Walter Scott is berne yn Edinboarch, as soan fan advokaat Robert Scott, yn College Wynd, in ferfallen part fan de Old Town. It libben dêr wie net sûn, de bernestjerte dêr wie heech.
As jonkje fan 8 krige Walterpolio mei as gefolch in bliuwende ferlamming fan de rjochter skonk. Foar syn opbetterjen waard er nei syn pake en beppe op Sandyknowe Farm ynSmailholm,Roxburghshire stjoerd (1773). Syn beppe fertelde spannende ferhalen út de Skotske skiednis en lies him foar út âlde Skotske balladen. Muoike Jenny ûnderwiisde him lêzen en skriuwen. Ut en troch reizge Walter neiBath enPrestonpans foar wetterkueren.
Yn1778 kaam Walter wer ynEdinboarch, benammen om goed ûnderwiis folgje te kinnen. Hy gie nei in privaatskoalle. Yntiid wiene syn âlden ferhuze nei de nije wyk George Square dêr't se in rom hûs kocht hienen. Dat bleaun Walter syn thús oant syn houlik.
Efkes letter studearre hy ek alrjocht oan deUniversiteit fan Edinboarch en kaam as learling by syn heit yn de praktyk. Doe't er 22 jier wie waard er beëdige as advokaat.
Walter Scott syn earste grutte leafde wie Williamine Belscher. Hja wie fan rike adel. Oft sy ek fan him hâlden hat is ûnwis. Uteinlik hat se foar Sir William Forbes fan Pitsligo keazen, al wie it mar om't se oars fier ûnder har stân trouwe moatten hie. Om dy reden ôfwiisd te wurden hat Scott lange tiid in protte fertriet fan hân en hy hat him yn dy tiid synysk útlitten oer it houlik-út-leafde.
Hy troude mei Margaret Charlotte Charpentier (Lyon, desimber1770 -15 maaie1826) op24 desimber1797 yn St Mary's Church ynCarlisle. Al nei trije wiken ferkearing hie er om har hân frege. Hy moete har doe't er mei syn broer John troch itLake District. (Cumberland) reisge. It wie in lokkich houlik. Se krigen twa bern: Charlotte Sophia (24 oktober1799) en Walter (28 oktober1801).
Op 16 desimber 1799 waard er beneamd asSherrif Depute fanSelkirkshire. Dy funksje frege syn oanwêzigens fan july oant novimber. Yn 1804 sette hy him ta wenjen yn Selkirk.
Walter hie altyd al in soad lêzen neist skoalle, mar doe't er 25 jier wie begûn er sels serieus mei de skriuwerij neist syn wurk as advokaat. Yn 't earstoan sette hy balladen en ferhalen út itDútsk oer. Eigen wurk lykasThe Minstrelsy of the Scottish Border waard goed ûntfongen, marThe Lay of the Last Minstrel (1805) wie in grut súkses.
Yn1811 kocht er Cartly Hole Farm oan de rivier deTweed byMelrose. Hy moast der alle jild foar liene. Fan 1816 - 1824 realisearre hy dêr Abbotsford, in hearehûs yn IngelskeBaronian Style.
Wilens wie er in begoedige man troch it súkses fan syn earste wurken, benammenThe Lady of the Lake (1820). Hy waard in grut samler fan histoaryske boeken, âlde Skotske balladen, wapens, harnassen en oare histoaryske reliken. Op de ein fan syn libben hie er mear as 9000 boeken op Abbotsford.
Abbotsford House
Mei it ferskinen fan de histoaryske romanWaverly (1814) bruts in nije faze fan syn skriuwerskip oan. Scott wie yn 't earst tige benaud foar ôfwizing troch lêzers en kritisy, dat hy publisearre ûnderpseudonym. Hy hat ferskate skûlnammen brûkt, mar asSkriuwer fan Waverly waard er ferneamd. It hat oant1827 duorre ear't h er ûnder eigen namme publisearre doarde, wylst de measte minsken doe al lang op de hichte fan syn identiteit wiene.
Walter Scott wurdt wol ien fan de earste ynternasjonale auteurs neamd. Hy hie lêzers yn Grut Brittanje,Kanada,Austraalje, West- en East Jeropa en ûnderhâlde kontakten mei bûtenlânske kollegas. Syn ynfloed op bûtenlânske skriuwers stiet net yn 'e kiif en men moat sizze dat troch him deskiednis fan Skotlân 'op de kaart' set is yn 19e-iuwskJeropa.
Nei syn ferstjerren hat Sir Walter Scott in tombe krigen op it terrein fanDryburgh Abbey (ek oan de Tweed) yn de Scottish Borders dêr't er sa fan hâlden hie.
In blyk fan populêrens wie it iepenstellen fanAbbotsford foar it publyk mar trije jier nei syn dea. It museum wurdt jierliks troch tûzenen besocht. Yn Edinboarch stiet it mânskeScott Monument ta syn eare. It is boud tusken 1841 en 1845. In 64 nissen steane stânbylden fan personaazjes út syn wurk. De ferfilmingen fanIvanhoe yn de 20e iuw hawwe der och sa foar soarge dat de namme Walter Scott bekend bleaun is by in grut publyk.
Breathes there the man, with soul so dead, Who never to himself hath said, This is my own, my native land! útThe Lay of the Last Minstrel troch Walter Scott
Oh! what a tangled web we weave When first we practise to deceive!
útMarmion, Canto VI. Stanza 17. troch Walter Scott