Wingene | ||
![]() | ||
Sint-Amandustsjerke | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
gewest | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 14.852(2022)[1] | |
Oerflak | 68,54 km² | |
Befolkingsticht. | 217 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8750 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 3' N 3° 16' E | |
![]() | ||
Lokaasje Wingene yn it arrondissemint Tielt yn 'e provinsje West-Flaanderen | ||
Offisjele webside | ||
wingene.be |
Wingene is in plak en gemeente yn deBelgyske provinsjeWest-Flaanderen. De gemeente hat mear as 14.000 ynwenners, dy't 'Winenaars' neamd wurde. It dialekt dat praat wurdt is in fariant fan it West-Flaamsk en wurdt 'Wingens' neamd. Wingene stiet njonken oare agraryske aktiviteiten bekend om it grutte tal bargefokkerijen. Yn 1990 kaam Wingene yn it wrâldnijs troch in útbraak fan bargepest.
De gemeente hat in agraryske ynslach en greide, boerelân, beamkwekerijen en túnbou nimme it measte gebiet yn beslach. Bargen, kij en plomfee wurde yn Wingene in soad holden.
Yn it jier 847 waard it plak al as 'Wenghinas' neamd, doe'tKarel de Keale in skinking fan de Wenghinasvilla oan de Sint-Amandsabdij (Saint-Amand-les-Eaux) ûndertekene.
De belangrykste slachten dy't as hearen fan Wingene fungearren wiene ûnder oaren it skaai Grammez en Van Haveskercke. Oare belangrike hearlikheden wiene Poelvoorde, yn it besit fan de famyljes Bladelin en Adornes, en Wildenburg, dat mear as twa ieuwen yn it besit fan de famylje Wyts holden waard.
De gemeente Wingene bestiet njonken de dielgemeente Wingene ek út de dielgemeente Zwevezele. Op it plattelân om Wingene hinne lizze noch de twa lytse doarpen Sint-Jan en Wildenburg, dy't alletwa ek selstannige parochy's foarmje. In bytsje noardwestlik fan it sintrum fan Wingene leit itbuorskip Sint-Elooi, dat in kapel hat en ûnderdiel is fan de Sint-Amandusparochy fan Wingene. Krekt eastlik fan Zwevezele leit it buorskip Hille, dat yntusken oan it plak Zwevezele fêstgroeid is.
Nû. | Namme | Oerflak (km²) | Ynwennertal (2021) | Kaart |
---|---|---|---|---|
I (III) (IV) | Wingene -Wingene -Sint-Jan -Wildenburg | | 8.602 | ![]() |
II (V) | Zwevezele -Zwevezele -Hille | | 6.092 |
Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednisnl:Wingene
|
West-Flaanderen | ![]() |
---|---|
Alveringem -Anzegem -Ardooie -Avelgem -Beernem -Blankenberge -Bredene -Brugge (haadstêd) -Damme -De Haan -De Panne -Deerlijk -Dentergem -Diksmuide -Gistel -Harelbeke -Heuvelland -Hooglede -Houthulst -Ichtegem -Iper -Ingelmunster -Izegem -Jabbeke -Knokke-Heist -Koekelare -Koksijde -Kortemark -Kortrijk -Kuurne -Langemark-Poelkapelle -Ledegem -Lendelede -Lichtervelde -Lo-Reninge -Menen -Mesen -Middelkerke -Moorslede -Nieuwpoort -Oostende -Oostkamp -Oostrozebeke -Oudenburg -Pittem -Poperinge -Roeselare -Spiere-Helkijn -Staden -Tielt -Torhout -Veurne -Vleteren -Waregem -Wervik -Wevelgem -Wielsbeke -Wingene -Zedelgem -Zonnebeke -Zuienkerke -Zwevegem | |
![]() ![]() ![]() |