Wier | ||
![]() | ||
Flearmûzetoer fan Wier | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 195(1 jannewaris2023)[1] | |
Oerflak | 1,77 km², wêrfan: - lân: 1,73 km² - wetter: 0,03 km² | |
Befolkingsticht. | 110 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 15' N 5° 37' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan Wier FB-side fan Wier | ||
Kaart | ||
Wier is indoarp yn 'eFryskegemeenteDe Waadhoeke. It leit oan de Hege Dyk yn wat foarhinne de uterstenoardwestpunt fan Menameradiel wie, tichter byMinnertsgea (foarhinne ynIt Bilt) as byBerltsum (it neiste Menameradielster buordoarp).
Wier hat 195(1 jannewaris2023)[2] ynwenners.
De earste ynwenners fan Wier wiene boeren en fiskers. Oer deWierster Syl enBalksyl koene de fiskers maklik op deMiddelsee komme. Omkring it jier 1000 waarden der diken oanlein tuskenLjouwert en Wier, oerBitgum enBerltsum. Wier lei dus efter Berltsum. YnMenaam waard dêrom foarhinne wol sein, as immen frege fan "Ja wier?": "Wier leit achter Berltsum en ast der bist leit it derfoar."
Foar degemeentlike weryndieling fan1 jannewaris2018 makke it doarp al sûnt minskewitten diel út fan 'e gemeenteMenameradiel.
Yn de twadde helte fan de12e iuw waard de houten tsjerke ferfongen troch in tsjerke fan stien, dy't wijd wie oanJehannes de Doper. Oan de súdmuorre fan de tsjerketoer hinget in astronomysk oerwurk dat yn 1946 oanbean waard troch in ûnderdûker yn 'eTwadde Wrâldkriich. De tsjerke is tsjintwurdich eigendom fan deStifting Alde Fryske Tsjerken en wurdt eksploitearre troch de Stifting Freonen fan Terp & Tsjerke Wier.
Schelte Lauta liet yn1192 in stins bouwe; Lauta Stins. Yn1634 ferfong in nije state de stins, dy't yn1748 by inpachtersoproer ôfbaarnd waard. It plak dêr't de state stien hat is noch goed te werkennen. De singels binne op inisjatyf fan de bewenners opknapt en de grêften wer ferbrede. Natoer en asstrology foarmje de tema's dy't by de ûntwikkeling fan it projekt in rol spilen. Der is yn 'e styl fan de stinzepoarte in flearmûzetoer boud en der leit in stjerreheuvel; it projekt waard bekend as 'Nachttún'.
Itdoarpshûs fan Wier hjitd' Ald Skoalle. Ut 'e namme is ôf te lieden dat it foarhinne de doarpsskoalle wie, mar de Wiersterbern sitte no al lang ynMinnertsgea ofBerltsum op skoalle. Doarpsrûnte, de feriening foar Pleatslik Belang, hat yn d' Ald Skoalle syn gearkomsten. Yn it earste wykein fan july is dermerke. DoarpskranteOp 'e Roaster ferskynt yn Berltsum en Wier.
Ynwenners fan Wier wurde foar katten útmakke. Oan 'e Lautawei stiet sûnt 2002 in byldsje fan de 'Wierster Kat', dat dêr yn it ramt fan it 50-jierrich jubileum fan de doarpsferiening set waard.
Jier | 1840 | 2004 | 2013 | 2017 | 2018 | 2020 | 2023 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 258 | 210 | 206 | 211 | 206 | 190 | 190 |
Yn Wier sit Radarpost Noard fan deKeninklike Loftmacht, ien fan de twa saneamde "Medium Power Radars" wêrmei't it Nederlânske loftrom bewekke wurdt. De oare Nederlânske radarpost is yn Nieuw Milligen (by Apeldoorn) en is ûnderdiel fanAir Operations and Control Station Nieuw Milligen.
Nei 40 jier, yn 2021 waard in folslein nije radarynstallasje yn gebrûk nommen.[4] By in ûndersyk die bliken dat de doarpsbewenners fan de nije radar lûdshinder en stoaringen oan apparaten ûnderfûnen. Ek makken hja harren soargen oer de gefolgen fan 'e radarstraling op de folkssûnens. De wurkgroep Radar Wier ferwiet de gemeente Waadhoeke te folle passiviteit oer de soargen fan it doarp by de bou fan de nije militêre radar.[5]
Gernierswei, Hegedyk, Lautawei, Terpeleane, Tsjalling Bakkerstrjitte, Tsjerkepaad.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|