Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Vorarlberg

Ut Wikipedy
Vorarlberg
FlaggeWapen
Lokaasje
Geografy
Soarte gebietdielsteat (Bundesland)
LânEastenryk
HaadstêdBregenz
Oerflak2.601,67 km²
Befolking
Ynwennertal397.139(2020)
Befolkingstichtens153 / km²
Bûtenlanners18,2(2020)
Polityk
LandeshauptmannMarkus Wallner (ÖVP)
Regearjende partijenÖVP en Grüne
Ferdieling sitten yn
   dielsteatsparlemint

   (Landtag, 36 sitten)
ÖVP: 17fan 36
SPÖ: 4fan 36
FPÖ: 5fan 36
Grüne: 7fan 36
NEOS: 3fan 36
FPÖ 5fan 36
Lêste ferkiezings13 oktober 2019
Folgjende ferkiezings2024
Sitten yn Federale Ried3
Oar
Folksliet’s Ländle, meine Heimat
ISO 3166-2AT-8
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Websidevorarlberg.at

Vorarlberg (Dútsk:Vorarlberg;Allemannysk:Vorarlbearg; somsferfryske taFoararlberch) is de meast westlike dielsteat fanEastenryk. Haadstêd isBregenz. Oare grutte plakken binneDornbirn enFeldkirch. It is opWenen nei de lytste dielsteat en troch't Vorarlberg mear opDútslân,Switserlân enLychtenstein rjochte wie is it kultureel mear besibbe oan dy lannen dan oan Eastenryk.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Switserske adheezje foar de oansluting fan Vorarlberg by Switserlân

Nei it ynstoarten fan deHabsburger monargy liet Vorarlberg yn 1918 him bestjoerlik fan it doedestiidske Tiroal ôfskiede. In referindum oer it begjinnen fan ûnderhannelings mei Switserlân foar oansluting by it Switserkse Eedgenoatskip koe yn 1919 rekkenje op in mearderheid fan goed 80% fan de befolking. Sa fier kaam it lykwols net; it provisoaryske bestjoer fan Vorarlberg en de Switserske Bûnsried wifken, benaud dat hja wiene foar de fersteuring fan it Fredesferdrach fan St. Germain en it lykwicht tusken talen en leauwe yn Switserlân mei de tafoeging fan in kanton fan Dútsktalige katoliken.

Mei de stifting fan de Republyk Eastenryk waard Vorarlberg in selsstannige dielsteat mei in eigen regear en grûnwet. Vorarlberg is de iennige Eastenrykske dielsteat dat him yn de grûnwet as in selsstannige steat omskriuwt.

By deAnschluss fan Eastenryk op 12 maart 1938 waard Vorarlberg mei de rest fan Eastenryk by itTredde Ryk foege. Fuort nei de machtsoername troch denasjonaalsosjalisten waard Vorarlberg mei Tiroal yn it Gau Tirol-Vorarlberg opnommen. Vorarlberg wie langer net mear selstannich. Yn Vorarlberg wennen net in soad joaden, allinne Hohenems hie sûnt de 17e iuw in joadske gemeente, dy't opheft waard en wêrfan't de leden nei de ferneatigingskampen stjoerd waarden. It kriichsgeweld bleau Vorarlberg fierder foar it measte bewarre. Flak foar it kriichsein yn de maaitiid fan 1945 skeaten de SS-ers op boargers, dy't by de naderjende Frânske troepen te betiid harren wite flaggen bûten hongen hiene.

Nei de kriich hearde Vorarlberg fan 1945 oant 1955 mei Tiroal (útsein East-Tiroal) ta de Frânske besettingssône.

Yn de jierren 1999-2005 soargen oerstreamings yn dielen fan Vorarlberg foar grutte skea.

Befolking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Marijekapel yn Gaschurn

Dialekt

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn Vorarlberg wurdt oars as yn de rest fan Eastenryk inAllemannysk dialekt praat. Dat komt om't Vorarlberg kultureel mear besibbe is oan it oangrinzgjende Lychtenstein en Switserlân, dêr't ek Allemannysk praat wurdt, wylst yn de rest fan Eastenryk itBeiersk de fiertaal is. Ek Vorarlberg hat wer regionale ferskillen yn it dialekt.

Religy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sifers fan 2018 wize út dat 61% fan de befolking roomsk is. Yn 2001 wie dat noch 78%. Moslims foarmen yn 2018 13% fan de befolking (yn 2001 8%). De islamityske mienskip bestiet fral útTurken enBosnyske Moslims, dy't fral yn it distrikt Dornbirn grutte mienskippen ha. Joech yn 2001 noch mar 6% fan de befolking op gjin leauwe te hawwen, yn 2018 wie dat persintaajze tanommen ta 17,8%. De protestanten en otterdoksen foarmje mei 2,9% en 4% lytsere mienskippen.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Jier1869188019001923193919511971199120112018
Ynwennertal102.702107.373129.237139.979158.300193.657277.154331.472369.938391.741

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Vorarlberg is yn fjouwer ûnderskate bestjoersdistrikten ferdield. Dy drage allegear de nammen fan de distriktshaadstêd. Neffens grutte yn oerflak binne dat efterinoar: Bludenz, Bregenz, Feldkirch en Dornbirn.

Fierder is Vorarlberg yn 96 gemeentes ferdield; fiif dêrfan hawwe stedsrjochten (Bludenz, Bregenz, Dornbirn, Feldkirch en Hohenems) en nochris tolve drage de status fanMarktgemeinde.

Haadstêd fan de dielsteat is Bregenz.

Bregenz
Distrikten
DistriktYnwennertal
01.01.2020
Oerflak
yn km²
Befolkingstichtens
(ynw. / km²)
Distrikt Bludenz108.133278,31389
Distrikt Bregenz89.912172,36522
Distrikt Dornbirn64.1071.287,6450
Distrikt Feldkirch134.987863,36156
Vorarlberg397.1392.601,67153

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De dielsteat leit tusken deBodensee en de Alpenryn yn it westen, de Arlberg en de Verwallgroep yn it easten, de berchtoppen fan de Rätikon en de Silvretta yn it suden en it Allgäu yn it noarden.

De Alpenryn is de belangrykse rivier yn Vorarlberg en foarmet de grins mei it oanbuorjende Switserlân. De Ill is de grutste sydrivier fan de Ryn en mûnet by Meiningen yn de Ryn. De Bregenzer Ache en de Dornbirner Ach mûne op de Bodensee út.

De 63 kilometer lange en maksimaal 14 kilometer brede Bodensee leit oan de westlike kant fan Vorarlberg. De mar leit tusken Dútslân, Switserlân en Eastenryk ynklamme mar hat gjin offisjele grins.

De heechste berg fan de dielsteat is de Piz Buin mei in hichte fan 3312 meter. Oare bekende bergen binne: de Zimba (Rätikon), de Schesaplana (heechste berch fan de Rätikon), de Rote Wand (Lechquellengeberchte), de Drei Türme (Montafon), de Drei Schwestern (by Frastanz/Feldkirch), de Diedamskopf en de Kanisfluh yn it Bregenzerwald, de Große Widderstein (heechste berch fan it Kleinwalsertal), de Karren yn Dornbirn, de Pfänder yn Bregenz. It bekendste berchmassyf is de Silvretta yn it súdeasten fan de dielsteat. Dêr binne ek de grutstegletsjers te finen. Oan de grins mei Switserlân yn it suden leit it Rätikon-geberchte mei steile hellings rjochting noarden. Yn it Bregenzerwald wurde de bergen nei it súdeasten ta 2650 meter heech.

  • Ofbylden
  • Formarinsee yn it Lechquellengeberchte
    Formarinsee yn it Lechquellengeberchte
  • Piz Buin
    Piz Buin
  • Dornbirn
    Dornbirn
  • Maaitiid yn Großwalsertal
    Maaitiid yn Großwalsertal
  • Brêge oer de Bregenzer Ache
    Brêge oer de Bregenzer Ache
  • Bodensee
    Bodensee

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryVorarlberg fanWikimedia Commons.
Dielsteaten fanEastenryk
BurgenlandKarinsjeNeder-EastenrykOpper-EastenrykSalzburgStiermarkenTiroalVorarlbergWenen
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Vorarlberg&oldid=1030200"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp