DeUniversiteit fan Oxford is inuniversiteit yn deIngelske stêdOxford dy't mei dy fanCambridge de ferneamdste en âldste universiteit fan itFeriene Keninkryk en mei dy fan Parys en Bologna ta de earsten fan de wrâld heart. Tegearre wurde se wol oantsjut meiOxbridge.
De krekte stiftingsdatum is net hielendal wis, mar der binne oanwizings dat dêr al yn de11e iuw ûnderrjochte waard.[1][2] De universiteit groeide hurd fan1167 ôf doe'tHenry II Ingelske studinten ferbea om oan deUniversiteit fan Parys te studearjen.
De universiteit bestiet út 39colleges en 5halls, dy’t oant op sekere hichte ûnôfhinklike ienheden binne. Sy binne faak om in plein of gersfjild hinne boud (quadrangle). Dosinten en studinten wenje dêr yntern, benammen bard dat noch yn de gruttere en mear âlde colleges/halls. Studinten ferkeare der meast yn it earste en leste jier fan harren trijejierrige bachelorsoplieding. It ûnderkommen foldocht net yn alle gefallen mear oan de moderne easken fan wenjen. Elts kolleezje is apart stifte troch in rike goeddogger of foarst, in oantal al yn de13e oant15e iuw. It meast nije kolleezje fan de universiteit isGreen Templeton College dat oprjochte waard by Keninklik Sjarter op 1 oktober 2008 út it byinoar gean fan Green College en Templeton College.[3]
De tagongseasken foar in top-universiteit sa as Oxford binne strang; út de grutte bult fan gadingmakkers wurde alinne de bêsten oannaam. Dat feit wurdt wjerspegele yn de kwaliteit fan it ûnderwiis en it ûndersyk en de oardering fan Oxford yn de top 5 fan bêste universiteiten yn de wrâld.[4][5] Sûnt 1921 hawwe 46 persoanen dy’t yn Oxford studearren inNobelpriis wûn (earedoktoraten en minsken dy’t earst nei harren Nobelpriis op Oxford kamen net meiteld).It is noch altyd sa dat it grutste part fan Britske top-amtners, diplomaten, ministers en steatssekretarissen fan 'Oxbridge' komt.
Natuerhistoarysk museum fan de universiteit fan Oxford
↑De earste learaar dêr't wy fan witte is Thibaud d'Etampes, net foar1116, om't er yn 1114 noch yn Frankryk tahâlde: Gineste, B., "Thibaud d'Étampes", ynCahiers d'Étampes-Histoire 10 (2009), sdn. 43-58.