Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Utert (stêd)

Ut Wikipedy
Utert
Utrecht


Ofbylden fan it sintrum fan Utert mei de Domtsjerke en -toer
flaggewapen
lokaasje
polityk
lânflagge fan NederlânNederlân
provinsjeUtert
koördinaten52° 5′ NB, 5° 6′ EL
boargemasterSharon Dijksma (PfdA)
sifers en geografy
haadplakUtert
grutste plakUtert
ynwennertal374.130(1 jannewaris2024)
befolkingstichtens3.857 /km²
oerflak99,21 km²
● wêrfan lân93,83 km²
● wêrfan wetter5,38 km²
tal stêden1
tal doarpen3
ferkearsieren,,,,
skiednis
oprjochte2 juny1122
oar
netnûmer030
postkoade3450-3455, 3546 (wyk Vleuten-De Meern), 3500-3585
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.utrecht.nl
Sicht op de Domtoer fan de Stedhûsbrêge

Utert[1] (Nederlânsk en offisjeel:Utrecht, yn it pleatslikedialekt:Utreg ofUtereg) is ingemeente, dehaadstêd fan deprovinsjeUtert en de fjirdestêd fanNederlân (mei374.130 ynwenners op1 jannewaris2024, boarne: CBS). Utert is ien fan de stêden fan deRânestêd. It is de fluchst waaksende stêd fan Nederlân.

De stêd leit sintraal ynNederlân op in knooppunt fandyk,spoar enwetter; dêrtroch fine der in soadbeurzen enkonvinsjes plak. ItStasjon Utert-Sintraal is it drokstetreinstasjon fan Nederlân. Yn de stêd húsmanje ûnder oaren degrutste universiteit fan Nederlân, ithaadkantoar fan deNederlânske Spoarwegen en deJierbeurs. Utert is ek de sit fan deRoomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân en fan itAartsbisdom Utert. Ek is de stêd it sit fan deAld-Katolike Tsjerke.

Utert is ien fan de âldste stêden fan Nederlân mei in wichtich histoarysk sintrum, mar ek mei nijmoadrige bouwurken lykas itwinkelsintrumHoog-Catharijne, dêr't de mieningen hiel wat negativer oer binne. Omreden fan deDomtoer, in symboal fan de stêd en mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân, wurdt de stêd ek wol deDomstêd neamd.

De gemeente Utert bestiet njonken de stêd Utert ek út de kearnenHaarzuilens,De Meern enVleuten.

Namme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De namme fan Utert hat syn komôf fan itLatynskeTraiectum, itjinge soksawat betsjutte as "oerstekplak", dat infurde oer deRyn hinne. Trajectum waard yn itAldnederlânskTrecht. Om it fan de "oare Trecht",Maastricht oan de rivier deMaas, te ûnderskieden, waard itUu Trecht, dêr'tUu in ferwizing nei de ûnderrin oan de Ryn wie. Dat waard yn demidsiuwen op syn bart wer ferlatynske taUltraiectum. Ek waard de stêd wol oantsjut asTraiecti Batavorum (Bataafske Trecht).[2]

Yn it pleatslike dialekt fan Utert wurdt de stêdUtreg neamd, en komt yn de multykulturele strjittetaal fan de Rânestêd wol foar asUtka. Bykarnaval hjit de stêd tydlikLeemput.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Der is bewiis fûn dat der al bewenning wie yn destientiid (2200 f.Kr.) en debrûnstiid (1800-800 f.Kr.). De werklike skiednis fan Utert set útein mei de bou fan in legerkamp (castellum) oan deRyn troch deRomeinen om likernôch50 n.Kr. hinne. KeizerKlaudius besleat dat itRomeinske Ryk net fierder nei it noarden ta útwreidzje sil. Hy liet dêrom in stikmannich fersterkings by deRyn, de noardlike grins fan it Ryk, del, en sadwaande waard de ferdigeningslinyLimes Germanicus boud. Dehaadstream fan de Ryn gie doetiids oer deKrûme Ryn en deAlde Ryn, en dy wiene dus part fan de grins. De fersterkings koene sa'n 500 romeinske soldaten hûsmanje. Njonken de fersterkings ûntstiene plakken dêr't ambachtslju, tsjinsten, hannelers en de froulju fan de soldaten harren nei wenjen setten.

Op, dat hjoed-de-dei itDomplein is, bouden de Romeinen it fortTraiectum, op it plak dêr't de Ryn oerstutsen wurde koe. Om it jier200 n.Kr. hinne waarden de houten muorren dy't om de fersterking hinne stiene ferfongen troch muorren boud meidowestien. Oerbliuwsels dêrfan binne ûnder it Domplein fûn.

Fan de midtredde iuw ôf foelen Germaanske stammen gauris it Romeinske gebiet yn. Fan275 ôf koene de Romeinen de noardlike grins net langer mear ferdigenje en Traiectum waard efterlitten. Fan it tiidrek fan270 oant650 is der mar in bytsje bekend en der waard pas fanijs oer Utert sprutsen yn desande iuw, lang nei't de Romeinen fuortgien wiene.

Letter hawwe deFranken, ûnder keningDagobert I, op it stee binnen de muorren fan it âlde romeinske fort in tsjerke boud dy't troch deFriezen healwei yn de7e iuw oermastere waard. De Fryske keningenAldgilles enRedbad makken fan Utert harren residinsje, nei't se harren machtsgebiet ynFrisia Citerior útrweide hawwe.[3] Nei de oermastering fan itFryske keninkryk trochKarel Martel yn723 waard de stêd fannijs troch de Franken oermastere. It stee kaam doe yn besit fan de Angelsaksyske biskopWillibrord en waard in wichtich tsjerklik sintrum mei grutte wrâldske macht. Willibrord waard troch pausSergius I oansteld en kristenje de Friezen. It oanstellen fan Willibrord wurdt wol sjoen as it begjin fan dePrinsbisdom Utert en Utert waard ien fan de wichtichste kristlike sintrums yn Noardwest-Jeropa. Nei it neigean fan it justjes by de stream op lizzende hannelsplakDoarestêd om850 hinne, naam Utert it hannelsbelang foar in grut part oer.

De Wikipedy hat ek in sidePrinsbisdom Utert.

Nei't de Frankyske hearskers itfeodale systeem ynfierd hiene, krigen de Utertske biskoppen njonken de geastlike macht ek wrâldske macht. Hja krigen njonken it gebiet om Utert hinne ek grutte parten, yn dat hjoed-de-dei it easten fan Nederlân is, yn erflien. Hja krigen gauris feodale konflikten mei harren buorren, degreven fan Hollân en dehartoggen fan Gelre. DeFeluwe waard troch Gelre oermastere en sadwaande waard it Prinsbisdom dêrtroch yn twaen snien. It gebiet om Utert hinne waard itNederstift, de hjoeddeistige provinsje Utert, en deOerstift, it gebiet fanOerisel enDrinte meiStellingwerf wie it oare gebiet.

Untjouwing fan de stêd

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Oarkonde fan 2 juny 1122 fan de befêstiging troch keizer Hindrik V fan de stedsrjochten dy't troch biskop Godebald oan Utert jûn wiene

Troch syn geunstige lizzing oan de Ryn waard Utert in wichtige hannelstêd. De waaksende stêd krige yn1122 fan keizerHindrik V fan itHillige Roomske Rykstedsrjochten. DeKrûme Ryn rekke lykwols troch de iuwen hinne hieltyd mear ferlanne. Dehaadstream fan de Ryn rûn yn dy tiid al oer deLek as deWaal. Om Utert berikber te hâlden waard it wetter om de stêd hinne kanalisearre en der waarden grêften om en yn de stêd groeven, dy't hannel oer wetter mooglik makken. By de grêften del waarden pakhûzen mei kelders, dy't op wetterhichte boud waarden dêr't it ferhannele guod yn laden en lost wurde koe, boud.

De biskoppen fan Utert, dy't in soad lânguod bûten de stêd yn besit hiene, koene net altyd goed mei de boargers fan Utert oerwei. Biskop Godebald damme de Krûme Ryn yn 1122 byWyk by Duerstêd ôf om syn lânguod foar oerstreamings te beskermjen. Yn1127 waard troch de Utertske gilden úteinset mei it graven fan deVaartse Rijn dy't Utert ferbûn mei deHollânske Isel byIselstein. Yn1285 damme de Hollânske greveFloaris V de Hollânske Isel ôf en doe waard de Vaartse Rijn ferlingd alhiel nei de Lek ta byVreeswijk dêr't yn1373 slûzen yn boud waarden.

Religieuze gebouwen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de snuorje fan it Prinsbisdom waarden ferskate tsjerken en kleasters yn en om Utert hinne boud. De meast ferneamde is de Sint-Martenskatedraal, of deDom fan Utert, yn it âlde romeinske fort. Mei de bou fan itgoatyske bouwurk waard yn1254 úteinset, nei't in eardereromaanske bouwurk troch in brân swier skansearre rekke. Itkoer en detransept wiene ree yn1320 en dêrnei waard úteinset mei de bou fan de ûntsachlike Domtoer. Yn1420 wie itskip, it lêste part fan de tsjerke, ree. Njonken de katedraal wiene der noch fjouwerkapitteltsjerken yn Utert:Sint-Salvatortsjerke oan it Domplein dy't fan de achtste iuw datearret en yn de sechtjinde iuw sloopt waard; deJanstsjerke fan1040, dePitertsjerke, fan1039 en deMarijetsjerke fan1090 dy't sloopt waard yn de iere njoggentjinde iuw, dochs dêr't it kleaster noch fan oer is. Njonken de tsjerken wiene dêr dePaulusabdij en de fyftjinde iuwskebegynhof fan Sint-Nikolaas en in fjirtjinde iuwskekapittelseal fan deDútske Oarder.

Njonken dy gebouwen dy't allegear ta it bisdom hearde, wiene der noch fjouwerkarspeltsjerken yn de stêd: deJacobitsjerke fan de alfde iuw, dêr't it hjoeddeistige goatyske gebouw fan de fjirtjinde iuw ôf stammet; de Buertsjerke fan de alfde iuw; deNikolaitsjerke fan de tolfde iuw en de trettjinde iuwske Geartetsjerke, wijd oanGertrudis fan Nijvel.

Kaart fan Utert trochWillem Blaeu yn 1652

Yn1528 ferlear de biskop syn wrâldske macht oer it Oer- en Nedersift oan deHabsburchske keizerKarel V fan itHillige Roomske Ryk. Hy feriene deSantjin Provinsjes yn inpersonele uny. It Oerstift waard deHearlikheid Oerisel en it Nederstift waard itHearlikheid Utert. Dêrmei kaam dus in oan oan it Prinsbisdom Utert. De biskop hold syn geastlike macht wol, alhoewol't Karel V it rjocht bemachtige en beneam de biskoppen himsels. Yn1559 waard it bisdom Utert ta inaartsbidom ferheft en Utert waard it sit fan de tsjerklike provinsje fan de Noardlike Nederlannen. De ynwenners fan Utert wiene net al te bliid mei de nije sitewaasje. Hoewol't se gauris spul hiene mei de biskoppen koene se harren ek net fine yn it gesach fan Karel V. Om de kontrôle oer de stêd te hâlden liet Karel V it kastielVredenburg bouwe en liet dêre in grut garnizoen yn húsmanje. Krapoan fyftich jier letter waard it kastiel ôfbrutsen yn oanrin fan deNederlânske Opstân.

Yn1579 waard yn Utert deUny fan Utert troch de sân noardlike provinsjes tekene, dêr't se besleaten meiïnoar op te arbeidzjen tsjin de Spaansk-Habsburchske oerhearsking. Dat waard sjoen as de berte fan deRepublyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Yn1580 waard it katolisisme yn de protestantske Republyk ferbean. Ek it Aartsbisdom Utert waard ôfskaft. De steedhâlders winne net al te wiis mei de selsstannige ynstelling fan de Utertske boargerij en brochten de stêd dêrnei mear ûnder streekrjochte kontrôle fan de Republyk, dêr't de macht fan hieltyd mear nei it dominante goaHollân ta wiksele. Dat late ta in lange tiid fan ekonomyske stagnaasje fan de stêd. Yn deGouden Iuw woeks Amsterdam Utert foarby as grutste stêd fan Nederlân. Utert bleau lykwols in bysûndere stêd yn de Republyk mei likernôch 40% fan de befolking dy't noch út katoliken bestie. Ek aadlike famyljes om utens en oare eliten hiene hûzen yn de stêd yn besit. Yn1636 waard deUniversiteit fan Utert stifte.

Yn itRampjier (1672) foel de fersterke stêd ta de Frânsen. De Frânske ynfal waard tsjinholden justjes westlik fan Utert by deHollânske Wetterliny. Op1 augustus1674 waard Utert troffen troch in swiere stoarm, mooglik intornado. Dêrmei rekke it noch net foltôge middenskip fan de Dom fan Utert slim skeind en rekken de toer en de tsjerke faninoar skaat.

Yn1713 waard deFrede fan Utert, oangeande deSpaanske Súksesjekriich, tekene. Sûnt1723 waard Utert it sit fan deAldkatolike Tsjerke fan de wrâld. Utert waard foar in koart skoftke de haadstêd fan itKeninkryk Hollân.

Ynwenners fiere op 7 maaie 1945 de befrijing fan Utert troch Kanadezen

Yn de ierenjoggentjinde iuw wie de rôl fan Utert as fêstingstêd útspile. De fersterkings fan deNije Hollânske Wetterliny waarden eastlik fan de stêd ferpleatst. De muorren en de wâlen om de stêd hinne waarden ôfbrutsen. Yn1843 waard it spoar tusken Amsterdam en Utert iepene. Utert waard dêrnei stadichoan it mulpunt fan de Nederlânske spoarwegen. Doe't de Yndustrialisaasje yn Nederlân lang om let goed op gong kaam, woeks Utert al hiel fluch in ein bûten de âlde stedswâlen. Yn1853 waard it Aartsbisdom Utert troch goedkarren fan de Nederlânske oerheid fannijs troch it Fatikaan oprjochte. Utert waard fannijs it sintrum fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân. Fan de 1880-er jierren ôf waarden de wiken Oudwijk, Wittevrouwen en Vogelenbuurt yn it easten, wylst Lombok yn it westen fan de stêd ûntwikkele. Nije middenklassewiken, lykas Tuindorp en Oog in Al waarden yn de 1920-er en 1930-er jierren boud. Yn dy snuorje waarden ferskate hûzen en kantoarpannen ynJugendstil-styl boud.

Yn maaie1940 waard der eastlik fan Utert slim fochten by de Dútske ynfal yn Nederlân yn deTwadde Wrâldkriich. Op7 maaie1945 lutsen Britske en Kanadeeske troepen de stêd yn nei de Dútske kapitulaasje op5 maaie.

Nei de Twadde Wrâldkriich woeks de stêd fannijs fluch mei de bou fan de wiken Overvecht, Kanaleneiland, Hoograven en Lunetten. Om2000 hinne waard westlik fan de stêd oan oare kant deRykswei 2 de wykLeidsche Rijn boud.

It gebiet om itStasjon Utert-Sintraal hinne, en it stasjon sels, waarden, nei modernistyske ideeën yn de1960-er jierren, yngeand feroare en boud ynbrutalistyske styl. By dy ferbouwing waarden it winkelsintrumHoog Catharijne en muzyksintrumVredenburg boud en waard in part fan de stedsbûtengrêft omboud ta in ferdjippe stedsautowei deCatharijnebaan. Der ûntstie ferset en rebûlje tsjin de fernijing fan it sintrum foar't de lêste gebouwen foltôge waarden. Yn de iere21e iuw waard it gebiet fannijs yngeand feroare. It nije muzyksintrumTivoliVredenburg waard iepene yn2014, dêr't de oarspronklikeVredenburg en poppoadiumTivoli yn ien gebou ûnderbocht wurde. DeCatharijnebaan waard fannijs ûnder wetter set.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Topografyske gemeentekaart fan Utert (2016)

Utert leit sintraal yn Nederlân en yn 'e provinsje Utert.

Ut it easten wei streamt deKrûme Ryn de stedsgrêften yn. Ut dy stedsgrêften streamt it wetter fierder nei it westen ta troch deUtertske Fecht en deLeienske Ryn. It grutste wetter dat hjoed-de-dei troch de stêd rint is itAmsterdam-Rynkanaal fan súdeast nei noardwest. In âlder kanaal is deVaartse Rijn, dy't de stêd mei de rivier deLek byVreeswijk yn it suden ferbynt.

Westlik fan de stêd, oan oare kant itAmsterdam-Rynkanaal en deA2 leit de foarstêdlike útwreidingswykLeidsche Rijn. Dy wyk is de grutsteVinex-lokaasje en nijbouprojekt fan Nederlân.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De eardere gemeenteVleuten-De Meern is sûnt 1 jannewaris 2001 part fan de gemeente Utert. Ek waard doe in part fan de gemeenteNieuwegein, itpoldergebietRijnenburg, oan de gemeente Utert taheakke. Nei de anneksaasje besleat de nij keazen gemeenterie de besteande yndieling fan de wenkearnen net te feroarjen. Sa bleauneDe Meern,Vleuten,Haarzuilens en de kearn Utert gewoan as ûnderskate kearnen bestean. De grins tusken Utert en Vleuten en Utert en de Meern waard justjes ferlein oangeande de winske wykyndieling fan guon nijboubuerten.

De Utertske wiken mei harren nûmering

De gemeente Utert bestiet út tsien ûnderskate wiken. Foar de anneksaasje fan Vleuten-De Meern hie de stêd acht wiken. De wiken fan de gemeente Utert binne te ferlykjen mei stedsdielen yn oare stêden. De Utertske wiken binne ûnderferparte yn ûnderwiken en dy wer yn buerten. Eltse wyk hat in wykburo of in wyktsjinstsintrum.

Eltse wyk hat in riedskommisje foar de wyk, gearstald út gemeenteriedsleden as harren plakferfangers en eltse wyk hat ek in eigen wethâlder. Dêrnjonken bestiet der sûnt 2002 in wykrie dy't in advisearjende rôl hat en dy't bestiet út bewenners fan de oanbelangjende wyk. De Utertske wiken binne:

KearnYnwenners
1 jannewaris 2021[4]
Utert308.965
Vleuten27.810
De Meern21.815
Haarzuilens555

Neffens deklimaatklassifikaasje fan Köppen falt Utert yn de yndielingCfb. (tuskenbeiden seeklimaat).[5]

Befolking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Befolkingspiramide fan Utert yn 2022

De gemeente Utert hat in befolking fan likernôch 360.000 ynwenners (2022). Utert hat in reedlike jonge befolking, benammen yn de âldensgroep fan 20 oant 30 jier. Dat komt troch de oanwêzigens fan deUniversiteit fan Utert. Der wenje likernôch 64.000 studinten yn de stêd. Likernôch 52% fan de befolking bestiet út froulju, wylst 48% fan de befolking út manlju bestiet. 52% fan de hûshâldings bestiet út ienpersoanshûshâldings. Sa'n 29% fan de befolking fan Utert binne boaske as wenje meiïnoar. Likernôch 3% fan de befolking is skaat.[6]

Fan 63% fan de Utertsken binne beide âlden fan Nederlânsk komôf. Likernôch 12% fan de befolking bestiet út minsken mei in bûtenlânsk komôf útWesterske lannen, wylst 24% fan de befolking op syn minst ien âlden dy't net fan westersk komôf is. Dêrfan komt 9% útMarokko, 4% útTurkije, 3% útSuriname en deNederlânske Antillen en goed 8% út oare lannen. De wikenKanaleneiland (83%) enOvervecht (60%) hawwe in heech persintaazje minsken mei in migraasje-eftergrûn. Lykas yn oare grutte stêden hat Utert te krijen mei sosiaal-ekonomyske problemen. Sa'n 38% fan de befolking hat in minimumlean of is ôfhinklik fan de sosjale bystân (17% fan alle hûshâldings). Wiken lykas Kanaleneiland, Overvecht en Hoograven besteane benammen út heechbou en binne bekend as wiken mei in hegere earmoede en kriminaliteit.[7]

Utert is sûnt de achtste iuw it religieuze sintrum fan it gebiet fan it hjoeddeistige Nederlân. Hjoed-de-dei it is it sit fan de aartsbiskop fan itAartsbisdom Utert. De tsjerkeprovinsje beslacht it gânseKeninkryk fan de Nederlannen.

Utert is ek it sit fan de aartsbiskop fan deAld-Katolike Tskerke en de lokaasje fan de kantoaren fan deProtestantske Tsjerke yn Nederlân.

De befolking fan Utert bestiet út: 61% net tsjerklik, 28%kristenen, 9,9%moslims en 0,8%hindoes.[8]

Befolkingsûntjouwing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de neikommende tabel stiet de befolkingsûntjouwing fan Utert te lêzen. De befolkingsifers fan foar de njoggentjinde iuw binne rûsd, en de sifers wurde fierder werom yn 'e tiid minder krekt. De sifers fan de njoggentjinde iuw komme fan folkstellingen, de nijere ynformaasje komt út it befolkingsregister.[9]

JierYnwenners
12003000
13005500
140013 000
148120 000
152530 000
157727 500
JierYnwenners
160030 000
162330 000
165031 000
167033 500
170030 000
173033 000
174825 000
177529 000
JierYnwenners
180033 000
180935 000
181533 663[10]
182235 000
183243 000
185047 000
186052 000
187057 000
188068 000
189081 000
DatumYnwenners
1 jan 1900102 086
1 jan 1910119 006
1 jan 1920138 334
1 jan 1930153 208
1 jan 1940165 029
1 jan. 1950193 190
1 jan 1960254 186
1970279 000
1 jan 1980236 208
1 jan 1990230 676
DatumYnwenners
1 jannewaris 2000233 667
1 jan 2001256 420
1 jan 2002260 625
1 jan 2003265 151
1 jan 2004270 244
1 jan 2005275 258
1 jan 2006280 949
1 jan 2007288 401
1 jan 2008294 737
1 jan 2009299 891
DatumYnwenners
1 jannewaris 2010307.124
1 jan 2011311.405
1 jan 2012316.277
1 jan 2013321.989
1 jan 2014328.577
1 jan 2015334.139
1 jan 2016338.949
1 jan 2017343.134
1 jan 2018348.065
1 jan 2019352.795

DeAgglomeraasje Utert foarmet meiAmersfoart it eastlike part fan de Noardwjuk fan deRânestêd. Der bestiet net folle dúdlikens oer de krekte oantsjutting fan wat by de Agglomeraasje Utert heart. De lytsere agglomeraasje bestiet út oan ienwei troch bebouwing, dus plakken dy't tsjin de stêd Utert fêst woeksen binne. Dat binneNieuwegein,Iselstein enMaarssen. Meiïnoar telle dy likernôch 420.000 ynwenners.
De agglomeraasje as stedsgewest yn rommere sin bestiet njonken dy plakken ek út de gemeentenDe Bilt (allinnich de plakkenDe Bilt,Bilthoven enGroenekan),Seist,Bunnik,Houten, it plakDriebergen-Rijsenburg yn de gemeenteUtertske Heuvelrêch en de stêdFianen yn de gemeenteFiifhearelannen. Dy plakken foarmje de eardereplusregioBestjoer Regio Utert (BRU). Meiïnoar telle dy goed 640.000 ynwenners.
Yn de grutste sin fan de agglomeraasje, kinne de fierder ôf lizzende plakke lykasWoerden,Breukelen,Doarn enCulemborg dêrby belutsen wurde, en dan telt de regio wol 730.000 ynwenners.

Stedsbyld

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Aldegrêft fan de Domtoer ôf sjoen

It stedsbyld fan Utert wurdt dominearre troch deDomtoer, mei 112 meter hichte de heechste tsjerketoer fan Nederlân. Der wurdt al foar in skoft oppenearre oft nij te bouwenwolkekliuwers yn en om it sintrum hinne heger boud wurde meie as de Domtoer. Der is lykwols al heechbou yn de stêd dy't al part fan deskyline fan Utert is. It twadde heechste gebou yn de stêd is deRabobank-toer, dy't yn 2010 ree kaam en 105 meter heech is. Mei de twa antennes dêr op is de totale hichte 120 meter. Twa oare gebouwen waarden om itStadion Galgenwaard hinne boud. Dy binne de kantoartuorrenGalghenwert enApollo Residence en dy binne respektyflik 85,5 en 64,5 meter heech.

It besjen wurdich is it âlde sintrum en de grêften dy't troch it sintrum rinne. DeOudegracht (Aldegrêft) is in bochtige grêft dy't de âlde rin fan deAlde Ryn folget. Om de grêft hinne steane pakhûzen mei kelders derûnder op wetterhichte. It âlde sintrum hat syn midsiuwske struktuer noch yntakt en de bûtengrêft om it sintrum hinne bestiet ek noch hieltyd. In part dêrfan waard yn de 1970-er jierren omboud ta in stedsautowei yn it ramt fan de fernijing om it stasjonsgebiet hinne. It waard yn 2020 fannijs wer ûnder wetter set doe't it stasjonsgebiet fannijs opkaltefatere waard.

Om't Utert in fêstingstêd wie, waard der oant de njoggentjinde iuw net bûten de stedsgrêften boud. Doe't de Yndustrialisaasje op gong kaam, waarden der manmachtich nije wiken as in ring om it âlde sintrum hinne boud. Yn 'e ein 19e, de 20e en 21e iuw waard der omraak boud yn de stêd.

Om't Utert it religieus sintrum yn de wide omfieming wie, waarden der ferskate tsjerken boud, dêr't in soad noch fan besteane. De wichtichste is de Dom en oare tsjerken binne de romaanskePitertsjerke enJanstsjerke, de goatyskeJacobitsjerke enNikolaitsjerke en de Buertsjerke, dêr't hjoed-dedei in museum foar automatysk spyljende ynstruminten yn hûsmannet. Ek binne der in stikmannich kleasters yn de stêd sa as bygelyks itDútske Hûs, boud om 1350 hinne troch deDútske Oarder.

Nijsgjirrich is itRietveld-Schröder-hûs, fan 1924 dy't trochGerrit Rietveld ûntwurpen waard nei foarbyld fanDe Stijl-arsjitektuer.

Skyline fan Utert mei foaroan de Buertsjerke en dêr efter de Dom

Ferfier

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Wegenet om Utert hinne

Utert leit sintraal yn Nederlân en foarmet it knooppunt fan auto- en spoarwegen.

Der rinne ferskateautosneldiken fan en nei Utert. De wichtichste binne:

Stikken fan de A2, A12, A27 en deN230 foarmje deRing Utert, deringwei om de stêd hinne.

Stasjon Utert-Sintraal nei de yngeande ferbouwing
Utertske flugge tramtsjinsten

ItStasjon Utert-Sintraal hat streekrjocht intercity-ferbinings mei alle (mid)grutte stêden yn Nederlân, wêrûnderLjouwert. It stasjon is it grutste en drokste fan hiel Nederlân. It stasjon ûnderhâldt dei- en nachttsjinsten meiAmsterdam, Skiphol enRotterdam. Ek deIntercity-Express docht Utert Sintraal oan.
Yn Utert binne de haadkantoaren fan deNederlânske Spoarwegen enProRail fêstige.

Stasjons yn Utert binne:

Oant 1939 wie der it Stasjon Utert-Maliebaan, mar dêr is itNederlânsk Spoarweimuseum yn fêstige.

Lightrail en bus

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Utert beskikt oer in flugge tram, inlightrail-tsjinst sûnt 1983 Fan Utert-Sintraal neiKanaleneiland, Lombok,Nieuwegein enIselstein en wurdt fersoarge trochQbuzz. Sûnt 2019 rydt der ek in flugge tram fan Utert-Sintraal nei deUithof, dêr't it universiteitsdistrikt is.

It busstasjon by Utert-Sintraal is it grutste busstasjon fan Nederlân en is it mulpunt fan de bustsjinsten yn de stêd. De bustsjinst wurdt fersoarge troch Qbuzz. De stêd hat in wiidweidich bussenetwurk dêr't bussen om de tsien minuten ride. Der ride ek bussen om utens lykas neiMaarssen,Vleuten,De Meern enKockengen.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De "Inktpot", it haadkantoar fanQbuzz

De ekonomy fan Utert bestiet út in grut part út grutte ynstellings dy't harren haadkantoar of in fêstiging yn de stêd hawwe. Utert is it mulpunt fan it Nederlânsk spoar en dêrom hat deNederlânske Spoarwegen, it bedriuw dy't de treintsjinsten fersoarget, syn haadkantoar dêre.ProRail, it bedriuw dy't ferantwurdlik is foar it bouwen en de ûnderhâld fan it spoar, hat syn haadkantoar yn deInktpot, it grutste stiennen gebou fan Nederlân.

Fierder hawwe deJierbeurs, deRabobank, DeFolksbank,DHL,Capgemini,ASR Nederlân,Aalberts en it FakbûnFNV syn haadfêstigings dêr. Ek hawwe in tal ynstânsjes harren kantoar dêr lykas de Nederlânske Arbeidsynspeksje, de Ynspeksje foar it Underwiis, de Ynspeksje Sûnenssoarch en Jongerein, it Kolleezje foar it beoardieljen fan Genêsmiddels en de Nederlânske Soarchautoriteit. Fierders hawwe it Kolleezje foar de Rjochten fan de Minske, de Sintrale Rie fan Berop en itIepenbier Ministearje harren sit yn de stêd.

Westlik fan it âlde sintrum is it Stasjon Utert-Sintraal mei it oanboude winkel- en kantoarekompleksHoog Catharijne, dêr't sûnt syn bestean in soad rebûlje om wie. Der wie in soad ferset tsjin de arsjitektuer fan it kompleks. Dat late letter ta fertutearzjen en itjinge dêrnei in soad drugsbrûkers oanluts. Sûnt jier 2000 waard der in soad tiid en jild ynstutsen en ferbetterje it stee. Yn 2008 waard mei it opkaltefaterjen fan it gânse stasjonsgebiet úteinset. Sa waard de singel om de binnenstêd hinne folslein opholpen en waard itVredenburg yngeand ferboud. In lytse nije haven waard op itSmakkelaarsveld oanlein dy't de singel mei deLeienske Ryn ferbynt.

Fierders binne der ferskate winkels yn it gânse sintrumgebiet en wurde der ferskate merken yn it sintrum holden.

Underrjocht

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
It kampus fan de Universiteit fan Utert op de "Utrecht Science Centre"

Utert is in universtiteitstêd. De wichtichste is wol deUniversiteit fan Utert, stifte yn 1636, mei wol goed 30.000 studinten, en is de grutsteuniversiteit fan Nederlân. Part fan de universiteit is noch yn de âlde binnenstêd fêstige, wylst in grut part fêstige is op deUithof, yn it easten fan de stêd.

DeHegeskoalle Utert, mei lokaasjes yn de stêd en de Uithof, hat likernôch 37.000 studinten.[11] De Hegeskoalle foar de Keunsten Utert hat sa'n 3.000 studinten. De lytsere Universiteit foar Humanistyk telt 400 studinten.

DeTIAS School for Business and Society hat ek in fêstiging yn Utert. Fierders binne der ferskate skoallen foarbasisûnderwiis enfuortset ûnderwiis yn de stêd.

Kultuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
TivoliVredenburg
Le Guess Who by in optreden yn TivoliVredenburg
Restaurants yn de kelders oan de Aldegrêft
Rietveld-Schröderhûs

Utert hat in warber kultureel libben. De stêd is nei Amsterdam op kultureel mêd de warbersteyn Nederlân. Der binne in grut tal oan museums, teäters en muzykeveneminten.

Museums en iepenbiere keunst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Museum foar it Winkelers-bedriuw
  • Sintraal Museum
  • BAK, basis foar aktuele keunst
  • Sintrum Byldzjende Keunst Utert
  • Museum Catharijneconvent
  • Museum Speelklok
  • It Nederlânsk Spoarweimuseum
  • Sterrenwacht Sonnenborgh
  • Universiteitsmuseum
  • Nijntje-museum
  • Nederlânsk Folksbuertmuseum
  • Museum Hoge Woerd
  • Museum van Zuilen

Muzyk en teäter

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • TivoliVredenburg is in muzykgebou oan deVredenburgkade. It gebou befettet in soad sealen en is boud op it plak fan it eardere MuzyksintrumVredenburg (1978); fan dat gebou is de Symfonysaal bewarre bleaun.
  • Polityk kultureel sintrum ACU
  • Poppoadium EKKO oan deBemuurde Weerd
  • Poppodium Tivoli oan deHelling
  • Stedskouwburch
  • Theater De Paardenkathedraal yn de stâlen fan de eardere Ryks Bistedokterskoalle.
  • Theater Kikker
  • Mirliton Theater ynHoog Catharijne

Utert is in studintestêd en hat dêrom in warber útgeanslibben. Der is in soad hoareka fêstige oan deNeude. De ferneamdeWinkel van Sinkel hat in grand-kafee, in nachtrestaurant enStairway to Heaven dy't troch sjongerHenk Westbroek omboud waard ta rockkafee.

Der binne ferskate typyske studintekafees, benammen oan deOudegracht enJanskerkhof, dêr't ek diskoteekWoolloomooloo fêstige is. Oare dûnsklubs yn de stêd binneBASIS,Poema enTivoliVredenburg.

In soad restaurants binne fêstige oan deOudegracht yn de dêr skaaimerkjende kelders.

Guon homokafees steane oan deOudegracht.

Deprostitúsje yn Utert bestiet útraamprostitúsje yn deHardebollenstraat en op wenboaten by itZandpad del, dochs waard yn 2013 troch de gemeente sletten.

Sûnt1981 fynt elts jier ynseptimber en/ofoktober yn Utert itNederlânsk Filmfestival plak, foarhinne bekend as de Nederlanske Filmdagen.

Oare festivals en eveneminten binne ûnder oaren:Springdance yn april,Festival aan de Werf yn maaie,Midzomergracht yn juny,Festival Oude Muziek yn augustus,Le Guess Who muzykfestival yn ein novimber, Fekânsjebeurs yn deJierbeurs en noch folle mear.

FuotbalklubFC Utert spilet yn deEaredifyzje en hat syn thús ynStadion Galgenwaard dy't in kapasiteit fan 23.750 taskôgers hat. Fierders binne der mear sportferienings yn de stêd, lykas Kampong dy't in softbalklup is.

Yn 2013 waard itJeropeesk Olymysk Jongerefestival holden, dêr't 2.000 jonge atleten yn njoggen beskate olympyske sporten oan meidiene. Yn july 2015 wie Utert it startplak foar deOmgong fan Frankryk.

Yn Utert wurdt itStêd-Utertsk, in fariant fan itUtertsk-Alblasserwaardsk dat inNederlânsk dialekt is.

Polityk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Utertske gemeenterie hat 45 sitten. Boargemaster is sûnt 2020Sharon Dijksma.

Gemeenteriedsitten
Partij19621966197019741978198219861990199419982000[12]20062010201420182022
GrienLinks332556589988109129
D66--4132289313913108
VVD45696107566557565
PvdA1813161716151912997149534
CDA202017131512101064444323
Partij foar de Dieren-------------123
Volt---------------3
Student & Starter-------------122
KristenUny---------1121222
DENK--------------21
BIJ1---------------1
EenUtrecht---------------1
SP------1123353421
PVV--------------11
Stedsbelang Utert-------------211
Stadspartij Leefbaar Utrecht---------91431---
Trots op Nederland------------1---
Burger en Gemeenschap----------21----
CP(86)/CD/Nederlânsk Blok-------141------
Oaren-4----2---------
Totaal45454545454545454545454545454545

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Stêdebannen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik,Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy),ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 2212.
  2. Nicoline van der Sijs (2001),Chronologisch woordenboek. De ouderdom en herkomst van onze woorden en betekenissen, side 100, Uitjouwerij L.J. Veen, Amsterdam/Antwerpen, ISBN 90-204-2045-3
  3. John Hines,Nelleke IJssennagger-van der PluijmFrisians of the Early Middle Ages Boydell & Brewer Ltd Woodbridge, Feriene Keninkryk
  4. Sintraal Buro foar de Statistyk 2021
  5. Aktuele wrâldkaart neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen, sjoen op 14 jannewaris 2013.
  6. Gemeente Utert:Utrechts onderzoek en cijfers Wayback Machine oproppen op 15 oktober 2010
  7. Gemeente Utert:Utrechts onderzoek en cijfers Wayback Machine oproppen op 15 oktober 2010
  8. CBS:Kerkelijkheid en kerkbezoek
  9. De sifers foar 1623, útsein 1525 en 1600, komme út itJaarboek Oud-Utrecht, 1995, siden 53-85; de sifers fan 1525, 1600, 1650 oant 1890 en 1970 komme útEen paradijs vol weelde, geschiedenis van de stad Utrecht, 2000, siden 249; de sifers fan 1900 oant 1960 komme út2000 jaar Utrecht, Utrecht/Antwerpen, 1969, side 215; it befolkingstal fan 1980 komt út itJaarboek Oud-Utrecht, 1981; de sifers nei 1980 komme fan itCBS
  10. Werkgroep kadastrale atlas provincie Utrecht (2000) Kadastrale Atlas provincie Utrecht 6. Utrecht in 1832. Grondgebruik en eigendom. Laren: Printerij Van Wijland B.V.
  11. Jaarverslag HU: Kengetallen Argyf Wayback Machine oproppen 7 augustus 2012
  12. Ferkiezingsútslaggen, It Utertsk Argyf. Omreden gemeentlike weryndieling wiene der eardere ferkiezings
52° 5′ NB, 5° 6′ EL
Wiken en doarpen yn de gemeenteUtert
Wiken:
BinnenstêdEast(De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd(HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest(Kanaleneiland)Noardwest(Zuilen)Vleuten-De Meern(Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· ·Berjocht bewurkje
Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter -Amersfoart -Baarn -De Bilt -Bunnik -Bunschoten -Eemnes -Fiifhearelannen -Houten -Iselstein -Leusden -Lopik -Montfoort -Nieuwegein -Renswoude -Rhenen -De Rûne Feanen -Seist -Soest -Stichtske Fecht -Utert (haadstêd) -Utertske Heuvelrêch -Veenendaal -Wyk by Duerstede -Woudenberg -Woerden
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Utert_(stêd)&oldid=1206242"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp