Domestisearre fûgels, lykaseinen ofguozzen, wurde wolkoartwjukke om fuortfleanen ûnmooglik te meitsjen. Dêrby wurdt dan in stik fan 'e slachpinnen ôfknipt sadat de wjuk minder draachfermogen hat. De fûgel kin dan noch wol fleane, mar moat dêr folle mear muoite foar dwaan. Lykwols kinne koarwjukke fûgels yn guon gefallen noch flinke ôfstannen ôflizze. Guon fûgels hawwe wol wjukken, mar kinne fan natuere net fleane, de saneamdeflechtleaze fûgels. Guon dêrfan, lykasstrúsfûgels, binne te grut om te fleanen, wylst oaren it fljochfermogen trochevolúsje kwytrekke binne, bgl. om't se om ineilân libben dêr't se gjinnatuerlike fijannen hiene, lykas dedodo, of om't se har oanleard hawwe om ûnder wetter te 'fleanen', lykaspinguins.