Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Wenen

Ut Wikipedy
Wenen
Wien
Bestjoer
LânEastenryk
Sifers
Ynwennertal1.712.903(2010)
Oerflak414,89 km²
Befolkingsticht.4235,2 / km²
Stêdekloft2.419.000
Hichte151(Lobau) – 542 m
Oar
TiidsôneCET (UTC+1)
SimmertiidCEST (UTC+2)
Koördinaten
Offisjele webside
(in)Wien.gv.at - Offisjele webside

Wenen (Dútsk:Wien) is de haadstêd fanEastenryk en fan itBundesland Wien. Der wenje likernôch 1,6 miljoen minsken en it is de grutste stêd en kultureel en polityk sintrum fan Eastenryk. De stêd is neiBerlyn enHamburch de tredgrutste Dútsktalige stêd op 'e wrâld. Rivier deDonau streamt troch de stêd en leit mar 40 kilometer fan deSlowaakske haadstêdBratislava ôf. Om de dielsteat Wenen hinne leit de dielsteat Neder-Eastenryk. Eleminten fan itHillige Roomske Ryk en fan it Eastenryk-Hongaarske Keizerryk oppenearje har yn it sintrum fan de stêd. Wenen is ek tige bekend om de komponistenBeethoven,Mozart enStrauss dy't der wurke hawwe en stoarn binne. DeFeriene Naasjes hawwe ferskate agintskippen yn de stêd.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Wenen is ûntstien op it stee fan in fersterke Romeinsk legerkamp (Vindobono) oan de swette fan itRomeinske Ryk en wurdt foar in earst neamd as stêd yn1137. Troch deHabsburgers (ein 13e iuw) waard Wenen ta residinsje en middelpunt makke fan harren besittings en waakse de stêd út ta ien fan de wichtichste stêden fan Jeropa. Sûnt de 15e iuw wie Wenen haadstêd fan de keizers fan itHillige Roomske Ryk. Twaris (1529 en 1683) is Wenen troch deTurken belegere west en yn 1805 en 1809 hawwe de Frânsken ûnderNapoleon de stêd bese. Yn 1939 foarme Wenen, nei de Anschluss, in ôfsûnderlike ryksgou. Yn april 1945 waard de stêd ferovere troch de Russen. Oant 1955 wie Wenen opdield yn fiif sônes, in Russyske, in Amerikaanske, in Britske, in Frânske en in mienskiplike.


  • Reuzenrad yn it Prater (1897)
    Reuzenrad yn itPrater (1897)
  • De Hofburg oan de Heldenplatz
    De Hofburg oan deHeldenplatz
  • Ien fan Mozart's wenten yn Wenen, Domgasse
    Ien fan Mozart's wenten yn Wenen, Domgasse
  • Albertina
    Albertina
  • Judenplatz
    Judenplatz
  • Museumkertier
    Museumkertier
  • Eastenryksk Parlemint
    Eastenryksk Parlemint
  • De Stephansdom
    De Stephansdom
  • Steatsopera
    Steatsopera
  • Sintraal begraafplak
    Sintraal begraafplak

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Dielsteaten fanEastenryk
BurgenlandKarinsjeNeder-EastenrykOpper-EastenrykSalzburgStiermarkenTiroalVorarlbergWenen
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Wenen&oldid=1146132"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp