Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Wiskunde

Ut Wikipedy
Wiskunde

Wiskunde wurdt yn it algemien definiearre as de stúdzje fan patroanen fan struktueren, feroaring en romte; ynformeel soe sein wurde kinne dat it de stúdzje fangetallen ennûmers is. Yn de formalistyske opfetting is it ûndersyk fan aksiomatysk definiearre abstrakte struktueren fêstlein yn logyske en matematyske notaasjes.

Yn de measte talen (Ingelsk:mathematics;Dútsk:Mathematik;Frânsk:mathématiques) is it wurd foar wiskunde ôflaat fan itGrykske wurd μάθημα (mathèma), dat wittenskip, kennis of leare betsjut. ItNederlânske wurdwiskunde is trochSimon Stevin yn de17e iuw aswisconst (kuenst fan it gewisse of it sekere) oan dizze wittenskip ferbûn.

In protte ûnderwerpen fan stúdzje yn de wiskunde fine harren oarsprong yn oareeksakte wittenskippen as denatuerkunde en deastronomy. Wiskundigen bestudearje ek matematyske struktueren en ûnderwerpen omestetyske redenen of om in mear algemiene oplossing te finen foar besibbe fraachstikken op ferskate dielmêden. Der wurdt hjirby ûnderskied makke tusken de teoretyske en de tapaste wiskunde.Yn de teoretyske wiskunde bestudearje guon wiskundigen de wiskunde foar de aardichheid, wêrby't de wiskunde min of mear askeunstfoarm beskôge wurdt.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Wiskunde&oldid=1158293"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp