Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Winter

Ut Wikipedy
Yn de winter falt faak in protte snie.

Dewinter is ien fan de fjouwerjiertiden, sa't dy foarkomme yn de poalgebieten en gebieten mei in tuskenbeiden klimaat.

Oarsaak

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De winter fynt plak troch de skeane stân fan deIerde tsjin desinne oer. De jiertiid fynt tsjinoersteld op it noardlik- en it súdlik healrûn plak, dat wol sizze: at it op itnoardlik healrûn winter is, is it op itsúdlik healrûn simmer, en oarsom. Dit komt trochdat as it winter is op it noardlik healrûn, it súdlik part fan de ierde dan nei de sinne ta wiist en it noardlik part fan de sinne ôf.

Waarkunde

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn dewaarkunde falt de winter op it noardlik healrûn yn de moannendesimber,jannewaris enfebrewaris en op it súdlik healrûn yn de moannenjuny,july enaugustus.

Stjerrekunde

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn destjerrekunde begjint de winter op it noardlik healrûn om21 desimber hinne, op dewintersinnekear. De sinne stiet dan middeis oan deStienbokskearkring rjocht oan dehimel. Dizze dei falt gear mei de koartste dei fan it jier op it noardlik healrûn. De astronomyske winter einiget op demaitiidevennacht, op20 maart, somtiden ek op21 maart, as de sinne middeis oan deevener rjocht oan de himel stiet. Hjirnei begjint demaaitiid. Op it súdlik healrûn begjint de winter rûn21 juny, as de sinne middeis rjocht oan de himmel op deKreeftskearkring stiet. De winter einiget hjir om21 septimber hinne, as de sinne middeis rjocht boppe de evener stiet.

Skaaimerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de winter is de temperatuer trochstrings leger as yn de simmer. In oar skaaimerk fan de winter is in prottedelslach, ûnder oare yn de foarm fanheil ensnie. Ek is de winter ferneamd om destoarmen en minder sinne as yn de simmer.

In protte bisten hâlde yn dizze perioade fan it jier harrenwintersliep. Oare bisten, benammenfûgels, lûke nei waarmere gebieten, guon sels hielendal nei it oare healrûn: Foar de noardlike winter fan it noardlik healrûn nei it súdlik healrûn, en foar de súdlike winter oarsom. Ek binne der bisten dy't yn de simmer in protte iten ynslaan en ferstopje, sadwaande hawwe se by't winter genôch iten om dizze tiid troch te kommen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryWinter fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Winter&oldid=973059"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp