Opfieding is in proses wêrby't in persoan (meastal inbern) oantrune en ûnderstipe wurdt talichaamlike,emosjonele,sosjale,finansjele enyntellektuële ûntwikkeling, mei as eindoel syn of har selsstannigens as folweardich lid fan inkultuer enmaatskippij. By bern wurdt de opfieding ek wol itgrutbringen ofopbringen neamd en omfiemet it ek algemiene fersoarging troch it bieden faniten endrinken,klean enûnderdak. It grutbringen wurdt ornaris dien troch deâlden, en duorret fan 'eberte ôf oant defolwoeksenens berikt is, yn 'e regel rûchwei achttjinjier.
As it goed is, wurdt it bern yn dy perioade foarme nei de algemien jildendenoarmen en wearden fan syn of harkultuer, ensosjalisearre sadat hy of sy produktyf mei oare leden fan 'e maatskippij fan dy kultuer omgean kin. It krekte aard fan 'e opfieding ferskilt lykwols fan kultuer ta kultuer, en dêrnjonken besteane der binnen ien kultuer ek grutte ferskillen as menhistoaryske tiidrekken mei-inoar ferliket, om't defilosofy fan de opfieding troch deiuwen hinne oanhâldend bleatsteld west hat oan feroaring. Dewittenskipsdissipline dy't him dwaande hâldt mei de stúdzje fan opfieding hjitopfiedkunde ofpedagogyk.
De opfieding kin beskôge wurde as in soarte fanoplieding foar itlibben. Njonken de âlden drage in grut tal oaren oan 'e opfieding fan ien bern by, wêrûnderpakes en beppes,omkes enmuoikes,babysitters, meiwurkers fan 'ekres of itpjutteboartersplak,ûnderwizers op 'ebasisskoalle,leararen op 'emiddelbere skoalle,dosinten enperfesters yn itheger ûnderwiis, ensfh., mar ekjeugdfreonen en âldere bern dy't as foarbyld tsjinje. It primêre fermidden fan 'e opfieding is foar de measte bern itgesin, en dêrbinnen nimme soms âlderebruorren ofsusters in diel fan 'e opfieding fan 'e jongere bern op har.
As infolwoeksene him net oan 'e algemien aktseptearre omgong mei oaren hâldt, en om dy reden in nije opfieding kriget, wurdt oer it algemien sprutsen fanweropfieding. Soks bart ornaris yn 'efinzenis of in oarestrafynrjochting dêr't sokke persoanen tsjin harren wil fêstholden wurde. Hoewol't ynNederlân en de measte oarelannen definzenisstraffen dy't oplein wurde kinne, benammen rjochte binne opferjilding, binne ornaris beslist ek weropfiedingseleminten yn 'e straffen bemjukse. Yn Nederlân hat men dêrfoar deeufemistyske oantsjutting 'tarieding op 'e weromkear yn 'e maatskippij' betocht. De term 'weropfieding' wurdt ek wol yn ûneigentlike sin brûkt foaryndoktrinaasje fandissidinten yndiktatueren, wêrfoar't dyselden dan fêstholden wurde ynpenitinsjêreweropfiedingsynstellings.