Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Ubuntu

Ut Wikipedy
Ubuntu 11.10 (Oneiric Ocelot)

Ubuntu is in opDebian Linux basearre distribúsje-rige foarLinux. De oarpronklike ferzje is fan2004.

Opset

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

By de Ubuntu-distribúsjes leit de klam op de tagonklikens. Hjir is de kar fan de tapassings wat oan oanpast en der wurdt in protte wurk makke fan oersettings. Ek hoecht de brûker, oars as ornaris byUnix, him net apart asoerbrûker oan te melden om de ynstellings feroarje te kinnen of programma's tafoegje te kinnen. Fierders wurde de distribúsjes fan Ubuntu Linux yn alle gefallen noch 18 moanne stipe mei feiligensoanpassings.

Distribúsjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dy distribúsjes komme geregeldwei út, alle jierren yn april en oktober; de distribúsjenûmers binne ek basearre op it jier en de moanne fan distribúsje. Alle distribúsjes krije lykwols ek in namme. De ienige útsûndering oant no ta wie de maitiid fan 2006, doe't foar it earst in LTS-distribúsje útkaam: de Dapper Drake-distribúsje hie yn april útkomme moatten as 6.04, mar it waard juny en 6.06 LTS. DatLTS betsjut danLong time supported,lang stipe. Ynstee fan 1,5 jier wurde LTS-distribúsje yn alle gefallen 3 jier stipe. Troch it wurkKDE te ferfryskjen binne de Dapper Drake-distribúsje en letter foar in part ek yn it Frysk beskikber.

Namme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De nammeUbuntu is in wurd út itSûlû. Letterlik oerset is it eat asgeastlik persoan, mei de betsjutting fanminsklikens. It jout oan dat in persoan om minske te wêzen him ek nei de geast fan in minske hâlde moat, yn harmony mei himsels, mei oaren en mei de wrâld.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Oant no ta hat Ubuntu bestean út de neikommende distribúsjes:

  • 4.10 - Warty Warthog
  • 5.04 - Hoary Hedgehog
  • 5.10 - Breezy Badger
  • 6.06 LTS - Dapper Drake
  • 6.10 - Edgy Eft
  • 7.04 - Feisty Fawn
  • 7.10 - Gutsy Gibbon
  • 8.04 LTS - Hardy Heron
  • 8.10 - Intrepid Ibex
  • 9.04 - Jaunty Jackelope
  • 9.10 - Karmic Koala
  • 10.04 LTS - Lucid Lynx
  • 10.10 - Maverick Meerkat
  • 11.04 - Natty Narwhal
  • 11.10 - Oneiric Ocelot
  • 12.04 LTS - Precise Pangolin
  • 12.10 - Quantal Quetzal
  • 13.04 - Raring Ringtail
  • 13.10 - Saucy Salamander
  • 14.04 LTS - Trusty Tahr
  • 14.10 - Utopic Unicorn
  • 15.04 - Vivid Vervet
  • 15.10 - Wily Werewolf
  • 16.04 LTS - Xenial Xerus
  • 16.10 - Yakkety Yak
  • 17.04 - Zetsy Zapus
  • 17.10 - Artful Aardvark
  • 18.04 - Bionic Beaver
  • 18.10 - Cosmic Cuttlefish
  • 19.04 - Disco Dingo
  • 19.10 - Eoan Ermine
  • 20.04 - Focal Fossa
  • 20.10 - Groovy Gorilla(takomstige ferzy)

Fan 6.06 LTS ôf rinne de earste letters op as hie de earste distribúsje in namme mei in A hân.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ubuntu&oldid=1000073"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp