Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Tuneezje

Ut Wikipedy
الجمهورية التونسية
Al-joumhouriyya At-Tounisiyya'
Flagge fan TuneezjeWapen fan Tuneezje
FlaggeWapen
Lokaasje fan Tuneezje
Offisjele taalArabysk
HaadstêdTunis
Steatsfoarmrepublyk
Gebiet
% wetter
163.610 km²
-­%
Ynwenners (2024)11.887.412
MuntTunesyske dinar (TUD)
TiidsôneUTC +2
Nasjonale feestdei20 maart
LânkoadeTUN
Ynternet.tn
Tillefoan216

Tuneezje (Arabysk: تونس), sûnt1957 (in jier nei de ûnôfhinklikheid) offisjeel deRepublyk Tuneezje, is inlân yn Noard-Afrika. It heart ta deMagriblannen, dêr't ekMarokko,Mauritaanje,Algerije enLybje ta rekkene wurde. De haadstêd isTunis.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tuneezje wurdt begrinzge troch:

Yn it noarden fan Tuneezje leit it Tell-Atlas berchtme oant 1200 meter hichte. Nei it suden ta giet dizze oer yn deMedcherda-flakte dêr't lânbou gebieten lizzen. Noch fierders nei it suden leit de oant 1500 meter hichte rikkende Sintraal Tunesyske berchrêge, dy't de grins foarmet fan it fochtige Middellânske Seeklimaat. Foarby dizze grins lizze skrokke steppen enwoastyneftige gebieten.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Ruïnes by deAntonine Baths, fan RomeinskKartago

Tuneezje waard al ier yn de skiednis bewenne trochBerberstammen. Om-ende-by10e iuw f.Kr. arrivearren deFoenysjers dy't oan de kuststripe hannelskoloanjes stiften. Ien fan dizze koloanjes isKartago dat him yn de6e iuw f.Kr. ûntwikkele ta in ekonomyske grutmacht yn de westlike omkriten fan deMidlânske See. Yn de2e iuw f.Kr. waard dizze hegemony bestriden troch deRomeinen. Dizze striid waard troch de Romeinen wûn, dy't de posysje fan de Kartagers oernimme.

Yn de5e iuw hienen deFandalen it yn Tuneezje foar it sizzen, yn de6e iuw waard dizze rôl oernommen trochByzantinen en op it ein fan de7e iuw kaam it gebiet yn hannen fan deIslamityskeArabieren. Yn it tiidrek dat dêr opfolget hawwe opienfolgjende Moslim dynastyen de macht, ûnderbrutsen troch Berber opstannen. It bewâld fan deAghlabids (9e iuw) en dat fan deZirids (sûnt972), wie hiel foarspoedich, mar einiget lykwols troch de oermastering en ferwoastingen trochBanu Hilal fanútEgypte.

Yn de12e iuw wie it kustgebiet koart yn besit fan deNormandjers fanSisylje en hienen deAlmohad caliphs fanMarokko de binnenlannen yn hannen. Healwei de13e iuw oant en mei1574 hawwe de BerbyskeHafsiede it yn Tuneezje foar it sizzen. Op it ein fan harren bewâld falle ferskate kuststêden yn hannen fan deSpanjerts. Dizze besetting doarre mar even omdat Tuneezje oermastere waard troch itOttomaanske Ryk. Under de Ottomanen regearre deHussein-dynasty fan Beys. Yn1881 makketFrankryk fan Tuneezje in prokuraat. De Frânsken bliuwe dêr oant en mei de ûnôfhinklikens yn1956.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De befolking bestiet etnysk sjoen foar it grutste part útBerbers. De measten binne dat lykwols net bewust en beskôge harsels asArabieren. Yn de rin fan de skiednis hawwe in soad ferskate folken it grûnbesit fan Tuneezje beset hâlden en spoaren efterlitten, ûnder oarenFoenysjers,Romeinen enFandalen.

Tuneezje is fral inIslamitysk lân. Yn de grûnwet is bepaald dat desteatsgodstsjinst deislam is en dat allinnich in islamytpresidint fan it lân wurde kin. Goed 98% fan de befolking is islamitysk en sûnt de oprjochting yn 1969 is Tuneezje lid fan deOrganisaasje fan de Islamityske Konferinsje (OIC).

Fierders wennet der yn it lân in minderheid fankristenen (1% fan de befolking) enjoaden (minder as 1 % fan de befolking). Wennen der yn 1972 om-ende-by 25.000, anno 2007 wienen dêrfan noch mar 1500.

Sawol it kristendom as it Joadendom hawwe in lange skiednis yn Tuneezje.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

BYP per persoan is$7.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 11,6% lânbou, 25,7% yndustry en 62,8% tsjinsten. Yn 2007 wieFrankryk de wichtichste eksportpartner en de wichtichste ymportpartner. Der is in diverse ekonomy mei in soad toerisme, lânbou en produksje sektoaren.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Tuneezje&oldid=1193811"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp