Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

USSOklahoma (skip út 1916)

Ut Wikipedy
USSOklahoma
algemiene ynformaasje
flaggeFeriene Steaten
thúshavenferskaat, sjoch tekst
eignerAmerikaanske Marine
oare namme(n)BB-37
skiednis
werfNew York Shipbuilding Corp.
kyllizzing26 oktober1912
tewetterlitting23 maart1914
yn de feart2 maaie1916
út tsjinst1 septimber1944
statussonken17 maaie1947
bysûnderheden en sifers
typeslachskip
subtypeNevada-klasse
lingte178 m
breedte29.10 m
djipgong8.70 m
tonnaazje27.500brt
bemanning864 koppen(by oplevering)
1.398(1929)
oandriuwing12 ×boiler(by oplevering)
6 × boiler(ynstall. 1927-’30)
2 ×skroef
maks. faasje20,5knopen (38 km/h)
bewapening10 × 14inch (356 mm)-kanon
2 × 3 inch (76 mm)-kanon
4 × 21 inch (533 mm)-
   torpedobuis
opmerkingsdroech 3wetterfleantugen, mei
2kattepûlen foar opstiigjen

DeUSSOklahoma wie inAmerikaanskslachskip fan 'eNevada-klasse, mei de koadeBB-37. It wie fan1916 oant1941 (formeel oant1944) yn 'e tsjinst by deAmerikaanske Marine. De USSOklahoma waard ûnder deOanfal op Pearl Harbor troch deJapanners tasinken brocht.

Bou en skaaimerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De USSOklahoma wie it twaddeskip fan 'eNevada-klasse, nei syn susterskip deUSSNevada. Dekyl fan 'e USSOklahoma waard lein op26 oktober1912 op 'eskipswerf fan 'eNew York Shipbuilding Corporation ynCamden ynNij-Jersey, dêr't it skip op23 maart1914te wetter litten waard. Asmarineskip wie de USSOklahoma swierbepânsere, en it skip wie bewapene mei tsien 14inch (356 mm)-kanonnen, en dêropta mei ferskate minderewapens. It skip hie in lingte fan 178 m, in breedte fan 26 m en indjipgong fan 8.70 m. Detopsnelheid bedroech 20,5 knopen, oftewol 38km/h.

De USSOklahoma wurdt te wetter litten op23 maart1914.

Tsjinst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De USSOklahoma waard op11 maart1916 troch deAmerikaanske Marine yn 'e tsjinst nommen en yndield by deAmerikaanske Atlantyske Float. It skip die mei oan ferskate oefenings foar't deFeriene Steaten ynapril1917 by deEarste Wrâldoarloch behelle rekken. Om't itFeriene Keninkryk mei inbrânstoftekoart op it mêd fanstookoalje kampte, waard lykwols net de moderne USSOklahoma, mar waarden ynstee fjouwer âldere opstienkoal farrende Amerikaanske slachskippen deAtlantyske Oseaan oer stjoerd om har by deBritske Grutte Float te jaan. Pas ynaugustus1918 reizge ek de USSOklahoma ôf neiJeropa, yn it selskip fan syn susterskip deUSSNevada en deUSSUtah. De trije slachskippen operearren de lêstemoannen fan 'e oarloch út 'eBantrybaai ynIerlân wei troch grutte en weardefollekonfoaienkeapfardijskippen te eskortearjen.

Tsjin 'e tiid dat de oarloch op11 novimber1918 beëinige waard, hie de USSOklahoma noch gjin skot lost. Yndesimber eskortearren tsien Amerikaanske slachskippen, wêrûnder de USSOklahoma, itpassazjiersskip deSSGeorge Washington, mei deAmerikaanske presidintWoodrow Wilson oan board, nei deFrânske havenstêdBrest, dêr't er wei trochreizge nei deFredeskonferinsje fan Parys. De folgjende dei,14 desimber, setten de slachskippen ôf oer de Atlantyske Oseaan, wêrnei't se op26 desimberfeestlik ynhelle waarden ynNew York.

De USSOklahoma yn1936 ynGibraltar, ûnder deSpaanske Boargeroarloch.

Begjin1921 fear de USSOklahoma troch itPanamakanaal foar marine-oefenings foar de westkust fanSúd-Amearika. Yn1925 waard it skip oerpleatst nei deAmerikaanske Pasifyske Float, wêrnei't it meidie oan infreonskiplik besyk oanAustraalje enNij-Seelân, mei op 'e weromreis in tuskenstop ynAmerikaansk-Samoä. Fannovimber1927 oant it neijier fan1929 ûndergie de USSOklahoma in yngeande modernisearring op 'eMarineskipswerf fanPhiladelphia. Nei oefenings yn itKaribysk Gebiet joech it slachskip him ynjuny1930 wer by de Pasifyske Float.

Yn 'emaityd fan1936 sette de USSOklahoma foar in trainingsreis ôf neiJeropa, dêr't ferskate havens oandien waarden. De training waard ûnderbrutsen doe't ynSpanje dysimmer deSpaanske Boargeroarloch útbriek. De USSOklahoma fear dêrom op24 july de haven fanBilbao, ynBaskelân, binnen en naam dêr Amerikaanske en oare bûtenlânskesteatsboargers oan board dy't op 'e flecht slein wiene foar de oarloch. Dy lju sette it slachskip ôf yn 'eBritskekroankoloanjeGibraltar, foarôfgeande oan 'e oerstek fan 'e Atlantyske Oseaan neiNorfolk ynFirginia, dêr't de USSOklahoma op11 septimber arrivearre. Einoktober joech it skip him wer by de Pasifyske Float.

De USSOklahoma kapseist op7 desimber1941 by deOanfal op Pearl Harbor.

Oanfal op Pearl Harbor

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideOanfal op Pearl Harbor.

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'eStille Oseaan, dy't ferbân holden mei deTwadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeandeTwadde Wrâldoarloch ynJeropa, ferhuze deAmerikaanske presidintFranklin D. Roosevelt deAmerikaanske Pasifyske Float yn begjin1941 fanSan Diego, ynKalifornje, nei itMarinestasjon Pearl Harbor, yn itTerritoarium Hawaï. Op7 desimber1941 lei de USSOklahoma dêr ôfmarre oanBattleship Row doe't deJapanskeOanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrmei't de Feriene Steaten de Twadde Wrâldoarloch ynskuord waarden.

Under itbombardemint waard de USSOklahoma rekke troch fiiftorpedo's, de lêste beide boppe de bepânsering, wat it skipkapseize ensinke liet. Fan 'ebemanning kamen 429 man om. Oerlibbenen wiene twongen om fan board ôf 15 meter omleech te springen yn it meibaarnendeoalje oerdutsen wetter fan 'elagunePearl Harbor of moasten oer de trossen krûpe dy't de USSOklahoma ferbûnen mei de njonkenlizzendeUSSMaryland. In lyts diel fan 'e bemanningsleden dy't fan binnen yn it omrôle skip fêst kamen te sitten, waard rêden doe'tmatroazen meisnijbrâners gatten yn 'e romp fan 'e USSOklahoma makken.

De USSOklahoma nei deberging ôfmarre by deskipswerf fan itMarinestasjon Pearl Harbor, mei de modernere en folle gruttereUSSWisconsin oan 'e bûtenkant om it wrak rjochtop te hâlden.

Mear as injier lei de USSOklahoma neitiid op 'e boaium fan 'e lagune, mar yn1943 waard it skipburgen. Oars as de measte Amerikaanske slachskippen dy't it mikpunt fan 'e Japanske oanfal west hiene, bliek de USSOklahoma lykwols te swier skansearre te wêzen om noch reparearre wurde te kinnen. It skip waard dan ek op1 septimber1944 formeel út 'e tsjinst helle. It wrak fan 'e USSOklahoma waard neitiid ûntdien fan alles dat noch brûkber wie, lykas dekanonnen (dy't ynstallearre waarden op oare slachskippen) en de boppebou, wêrnei't it yn yn1946 foarskroat ferkocht waard. Ynmaaie1947 waard it wrak troch twasleepboaten fan Hawaï oerbrocht neiSan Francisco. Op17 maaie kaam it konfoai 800 km fan Hawaï ôf yn instoarm telâne. It wrak rûn fol wetter en kapseisde, en de sleepboaten koene mar krekt op 'e tiid de keabels losmeitsje om net meiskuord te wurden de djipte yn, doe't de USSOklahoma sonk. De krekte lokaasje fan it slachskip is net bekend.

Omkommen bemanningsleden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fan 'e 429deaden dy't deOanfal op Pearl Harbor foelen ûnderbemanning fan 'e USSOklahoma, koene doedestiden mar 35 identifisearre wurde. Nei ferskate kearen om 'e nocht besocht te hawwen mear fan 'e slim skeindeliken te identifisearjen, waarden de oare 388matroazen enmariniers yn1950begroeven yn 45oarlochsgrêven op itNational Memorial Cemetery of the Pacific ynHawaï. Op7 desimber2007, persiis 66 jier nei it bombardemint, waard opFord Island yn 'elagunePearl Harbor intinkteken foar de 429 deaden fan 'e USSOklahoma oprjochte, deunby it plak dêr't no deUSSMissouri asmuseumskip ôfmarre leit.

Ynapril2015 waarden de grêven iepene om te besykjen en brûk nijeDNA-analyzes om 'e 388 ûnidentifisearre slachtoffers dochs noch oan harrenfamyljes oerdrage te kinnen. Op6 desimber2019 waard troch itAmerikaansk Ministearje fan Definsje bekendmakke dat dat ûnderwilens yn 236 gefallen slagge wie en dat 152 stoflike omskotten noch op identifikaasje wachten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryUSS Oklahoma (BB-37) fanWikimedia Commons.


Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=USS_Oklahoma_(skip_út_1916)&oldid=1037163"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp