Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Vajrayana

Ut Wikipedy
Boedistyske seremoanje yn Ladakh

ItVajrayana (Sanskryt foar 'diamanten reau') is in streaming yn itboedisme. It doel fan it Vajrayana is it berikken fan it boedaskip om as sadanich fielende wêzens nei de ferljochting liede te kinnen.Rituelen eninisjaasjes nimme in wichtich plak yn it Vajrayana, dat bekend stiet om haar mystike en (wat)okkulte eleminten. Troch dy okkulte eleminten wurdt it ek wol Esotearysk Boedisme neamd. It ûntstie yn Yndia en wurdt tradisjoneel sprutsen benammen praktisearre yn it Tibetaansk boedisme ynTibet,Nepal,Bûtan enMongoalje. Ek it JapanskeShingon boedisme is in Vajrayana skoalle. Tsjintwurdich is it Vajrayana ek yn itWesten populêr, as ûnderdiel fan it Tibetaansk boedisme.

Untstean en skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Vajrayana ûntstie grif om de 4e iuw nei Kristus ynYndia, hoewol't neffens de Vajrayana tradysje sels, de histoaryske Boeda Shakyamoeni ûnderrjochtet yn it Vajrayana jûn hat (lykas deKalachakra). It Vajrayana is basearre op itMahayana boedisme, mar se waard grif ek beynfloede troch eleminten út de destiidsketantryske enhindoeïstyske lear. It Vajrayana hat syn eigen teksten, de saneamde Tantras, mar de filosofy is wol hielendal basearre op de Mahayana lear.Fanút Yndia waard it Vajrayana ferspraat nei Sina en Tibet. Yn de 12e iuw nei Kristus ferdwûn it Vajrayana, tagelyk mei de oare destiidskeboedistyske streamingen út Yndia as gefolch fan demoslimynvaazjes en in gedieltlike yntegraasje fan it boedisme yn it hindoeïsme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Vajrayana&oldid=1009497"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp