Wikidata is in projekt fan deWikimedia Foundation om in mei-inoar bewurke kennisdatabase te foarmjen wêrmei't deWikipedy ûnderstipe wurde kin. It projekt waard úteinset troch Wikimedia Dútslân en beëaget in mienskiplike boarne fan beskate types data, bygelyks ynterwiky-keppelings en bertegegevens, dy brûkt wurde kinne yn artikels op 'e Wikipedy en oare plakken.[1] Wikidata is it earste nije projekt fan deWikimedia Foundation sûnt2006, doe'tWikiversity opset waard.[2]
It webstee is in wiky en is troch elkenien oan te passen. Wikidata is meartalich opset. In diel fan de data sil beskikber wêze ûnder deCreative Commons-lisinsje CC0 en in oar diel ûnder Creative Commons Nammefermelding-LykDiele (CC BY-SA).