| Wiebe Kaspers | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 1990 | |
| berteplak | Jorwert | |
| etnisiteit | Frysk | |
| wurkpaad | ||
| sjenre | jazz, pop | |
| sjongtaal | Frysk | |
| ynstrumint | piano | |
| jierren aktyf | 2015 - no | |
| offisjele webside | ||
| Webstee Wiebe Kaspers | ||
Wiebe Kaspers (Jorwert,1990) is in Fryskepianist,sjonger en multy-ynstrumintalist útLjouwert.
Wiebe Kaspers slagge yn 2010 foar de piano jazz&pop-oplieding oan it ArtEZ konservatoarium. Yn 2012 slagge er by ArtEZ foar de masteroplieding 'Muzykteäter'. Dêrnei spile hy mei syn muzykteäterduo Hammer & Kaspers en trede op mei syn solokonsertMuziek!
Yn 2013 presintearre Kaspers yn it radioprogrammaNoardewyn fanOmrop Fryslân syn debútsingleIt Gouden Fjild. It wie in bewurking fanFields of gold fan Sting en waard opnomd trochNico Outhuijse, meiSyb van der Ploeg as produsint. Wiebe wie yn de kunde komd mei Syb van der Ploeg doe’t dy it earste solokonsert fan Wiebe bywenne yn de tsjerke fan Wiebe syn bertedoarp Jorwert, dêr’t Syb him koart dêrfoar nei wenjen setten hie. Yn 2015 treden Syb en Wiebe op mei it programmaDe toon van de tijd.[1]
Syn belangrykste beuzichheid is de bandWIEBE dy't progressive popmuzyk makket, mei Ingelske en Fryske teksten. De bandleden kenne elkoar fan it ArtEZ konservatorium ynSwol. Wiebe Kaspers skriuwt de teksten en mei har trijen skriuwe se de muzyk. Wiebe dochtlead vocals enkeys, Daan Slagter (1993, Uithuizermeeden) spilet op drums en dochtbacking vocals lykas Florian den Hollander (1991, Capelle aan de IJssel) dy ’t bas en moog-syntesizer spilet.
Harren debútalbumNei sa’n dei ferskynde yn febrewaris 2015. Mei dit album gie Wiebe dat jier op toernee mei syn teäterkonsertIt Frije Lân.[2]
De namme fan it twadde album∆ELTA ferwiist nei de Grykske letter delta, dy ’t symboal stiet foar it sifer fjouwer. It is ek it ferburgen fjirde diel fan de op de hoes ôfbylde trijehoek. Op∆ELTA steane 12 tracks, 3 x 3 tracks en in ferburgen suite fan ek 3 nûmers. De lietsjes hawwe allegear te krijen mei de 'problemen fan 25-jierrigen. Dêrom stiet in ôfbyld fan de Piramide fan Rubik op de foarkant fan de albumhoes. Op it album binne trije ferhaallinen of tema’s te ûntdekken: leafde, freonskip en karrière. Boppedat hawwe alle lietsjes in titel dy ’t út trije wurden bestiet, op ien liet nei, nammentlikThree. Yn dat liet komme de ferhaallinen gear en dat duorret dan wer krekt 3 minuten en 33 sekonden. Op de plaat stiet in gastbydrage fanElske DeWall, en in liet dat skreaun waard yn gearwurking mei Syb van der Ploeg.[3]
Neidat Wiebe ûnder oare by de 3FM Serious Talent-bandWhen We Are Wild spile hie, kaam hy yn 2015 mei syn bandWIEBE yn de finale fan deLytse Priis fan Fryslân.[4]Yn 2016 en 2017 waarden se nominearre foar deBernlefpriis. Foar harren fernijende 360º klipHelp, help, help krige de band de Omrop Fryslân Klipkar Award by de Fryske Popawards. Yn 2018 waard it nûmerWat is er mis met luisteren fan Kaspers mei Syb van der Ploeg en Gé Reinders nominearre foar de Annie M.G. Schmidtpriis.[5]
Wiebe Kaspers wie jierrenlang op paad as iene helte fan it teäterduo Hammer & Kaspers. Mei teätermaksterInez Timmer spile Wiebe yn 2017 de teäterthrillerStockholm! Of in inkele reis Sabeare yn hûskeamers en lytse poadiums.[6] Yn it stik wurdt in jonge tweintiger ûntfierd troch in âldere dame. It skript foar dy teäterfoarstelling waard skreaun troch Tjerk Kooistra, winner fan meardereGouden Gurbes foar syn rezjy by de iepenlofstspullen fan Jorwert.[7]
Yn 2017 makke Wiebe Kaspers mei skoalbern út deGreidhoeke it lietNim my mei dy mei. It wie ûnderdiel fan in projekt oer de efterútgong fan deskries en it ferlies oan bioferskaat yn it lânskip. It liet giet oer in jonge dy’t op bêd leit en bûten de skries roppen heart. It liet waard yn 2017 de heechste binnenkommer yn deFryske Top 100 fanOmrop Fryslân.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |