Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Tsjernihiv

Ut Wikipedy
Tsjernihiv
'
FlaggeWapen
Polityk
LânOekraïne
OblastTsjernihiv
Sifers
Ynwennertal286.899(2020)
Oerflak79 km²
Befolkingstichtens1.547 / km²
Stêdekloft
Hichte136 m
Oar
Stifting1024
TiidsôneUTC +2
SimmertiidUTC +3
WebsideSide Tsjernihiv

Tsjernihiv (Oekraynsk: Чернігів (Tsjernihiv)) is in stêd yn it noarden fan deOekraïne. De stêd leit oan de rivier de Desna yn de oblast Tsjernihiv.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De earste kaart fan Tsnernihiv (1706)

Tsjernihiv heart ta de âldere plakken fan de Oekraïne en wie al in wichtich sintrum yn de tiid fan itKiëvske Ryk. Yn de 9e iuw wie it de haadstêd fan de East-Slavyske Severjanen. De stêd waard foar it earst yn 907 neamd en wie sûnt 1000 oant 1200 de haadstêd fan it ûnôfhinklike prinsdom Tsjernigov. Yn 1239 plondere deGouden Binde de stêd. Tusken 1370 en 1503 foel de stêd ta oan itGruthartochdom Litouwen en dêrnei ûnder itGruthartochdom Moskou. De stêd waard yn 1611 oerdroegen oan itPoalsk-Litouske Mienebest, mar wie sûnt 1654 ûnderdiel fan Bohdan Chmelnytsky's autonome Oekraynske steat. Nei de fal fan dy steat yn 1775 foel de stêd wer ta oan itRussyske Ryk. Tsjernihiv waard yn 1802 haadstêd fan it gûvernemint Tsjernigov.

Tsjin it ein fan de 19e iuw bestie de stêd noch altiten foar it grutste diel út houten huzen. By de earste grutte folkstelling fan it Russyske Ryk yn 1897 waard it ynwennertal fan Tsjernihiv op 17.716 fêststeld. Mei de febrewarisrevolúsje fan 1917 sette in ûkrainisearring fan media en bestjoer útein. Op 1 febrewaris 1918 wist deSovjetmacht de kontrôle oer de sted oer te nimmen, mar al op 12 maart 1918 stiene deDútske enEastenrykske troepen yn de stêd. Op 12 jannewaris 1919 wist itReade Leger de stêd werom te feroverjen.

Nei de stifting fan de Sovjet-Uny kaam de stêd yn de Oekraïne te lizzen. Yn 1932 waard Tsjernihiv haadstêd fan de oblast mei deselde namme.

Yn deTwadde Wrâldkriich naam deWehrmacht de stêd nei twa wiken fjochtsjen op 9 septimber 1941 yn. It Reade Leger ferdreau op 21 septimber 1943 de Dútsers.

Tsjernihiv is ien fan de grutste sintra fan it lân foar de fabrikaazje fan tekstyl. Tsjernihiv is in universteitsstêd.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Demografyske ûntwikkeling fan Tsjernihiv fan 1897 oant 2020
Jier189719131926193419392004200520062020
befolking27.71635.85035.20068.60069.000302.097300.497299.609286.899

It besjen wurdich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ut de Russyske tiid binne in grut tal monuminten bewarre bleaun:

  • DeTransfiguraasjekatedraal út 1036, de earste katedraal fan it Kiëvske Ryk.
  • DeBoris- en Glebkatedraal út de 12e iuw.
  • De Untsliepeniskatedraal fan it Jeletskikleaster út healwei de 12e iuw.
  • De Pjatnyska- of Paraskevatsjerke (twadde helte 12e iuw).
  • Elíatsjerke (12e iuw).

Ek binne der yn stêd 17e- en 18e-iuwske gebouwen fan deOekraynske Barok en 19e-iuwske gebouwen dy't itKlassisisme fertsjintwurdigje te sjen:

De stêd is ryk oan monuminten foar persoanen dy't in wichtige rol spile hawwe yn de skiednis, lykasBohdan Chmelnytsky,Ivan Mazepa enTaras Sevtsenko.

Galery

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Filharmony fan Tsjernihiv
    Filharmony fan Tsjernihiv
  • Kollegium
    Kollegium
  • Transfiguraasjekatedraal
    Transfiguraasjekatedraal
  • Desna hotel
    Desna hotel
  • Seminaarjetsjerke
    Seminaarjetsjerke
  • Teäter
    Teäter
  • Tsjerke fan de Timpelgong fan de Mem Gods
    Tsjerke fan de Timpelgong fan de Mem Gods
  • Trije-ienheidskatedraal
    Trije-ienheidskatedraal
  • Pjatnyskatsjerke
    Pjatnyskatsjerke
  • Aartsbiskoplik paleis
    Aartsbiskoplik paleis
  • Stasjonsgebou
    Stasjonsgebou
  • Katarinatsjerke
    Katarinatsjerke

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryTsjernihiv fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Tsjernihiv&oldid=1132418"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp