Waad is gebiet mei in hichte tusken de normale eb- en floednivo's. Yn it bysûnder wurdt meiIt Waad ornaris doeld op it waadgebiet fanNederlân,Dútslân enDenemark.
Waad komt fan itAldfryske wurdvade, dat trochwaadzje betsjut.[1]
Undersyk hat útwiisd dat der in beheind oantal mooglike types waadkusten binne. It type fan in gebiet is dêrby ôfhinklik fan de omstannichheden op dat plak, benammen de hichte fan it tijferskil en de gemiddelde weachhichte.
Yn it generaal jildt dat in grut tijferskil tegearre mei in lege weachhichte in tige ‘iepen’ kust jout, sûnder eilannen, mei inkelsânplaten en in grut gebiet meikwelders en waadplaten.
En oarsom jout in hege gemiddelde weachhichte tegearre mei in lyts tijferskil in ‘sletten‘ kust mei tige lange eilannen, fan tsientallen kilometers, mei dêrefter inlagune mei in pear oant hast gjin waadplaten.
De gemiddelde weachhichte byRottum is sawat 1 meter wylst it trochsneed tijferskil mear as 2 meter is. Hjirút docht bliken dat de Nederlânsk/Dútske waadkust yn type 3 falt, karakterisearre troch in soad (koarte) eilannen en in soad seegatten.
M.O. Hayes - Barrier island morphology as a function of tidal and wave regime. In: S.P. Leatherman (ed) Barrier islands, from the Gulf of St. Lawrence to the Gulf of Mexico, Academic Press, 1979.