Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Witewierrum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanWittewierum)
Herfoarme Tsjerke

Witewierrum (Nederlânsk en offisjeel:Wittewierum) is in doarpke yn de gemeenteGrins (earder yn de gemeenteTen Boer) yn de provinsjeGrinslân. It leit oan de wei fanTen Post neiSchildwolde. Der wenje neffens it CBS 60 minsken (2009). Neffens de gemeente sels (sûnder jier) wenje der lykwols ± 140 minsken.

It doarp is benammen bekend omdat dêr yn1213 itkleaster Blomhôf stifte waard trochEmo fan Huzinge, dy't ek begûn is mei de weardefolle kleasterkronyk. Dat kleaster hat in grutte rol spile yn it bestjoer fan itGenerale Sylfest fan de Trije Delfsilen. De gebouwen fan it kleaster binne ôfbrutsen trochJohan Knijff (1561 - 1576), dy't ûnder it bewâld fan dehartoch fan Alva beneamd wie ta biskop fan Grins. Mei de stiennen dêrfan binnen grutte dielen fan it tsjintwurdigePrinsenhof boud. Op de fûneminten fan it kleaster waard yn 1863 ittsjerkje fan Witewierrum boud.

De namme Witewierrum ferwiist nei it kleaster. Oarspronklik hjitte it doarp Wierum. Omdat der yn Grinslân meardere plakkenWierum hjitten, waard dit Witewierrum, in ferwizing nei de wite klean fan dePremonstratinzers.

  • Kleastertsjerke ±1600
    Kleastertsjerke ±1600
  • Alde tsjerke, Oldenhuis and Tuwinga
    Alde tsjerke, Oldenhuis and Tuwinga
  • Ofwetteringskaart ein 18e iuw
    Ofwetteringskaart ein 18e iuw

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Witewierrum&oldid=969392"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp