Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Untploffing

Ut Wikipedy
16tonspringstof wurdt ta ûntploffing brocht.

Inûntploffing ofeksploazje (fan itFrânskeexplosion) is in hommelse fergrutting fan itfolume fan in hoemannichtematearje, dy't mank giet mei it opgewelddiedige wize frijkommen fanenerzjy. Ornaris ûntsteane dêrby hegetemperatueren en inljochtflits en wurde dergassen mei in tigehege druk fuortbrocht. Insupersoane ûntploffing dy't feroarsake wurde troch inheecheksplosive stof is indetonaasje. Sa'n ûntploffing feroarsaket in waarnimbereskokweach yn it medium dêr't er yn plakfynt, en generearret in hurdlûd dat inknal neamd wurdt. Insubsoane ûntploffing, feroarsake trochleecheksplosive stoffen, ûntstiet troch in stadigerûntbrâningsproses datdeflagraasje hjit.

Untploffings kinne op keunstmjittige of natuerlike wize ûntstean. Keunstmjittige ûntploffings wurde feroarsake troch deminske mei it gebrûk fanspringstof. Dat is inkategorystoffen, of meganismen mei dêryn sokke stoffen, dy't ûntploffe kinne, mar fan natuere net yn dyselde gearstalling foarkomme. De bekendste soarten springstof binnegemyske eksplosiven, mei almeast in flugge en ferheftigeoksidaasjereäksje dy't grutte hoemmanichtenhjitgas fuortbringt. It earste soarte springstof dat útfûn waard, wie itbuskrûd. Oare bekende soarten binnenitroglyserine endynamyt. Fan in hiele oare (d.w.s. folle gruttere) oarder is deatoombom, dy't yn1945 troch itAmerikaanske Leger útfûn waard.

Natuerlike ûntploffings komme op 'eIerde fuort útfulkanyske prosessen. Op 'esinne binnesinneflammen in soarte fan natuerlike ûntploffing, dy't nei alle wierskynlikheid ek op oarestjerren foarkomt. De grutst bekende ûntploffings hearre ta it mêd fan 'eastronomy; dan giet it omsupernova's engammaflitsen. Supernova's kinne op twa manearen ûntstean: yn it foarste plak foarmje se de natuerlike libbensein fan alle swiere stjerren, en oard kinnewite dwergen, as se diel útmeitsje fan inbinêre stjer sûnder folle romte tusken de beide dielstjerren, har ta sa'n supernova ûntjaan. Koarte gammaflitsen ûntsteane troch de ferraning fan twaneutroanestjerren of fan in neutroanestjer en inswart gat, wylst lange gammaflitsen (ofhypernova's) feroarsake wurde troch de ynstoarting fan in swiere stjer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Untploffing&oldid=1042790"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp