht wurdt mei de snút omheech rjochte. Oars as faak sein wurdt, spûkgûle wolven net nei demoanne. Likemin is spûkgûlen beheind ta innachtlike aktiviteit. Wolven spûkgûle om trije redens. Yn it foarste plak wurdt it dien om oer gruttere ôfstannen oan oare wolven harren posysje troch te jaan, bygelyks as itstoarmet of by oare foarmen fan minwaar, of as se har op ûnbekend terrein bejouwe. Oard kinne sa de leden fan in ridel gearroppen wurde wannear't se oer it territoarium fersille binne. En trêd kin spûkgûlen inalaarmrop wêze, yn 't bysûnder yn it gefal fan ûnrie by dehoale mei de jongen. Under optimale omstannichheden kin it spûkgûlen fan wolven heard wurde oer in gebiet fan 130 km².
De wolf hat in tige goedenoas en brûkt it ôfsetten fangeurflaggen om duorsume boadskippen oer te bringen, bgl. troch it territoarium ôf te setten meiurine. Kommunikaasje fia smaak bart troch inoar teslikjen. By lichemshâldings spylje de posysje fan 'esturt, deearen en dekop in grutte rol.Agressive ofassertive wolven bewege har stadich en betochtsum, wylst ûnderdienige bisten rimpen bewege, yninoar krimpe en it lichem en de kop deunby de grûn hâlde. In sturt dy't omheech holden wurdt, joutselsfertrouwen en dominânsje oan; in sturt tusken de efterpoaten wiist op ûnderdienigens. Earen dy't rjochtop steane, jouwe dominânsje ofnijsgjirrigens oan, wylst it platlizzen fan 'e earen in teken fan agresje is, yn 't bysûnder as it mank giet mei it oplûken fan 'elippen om 'etosken sjen te litten.Wyspelsturtsjen jout in goedsin oan.
Wolven binnemonogame bisten mei pearfoarming foar it libben. As ien fan in pear omkomt, giet de oerlibjende partner lykwols ornaris gau in bân oan mei in oare wolf. Yn it wyld komt by wolven gjinyntylt foar as it mooglik is om oare partners te finen. Wolvinnen kinne elts jier ferskate nêsten jongen smite, mar oft se dat ek dogge, hinget ôf fan ferskate faktoaren, lykas de foarriedichheid fanproaien, dewaarsomstannichheden en de grutte fan itterritoarium. Oer it algemien is ien nêst jongen jiers it gemiddelde.
Wannear't depeartiid falt, ferskilt foar de wolf fan gebiet ta gebiet. YnSkandinaavje, bygelyks, rint it fanfebrewaris oantapril. De wolvinne wurdtloopsk, wêrnei't inpearing folget. Dêrby set depenis fan it mantsje op, sadat dy fêst komt te sitten yn 'efagina fan it wyfke. Dat kin 5–35 minuten duorje, en is inevolúsjonêr ferskynsel ombefruchting wierskynliker te meitsjen: troch dat der in "stop" yn 'e útgong fan 'e fagina sit, kin itsperma der net direkt wer útrinne. Dedraachtiid duorret by wolven 62–75 dagen. Yn dy tiid siket of graaft de wolvinne inhoale foar debefalling. Sa'n hoale kin in natuerlik ferskynsel wêze, lykas in lytseftigegrot of in spjalt tuskenrotsblokken, mar ek in eigengroeven tunnel mei in rûne keamer oan 'e ein, bgl. ûnder dewoartels fan inbeam of yn in steilewâl fan inbeek ofrivier. Ek is it mooglik dat wolven in al besteande hoale oernimme fan lytsere bisten, lykasfoksen,dassen ofmarmotten. Yn elts gefal leit in wolvehoale ornaris net fierder as 500 m fan in boarne fandrinkwetter ôf.
De wolvinne smyt har jongen earne yn 'e perioade fanapril oantjuny, mar op 'etoendra fan itpoalgebiet oan it begjin fan 'esimmer. By jongere wyfkes bestiet in smeet trochinoar út 4–5 jongen, wylst âldere wyfkes 6–8 jongen te wrâld bringe. Oars as guon nau besibbe soarten, lykas deprêrjewolf (Canis latrans), berikt de wolf neareproduktive ferâldering. Utsûnderlik grutte smeten kinne wol út 14 jongen bestean. Dy fertoane fan uterlik in opfallende likenis oan jonghûntsjes fan 'eDútske hardershûn. Se wurdeblyn,dôf en toskleasberne, mar al wol behierre mei dûnzichgrizichbrúnhier. De wolfkes weagje by de berte 300–500 g.
De mem bliuwt de earst wiken by har jongen yn 'e hoale en wurdt fuorre troch it alfamantsje en de rest fan 'e ridel, dy'tfleis fan ferslynde proaien foar har opkoarje. Mei 12 dagen geane by de jongen deeachjes iepen en mei likernôch 30 dagen komme detoskjes troch. Mei 20 dagen ferlitte se foar it earst de hoale en komme se yn 'e kunde mei rest fan 'e ridel, dy't oant dy tiid troch it alfawyfke soarchfâldich by de jongen wei holden is. Sa'n 45 dagen nei de berte binne de jongen fluch en ferstannich genôch om foar gefaar te flechtsjen. As se 3–4 wiken âld binne, begjinne wolvejongen foar it earst fêst iten te fretten, dat bestiet út opkoarre fleis fan proaien dat de oare leden fan 'e ridel yn har mage mei weromdrage nei de hoale. Om dyselde tiid hinne begjinne de jongen mei-inoar te stoeien, wat behalvenboartsjen ek in learproses is foar letter. Tsjin 'e tiid dat dehjerst ynfalt, binne de jongen folwoeksen genôch om mei de rest fan 'e ridel by de hoale wei te gean en mei te dwaan oan 'e jacht op grutte proaien. Wolven binne mei twa jierfolwoeksen en mei trije jiergeslachtsryp.
As der om hokfoar reden dan ek krapte oan fretten bestiet, skamje wolven har net om te jeien ophagedissen,slangen,kikkerts,fisken en sels gruttereynsekten. Ekies litte se yn sokke tiden net lizze. Soms komt ûnder sokke omstannichheden ekkannibalisme foar fan ferswakke wolven troch soartgenoaten. Yn dielen fan Jeraazje mei in grutte minsklikebefolking frette wolven gaurisôffal. Hoewol't se bekensteane askarnivoaren, ite wolven ekfruchten, lykasapels,parren,figen enbeien. Se ite ek wolgers, en hoewol't dat mooglik yn seldsume gefallen mei ynname fan missendefitaminen te krijen hawwe kin, sil it yn 'e measte gefallen dien wurde omkoarjen op te wekjen, sadat de wolf him ûntdwaan kin fanparasiten yn synyngewant of fanhier yn 'emage.
De iennichste serieuze natuerlike fijân fan 'e wolf is deminske. Debrune bear (Ursus arctos) en yn hiel seldsume gefallen deiisbear (Ursus maritimus) binne de iennichste bisten dy't it om in deade proai of in stik ies tsjin inridel wolven opnimme kinne mei in goede kâns om te winnen. Fral mei de brune bear ûnderhâldt de wolf in fijannige relaasje, mei't de beide soarten inoars jongen deadzje as se dêr de kâns ta krije. DeAmerikaanske swarte bear (Ursus americanus), in oarebearesoarte dy't ynNoard-Amearika foarkomt, is lytser as de brune bear en hat minder kâns om it fan in ridel wolven te winnen. Omreden fan ferskil ynhabitat komme konfrontaasjes tusken wolven en Amerikaanske swarte bearen ek folle minder foar as konfrontaasjes tusken wolven en brune bearen. In oar bist dat net foar ienlike wolven oan 'e kant giet, is dewarch (Gulo gulo), de grutstemartereftige. Dy kin lykwols net tsjin in hiele ridel op. Soms deadzje wolven wargen, mar net as der yn 'e neite inbeam is dêr't de warch yn klimme kin, mei't wolven net klimme kinne. Wolven enkateftigen, lykas deJeraziatyske lynks (Lynx lynx), deKanadeeske lynks (Lynx canadensis), dereade lynks (Lynx rufus), depoema (Puma concolor), depanter (Panthera pardus) en detiger (Panthera tigra) mije inoar ornaris mei opsetsin.
De wolf hat deIUCN-status fan "net bedrige". Hoewol't syn hjoeddeistigeferspriedingsgebiet gâns lytser is as it diel fan 'e wrâld dêr't erhistoarysk libbe, komt er dochs noch rûnom foar en is syn populaasje stabyl of groeiende. De wrâldwide populaasje fan 'e wolf waard yn2003 op 300.000 eksimplaren rûsd. De wolf is opnommen yn Taheakke II fan 'eKonvinsje oangeande Ynternasjonale Hannel yn Bedrige Soarten Wylde Floara en Fauna (CITES), wat betsjut dat de ynternasjonalehannel (lichemsdielen lykaspelzen entosken ynbegrepen) oan bannen lein is. De wolvepopulaasjes ynBûtan,Yndia,Nepal enPakistan binne opnommen yn Taheakke I, wat ynternasjonale hannel hielendal ferbiedt. Om't de populaasje dêre troch syn beheindens it risiko opyntylt rint, wurde de wolven ynSkandinaavje asbedrige klassifisearre.[21] Neffens it Sweedske Rôfdiersintrum soene der yn2008 mar sa'n 180 wolven ynSweden enNoarwegen libbe hawwe.
YnSintraal-Aazje bestie de wolvepopulaasje ynKazachstan yn2016 út 20.000 bisten en dy ynMongoalje út nochris 10.000–20.000. YnSina libben doe ynSinkiang-Oeigoerje 10.000 wolven, ynTibet 2.000 en ynMantsjoerije sa'n 1.000. Histoarysk binne wolven slim bejage yn Sina, mar sûnt1998 hawwe se dêr in beskerme status. Anno2019 waard de wolvepopulaasje ynYndia rûsd op 2.000–3.000 eksimplaren. De wolf is dêr al sûnt1972 in beskerme bistesoarte. Yn itMidden-Easten, dêr't neffens in skatting út2019 1.000–2.000 wolven foarkamen, hat de wolf inkeld ynIsrael (sûnt1954) enOmaan in beskerme status. Fan 'e Midden-Eastlike populaasje libje 300–600 bisten op itArabysk Skiereilân. YnTurkije (benammenLyts-Aazje) kamen neffens in skatting út2013 sa'n 7.000 wolven foar, en ynGeorgje, neffens in skatting út2016, nochris 1.500.
YnNoard-Amearika bestiet de populaasje ynKanada út 50.000–60.000 wolven, wêrmei't dat lân it swiertepunt fan 'e wrâldwide wolvepopulaasje foarmet. Under de Kanadeeskewet stiet it ynwenners fan lânseigenkomôf (Yndianen,Inûyt enMety) frij om 'e wolf sûnder beheinings te bejeien, mar alle oaren moatte dêrfoar infergunning oanfreegje. Elts jier wurde der yn Kanada likernôch 4.000 wolven deade. Ynnasjonale parken yn Kanada mei de wolf lykwols nea en troch nimmen bejage wurde. YnAlaska komme sa'n 7.000–11.000 wolven foar op likernôch 85% fan it grûngebiet fan dyAmerikaanske steat. Foar de jacht op wolven is dêr altyd in fergunning nedich. Elts jier wurde yn Alaska omtrint 1.200 wolven deade sûnder dat de populaasje dêrtroch belunet. Yn 'elegere 48 steaten fan 'eFeriene Steaten libje yn 'e noardlikeRocky Mountains 3.000 eksimplaren en it westen fan 'e krite fan 'eGrutte Marren 4.000. Yn itAmerikaanske Súdwesten en yn noardlikMeksiko libje nei de reyntroduksje fan 'e yn it wyldútstoarneMeksikaanske wolf anno2023 ek wer 200 eksimplaren yn it wyld.
Mei deminske ûnderhâldt de wolf in problematyske relaasje. Yn 'eprehistoarje wiene de beide soartenkonkurrinten, mei't se beide op deselde soartenproaijagen. Yn dyselde tiid seagen de minsken lykwols ek de foardielen yn, dy't de skerperesintugen, itúthâldingsfermogen en delichemskrêft fan 'e wolf beaën. Dy foardielen wisten se har ta te eigenjen troch dedomestikaasje fan 'e wolf ta wat meitiid dehûn (Canis lupus familiaris) wurde soe. Troch syn assosjaasje mei de minske is de hûn fierwei de súksesfolste ûndersoarte fan 'e wolf, hoewol't er dêrfoar syn wyldheid opjaan moast.Krusings tusken wolven en hûnen, dy'twolfshûnen neamd wurde, ervje yn 'e regel de wyldheid fan 'e wolf wer oer en binne net feilich foar omgong mei de minske.
Konflikten tusken minsken en wylde wolven boazen letter yn 'ewrâldskiednis oan nei't de minske úteinset wie meifeehâlderij. Domestisearre soartenfee foarmje in folle makliker proai foar wolven as wylde bisten fanwegen har oanhâldende ôfhinklikheid fan beskerming troch de minske. It giet yn sokke gefallen yn it foarste plak omlytsfee lykasskiep engeiten, mar ek omkeallen,fôlen en oare jongen fan gruttere soarten fee.Ridels kinne ekfolwoeksenkij oanfalle. Oare domestisearre bistesoarten dy't gauris it slachtoffer binne fan oanfallen troch wolven, binnerindieren (ynSkandinaavje, noardlikRuslân enSibearje),hynders (ynMongoalje) enkalkoenen (ynNoard-Amearika). Ek hûnen wurde út en troch ris troch wolven deade, mar dêrby giet it net om 'e jacht op in proai, mar om 'e útskeakeling fan in konkurrearjendrôfdier, sa't wolven dat ek dogge mei bgl.prêrjewolven enjakhalzen.
Troch de oanfallen op har fee begûnen feehâlders wolven as skealikûngedierte te sjen, dat bestriden wurde moast. Noch wer letter, yn 'eMidsiuwen, bejagen wolven jachtwyld dateallju as har eigendom beskôgen, dat sysels as iennichsten bejeie mochten. Dêrtroch boaze it minne imago fan 'e wolf by minsken noch helte fierder oan. Sûnt deLette Midsiuwen fûnen der sadwaande kampanjes plak om 'e wolf opsetlik út te rûgjen. It is net maklik om sa'n wach bist as de wolf mei súkses te bejeien, mei't er de jagers ornaris al fan fierrens oankommen heart en him út 'e fuotten makket.Jachthûnen meitsje wolven oer it algemien koarte metten mei, of it moat wêze dat de hûnen in oerweldigjende nûmerike mearderheid hawwe. Histoarysk hawwe minsken wolven bejage troch it ynsetten fan in kombinaasje fan jachthûnen,bloedhûnen enterriërs; troch it deadzjen fan wolvejongen foar't se bûten de hoale oerlibje kinne; troch wolven te fangen ynstrûpen; en troch se tefergiftigjen meistrychnine. Guon jagers kinne wolven nei har ta lokje troch harspûkgûlen nei te bearen. YnKazachstan enMongoalje wurde by de wolvejachttradisjoneel nueteearnen enfalken ynset.
Deeangst om oanfallen te wurden troch wolven binne in protte minsklikekultueren fan trochdrinzge, ek al heart deminske assoarte net ta de natuerlikeproaien fan 'e wolf. Hoe't wolven reägearje as se yn kontakt komme mei minsken, hinget fierhinne ôf fan harren eardereûnderfinings mei minsken. Wolven dy't noch nea minsken tsjinkommen binne, gjin negative ûnderfinings mei minsken hawwe of earder alris troch minsken fuorre binne, fertoane faak net de minsteskrutenens as se mei in minske konfrontearre wurde. Dat is net itselde as dat se minsken oanfalle soene, wat mar komselden foarkomt. Sels as wolven troch minsken (bewust of ûnbewust) tenei kommen wurde en har yn it nau dreaun fiele, en dêrtrochagressyf reägearje, bliuwt de út sok hâlden en dragen fuortkommende oanfal yn 'e regel beheind ta in fluggebyt yn inearm of inskonk. Wannear't de minsken dêrnei tebekwike, sil de oanfal ornaris net trochset wurde.
Echte trochsette, ûnprovosearre oanfallen fan wolven op minsken wurde yn 'e regel feroarsake troch ien fan twa dingen: òf de wolf is bûten himsels om't er oanhelle is meihûnsmâlens (rabiës), òf der hat in lange perioade plakfûn wêryn't de wolf fertroud rekke is mei minsken en harren begûn is te assosjearjen meifretten, bgl. as in wolf oer langere tiid fuorre is. By oanfallen wurdt itslachtoffer yn 'e regel ferskate kearen yn 'eholle en itgesicht biten en dan fuortsleept om op in stil plakje troch de wolf opfretten te wurden. De wolf sil syn proai dan inkeld efterlitte as er fersteurd wurdt troch oare minsken. As it om in hûnsmâle wolf giet, wurdt de oanfal berne út 'erazernij dy't desykte opropt en is it mar de fraach oft de minsken nei de oanfal ek wier troch de wolf opfretten wurdt. Wolfen binne gjin primêre dragers fan it rabiësfirus, mar kinneynfektearre wurde troch oare bisten, lykashûnen,jakhalzen enfoksen. YnWest-Jeropa enNoard-Amearika binne oanfallen troch hûnsmâle wolven tige seldsum, mar op 'eBalkan en ynLyts-Aazje, itMidden-Easten enSintraal-Aazje komme se geregeldwei foar.
Oanfallen troch wolven dy't gjin hûnsmâlens ûnder de lea hawwe, komme it hiele jier rûn foar, mar fine faak plak by 'tsimmer en oan it begjin fan 'ehjerst, as minsken harrenfee weidzje en dewâlden yntsjogge ombeien te plôkjen enpoddestuollen te sykjen. De kâns dat se wolven tsjinkomme, nimt troch sokke aktiviteiten fansels yn hege mjitte ta. Oanfallen fan sûne wolven by 'twinter binne bekend útWyt-Ruslân en deOekraïne en út 'eprovinsjesKirov enIrkûtsk en deautonome republykKareelje ynRuslân. Sokke oanfallen kinne dermei te krijen hawwe dat wolven dy't bûten it gewoane seizoen om jongen krije, dan bot om fretten ferlegen sitte. De measten fan sokke oanfallen fine plak opbern, en yn 'e seldsume gefallen dat infolwoeksene it slachtoffer is, giet it suver altyd om infrou. Sokke oanfallen bliuwe as útsûnderings beheind ta pleatslike skaal, mar geane troch oant de wolf dy't se útfiert, deade wurdt. Ien fan 'e bekendsten fan sokkeminskesliners wie itBist fan Gévaudan, dat fan1764 oant1767 de doetiidskeFrânske provinsjeGévaudan (it hjoeddeiskedepartemintLozère) terrorisearre. (Sjochhjirre foar mear oer minskeslinende wolven.)
Yn 'eskeppingsmyte fan 'ePâny (Pawnee), inYndiaanskfolk fan 'eGrutte Flakten fanNoard-Amearika, is de wolf it earste bist dat skepen wurdt. Hy wurdt deade troch de earste minsken, dy't dêrfoarbestraft wurde mei it ferlies fan harrenûnstjerlikens en de yntroduksje fan 'edea. Krekt as foar de Sinezen is Sirius foar de Pâny de Wolvestjer, en syn ferdwinen en wer ferskinen symbolisearret foar harren de oerstappen fan 'e wolf nei degeastewrâld en wer werom. DeMolkewei wurdt sawol troch de Pâny as troch in oar Flaktefolk, deSwartfuotten (Blackfeet), it "Wolvepaad" neamd.
It idee dat minskenfan stal feroarje kinne om wolven te wurden, en wolven om minsken te wurden, komt rûnom foar. Inmyte út 'eGrykske mytology fertelt hoe't de godSeus in man dy'tLykaon hjit yn in wolf feroaret by wize fan bestraffing foar syn kweadieden. Yn 'e letterefolkloare fanJeropa kaam dewearwolf, in man dy't byljochtmoanne yn in ferskuorrende wolf feroaret, yn in grut tal farianten foar. Tsjintwurdich is dat in dierbertema ynliteratuer enfilms fan itfantasysjenre. DeNavaho (Navajo) fan itAmerikaanske Súdwesten, leauden fan âlds datboasaardigeheksen harren yn wolven feroarje koene troch harsels yn wolvehûden te klaaien. DeTanaina útAlaska leauden dat alle wolven ienris minsken west hiene, en seagen se dêrom as bruorren.
Yn 'eWesterskeliteratuer spylje wolven in wichtige rol ynfabels, lykas dy fan 'eAldgrykskeskriuwerAesopus en it bekendeRein de Foks út itMidnederlânsk. Yn dat lêste wurk is de wolf Isengryn in wichtichpersonaazje, dat it slachtoffer wurdt fan 'e streken fan 'efoks Rein. Wolven komme ek in protte ynmearkes foar, dêr't se oer it algemien de rol fan 'eantagonist ferfolje. Foarbylden binneDe Wolf en de Sân Geitsjes, wêryn't in wolf sângeitelammen besiket op te fretten wylst de memmegeit fan hûs is, enDe Trije Barchjes, wêryn't deGrutte Boaze Wolf dewenten fan trijebargen besiket om te blazen sadat er harren opfrette kin. (De Grutte Boaze Wolf waard letter inDisney-personaazje ûnder de nammeMidas de Wolf.) It bekendst is lykwols sûnder misReadkapke, wêryn't in wolf yn it wâld infamke oansprekt dat him sûnder euvelmoed fertelt dat se ûnderweis is nei harbeppe. Dêrop snijt de wolf in stik ôf om earder by beppe te wêzen. Hy fret it âldminske op en wachtet Readkapke op bêd op yn beppe harklean. Dizze wolf is wol ynterpretearre as inallegory op inferkrêfter.
Oanfallen fan wolven op fee en op minsken en de jacht fan minsken op 'e wolf binne wichtige en gauris weromkearendemotiven yn 'eRussysktaligeliteratuer, û.o. yn it wurk fanLeo Tolstoj enAnton Tsjechov. DekomposysjePeter en de Wolf, fan 'e RussyskekomponistSergej Prokofjev, giet oer in wolf dy't fongen wurdt nei't er inein opfretten hat. Hy liket foar de dea opskreaun te wêzen, mar wurdt sparre en bedarret yn indieretún. DeIngelske skriuwerRudyard Kipling brûkte wolven as sintrale personaazjes yn syn ferneamdeferhalebondelThe Jungle Book (1894). Dat wurk ispostúm priizge trochbiologen dy't saakkundich binne op it mêd fan wolven, om't de bisten dêryn net delsetten wurde assmjunten of follefretters, sa't doedestiden gebrûklik wie. Ynstee beskreau Kipling de bisten as freedsum gearlibjend yn famyljegroepen dy't stypje op 'elibbensûnderfining fan krebintige âldere leden fan 'e ridel.
reade wolf (C. l. rufus):eastlikNoard-Karolina, mar histoarysk fan 'eGrutte Marren oant ynFloarida enTeksas; tsjintwurdich beskôge as in selsstannige soarte,Canis rufus, mar dêr binne net alle saakkundigen it mei iens; dizze soarte hat trije eigen ûndersoarten: