Dewaskbearen (wittenskiplike namme:Procyon) foarmje inskaai fan 'eklasse fan 'esûchdieren (Mammalia), itskift fan 'erôfdieren (Carnivora), deboppefamylje fan 'emarterdieren (Musteloidea), defamylje fan 'elytse bearen (Procyonidae), deûnderfamylje fan 'e echte waskbeareftigen (Procyoninae), detûke fan 'ewaskbearen en sibben (Procyonini) en deûndertûke fan 'eechte waskbearen (Procyonina).
Ta dit skaai hearre trije 3 libbenesoarten, wêrfan't de (gewoane)waskbear (Procyon lotor) útNoard- enMidden-Amearika sûnder mis it bekendst is. De oare beide soarten komme foar yn 'etropen: dekrabbeslinende waskbear (Procyon cancrivorus) fanSúd-Amearika en deCozumelwaskbear (Procyon pygmaeus), dy't yn synferspriedingsgebiet beheind is ta itMeksikaanske eilânCozumel. Waskbearen steane bekend om harren knaphandigens mei de 'hannen', dêr't se bgl. ôfslettenjiskefetten endoarren mei iepenje kinne. De neiste sibben fan 'e waskbearen binne denoasbearen of koätys (Nasua) fanLatynsk-Amearika.
Ferskate oare soarten dy't foarhinne ta dit skaai rekkene waarden, wurde no sjoen asûndersoarten fan 'e (gewoane) waskbear. Dêrby giet it om 'eBahamaanske waskbear (P. l. maynardi), deGûadelûpwaskbear (P. l. minor), deTres-Mariaswaskbear (P. l. insularis) en deútstoarneBarbadoswaskbear (P. l. gloveralleni). In fyfde soarte,Procyon brachyurus(Wiegmann, 1837), waard beskreaun op basis fan twa fongen eksimplaren, mar de identiteit fan dit bist is net mear nei te kommen mei't de preservearre restanten fan 'e beide bisten wei rekke binne.