Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Wol

Ut Wikipedy
Wol fan in Merinoskiep

Wol ofskearwol is ithier fan meast inskiep ofgeit.

Troch de tafoeging fan it wurdskear wurdt de neidruk lein op de bettere kwaliteit dy't it produkt hat. It is krekt oft in skearwollene trui waarmer is as in wollen trui.

It wurd skear tsjut op it noch net-brûkte fan de wol sûnt de wol fan it libbene skiep komd is (skeard), mar jout gjin garânsje dat de tried net ek foar in gedielte bestiet út wol fan in dea skiep (bleatwol) of keunstwol (regenerearde wol) of in oar produkt, lykaskatoen, befettet.

Bisten dy't wol leverje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Kasjmiergeiten

Diersoarten dy't hier en wol leverje binne:

  • Skiep,domestisearre fee dat ek hâlden wurdt om fleis en molke.
  • Alpaka, libbet yn deAndes ynSúd-Amearika. Ek de lytste lama, de Vicuña, leveret wol.
  • Knyn, út soarte itangoaraknyn. De angoarawol is tige sêft en hiel licht. Om him sterker te meitsjen wurdt angoarawol wol mingd mei skieppewol of oare rizels.
  • Geit.Kasjmierwol komt fan deKasjmiergeit, dy'tAngola enMongoalje foarkomt. Dy bisten libje yn it wyld yn ûnherberchsume gebieten. De wol wurdt mei de hân út de ûnderfacht fan de bûk kamme en hjit ek wol 'pashmina'. Mohair komt fan deangoarageit.
  • Kamiel, ljocht of donkerbrún hier dat wol tapast wurdt yn jassen en blazers.
  • Hynder, brún, swart en wyt fan sturt en moanjes, dat brûkt wurdt foar it beklaaien fan stuollen, 'tuskenlinnen' foar revers fan klean.
  • Jak (û.o. Mongoalje) foar flierkleed en tuskenlinnen.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Wol&oldid=1022123"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp