Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Weakdieren

Ut Wikipedy

Deweakdieren (Mollusca) binne instamme fan deboppestamme fanoermûnigen (Protostomata), mei in sêft lichem en ornaris inskulp. Neiartropoden is it de stamme mei de measte soarten; nei skattings yn2019 fan gauris 50.000 seeweakdieren, mear as 25.000 lânseigen weakdieren, en mear as 6.000 swietwetterweakdieren.

Weakdieren fertoane in grutte morfologyske ferskaat en binne ferdield yn sa'n achtklassen, dêr't de bekendste deslakken (Gastropoda) binne, detwaskulpdieren (Bivalvia), en deinketfissen (Cephalopoda). Der binne wichtige ferskillen ynanatomy, hâlden en dragen, enhabitat, mar weakdieren diele ferskate skaaimerken, lykas de struktuer fan itsenuwstelsel, itiepen sirkulaasjesysteem, en de ûntwikkeling fan itembryo.

Der is goed wat bewiis foar dat slakken, ynketfisken en skulpdieren ûntstien binne yn itKambrium, 541 oant 485,4 miljoen jier werom. In oantal weakdieren wurde ek wolskulpdieren neamd. Dy groep omfiemet demossel,kokkel,oester,slak,ynketfisk ensint-jakobsskulpen.

Klassifikaasje fan weakdieren

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Klassifikaasje fan it bisteryk
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Weakdieren&oldid=1210938"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp