Indauwjirm (Lumbricus terrestris), de bekendste wjirm.
Wjirm (meartal:wjirms ofwjirmen), ek:woarm, is in algemiene, net-wittenskiplike beneaming foar ferskate kloftentwasidige,wringeleazebisten, dy't eins mar út 'e fierte oaninoar besibbe binne en in sterk ôfwikende ôfstamming en ûntjouwing trochmakke hawwe. De oerienkommende faktor is it uterlik, dat gewoanwei bestiet út in lang,silinderfoarmichlichem sûnderpoaten en ornaris ek sûndereagen. Wjirms komme oer de hiele wrâld foar yn sterk útinoar rinnende (mar altyd fochtige)biotopen.
Wjirms fariëarje yn grutte fanmikroskopyske lyts oant in lingte fan mear as inmeter yn it gefal fan 'e ynsee libjendeboarstelwjirms (Polychaeta). Beskatesoarten binne nòch langer, lykas de 6,7 m langeAfrikaanske reuzedauwjirm (Microchaetus rappi), de 10 m langekowelintwjirm (Taenia saginata), de krapoan 40 m langewalfisklintwjirm (Tetragonoporus calyptocephalus) en de 58 m lange, frij yn see libjendefiterwjirm (Lineus longissimus). In protte wjirms, lykaslintwjirms (Eucestoda) of ûnderskate soartenrûnwjirms (Nematoda), besette in lyts ferskaat oanparasitêrebiologyske nyssen troch yn 'elichems fan oare bisten (ofminsken) te libjen. Frij libjende, net-parasitêre wjirms libje net op it lân, mei't dat foar harren in te drûchbiotoop is. Ynstee hâlde se ta yn see of ynoerflaktewetters meiswiet wetter of oars yn 'egrûn op plakken dêr't de ûndergrûn fochtich is.
Yn 'etaksonomy, debiologyske klassifisearring fan allelibbensfoarmen, waarden wjirms oarspronklik troch deSweedskebioloochCarolus Linnaeus op ien bulte smiten mei alle oare net-lidpoatige,wringeleaze bisten ûnder dewittenskiplike nammeVermes (Latyn foar "wjirms"). Der waard doedestiden sadwaande noch gjin ûnderskie makke tusken wjirms en bgl.weakdieren,seestjerren,kwabben ofkoralen, lit stean tusken ûnderskate groepen wjirms. Dy yndieling is lykwols al hiel lang efterhelle, mei't bliken dien hat dat er folsleinparafyletysk is. Hjoed de dei wurde de wjirms yndield yn in stikmannich ûnderskate taksonomyske kloften, dy't net folle nauwer oaninoar besibbe binne as oan 'ewringedieren (Chordata), dêr't ek deminske ta heart. De ferskillende groepen wjirms binne:
De yn see libjendetigerplatwjirm (Pseudoceros dimidiatus).
De oantsjutting "wjirms" wurdt dêrnjonken yn 'e folksmûle ek wol brûkt foar bisten dy't net ta ien fan dizze groepen behearre, lykasmaaitsen en oarelarven fanynsekten. Beskate bisten dy't kwa uterlik foar wjirms trochgean kinne soene, falle eins ûnder dewringedieren, lykas deblynslang (Anguis fragilis), inpoatleaze hagedis dy't yn itNederlânskhazelworm neamd wurdt, of dewjirmsalamanders (Gymnophiona), datamfibyen binne.