Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Toverstêf

Ut Wikipedy
De toverstêf (tunggal panaluan) fan insjamaan fan 'eBataks fanSumatra. (Lofts: hielendal; rj.: detail.)

Intoverstêf,toverroede oftoverwisp is in stôk of stêf omrituële hannelings mei út te fieren. Sa'nattribút wurdt brûkt trochpreesters fan ferskatereligyen. Yn it foarste plak giet it dêrby omnatoerreligyen en dewicca.Sjamanen fanfolken fan oer de hiele wrâld brûke foarde útfiering fan harren rituëlen in toverstêf. In foarbyld foarmje datoangeande dedatu, de sjamanen fan 'eBataks fanSumatra, dy't twa soarten toverstêven ûnderskiede: de mânselhegetunggal panaluan, dy't ryk fersierd is meihoutfykwurk, en de folle koartere, ienfâldiger útsjendetunggal malehat.

In oar foarbyld fan in toverstêf is deonusa fan 'esjintoïstyskepreesters ynJapan, dy't oerdutsen wurdt meipapier yn sigesagefoarm. Byreinigingsrituëlen skoddet de preester deonusa fan lofts nei rjochts. In soartemint toverstêf dy't yn 'eBibel neamd wurdt, is de stôk fan 'e preesterAäron, debroer fan 'eprofeetMoazes, dy'tGod ynExodus 7:10 yn inslangeferoarje lit omfarao derfan te oertsjûgjen om 'eIsraeliten fuorttsjen te litten út it lân fanEgypte. Ek yn 'eNoardske mytology komt ymplisyt it ferskynsel toverstêf foar, mei't itAldnoarskewurdvǫlva (mei de betsjutting "wiersizzeresse", en faakstavere asvölva) letterlik betsjut "spinstôk dragend", wêrby't yn dit gefal de 'spinstôk' ferwiisd nei in magyske stêf.

Yn 'eWesterske kultuer is de toverstêf benammen bekend útmearkes en oarefolksferhalen en modernefantasyliteratuer, dêr't it in helpmiddel is dat brûkt wurdt trochtsjoenders,heksen,feeën en oaremytyske wêzens om mei tetsjoenen. Yn dy foarm komme toverstêven foar yn û.m. deFerhalen fan Us Mem de Goes fanCharles Perrault, deKinder- und Hausmärchen fan 'eBruorren Grimm,striprigen asDonald Duck (by itpersonaazjeSwarte Magica) en deHarry Potter-romansearje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryMagic wands fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Toverstêf&oldid=1014118"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp