Intsjettellapper oftsjettelboetser wie in ambachtsman dy't keukenrêding sa astsjettels reparearre. It berop is yn de20e iuw ynNederlân útstoarn.
Yndertiid wiene soksoarte saken meast fankoper. Fersliten plakken koene oplape wurde middels it soldearjen, meitin, fan in 'lape' metaal oer it swakke plak hinne. Koperen tsjettels hiene oan de binnenkant in koperlaagje dat foarkaam dat it iten kontakt krige mei it koper. Dy tinlaach koe de tsjettellapper ek reparearje.
De tsjettellapper wie faak in omreizgjende selsstannige dy't ek wol tsjettelboetsjer of panneboetker neamd waard (boetsje is in âld wurd foar reparearjen). It besibbe berop fankoperslagger rjochte him mear op it meitsjen fan nije dingen.
It Ingelske ekwifalint fan tsjettellapper istinker (ôflaat fan it eleminttin). YnIerlân enGrut-Brittanje wurdt dat wurd ek brûkt om omreizgjende lju sa assigeuners en de Iersketravellers oan te tsjutten.Tinker wurdt yn sa'n gefal field as inskelwurd foar hannelers by de streek dy't oeral oanbelje om messen te slypjen en tsjettels op te meitsjen.
![]() | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryTinkers fanWikimedia Commons. |