Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Tori Bowie

Ut Wikipedy
Tori Bowie
sporter
Tori Bowie (2015)
Tori Bowie (2015)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFrentorish Bowie
nasjonaliteitAmerikaansk
bertedatum27 augustus1990
berteplakSand Hill
stjerdatum23 april2023
stjerplakWinter Garden
lingte1.75 m
gewicht58 kg
sportive ynformaasje
sportAtletyk
ûnderdielsprinten,
fierspringe
trenerLance Brauman
earste titelAmerikaanske kampioenskippen, 2015, 100 m
O.S.Rio de Janeiro 2016
debút2014
karriêre-ein2022
wichtige prestaasjes
1xgoudOlympyske Spullen 2016
1xsulverOlympyske Spullen 2016
1xbrûnsOlympyske Spullen 2016,
2xgoud Wrâldkampioenskippen 2017
1xbrûns Wrâldkampioenskippen 2015

Frentorish (Tori) Bowie (Sand Hill,Mississippi,27 augustus1990 -Winter Garden,Floarida,23 april2023) wie inAmerikaansk atlete, dy't útkaam op desprint en itfierspringen. Sy had ienris meidien oan deOlympyske Simmerspullen en had doe trije medailjes wûn.

Karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

By har ynternasjonale debút, op de wrâldindoorkampioenskippen yn2014 ynSeoel, einige Bowie as trettjinde en lêste yn de kwalifikaasje fan it ferspringen. Yn de simmer fan 2014 bruts de Amerikaanske troch op de 100 en de 200 m mei fjouwerDiamond League oerwinningen, trije op de 100 meter en ien op de 200 m.

Yn2015 behele Bowie by de wrâldkampioenskippen ynPeking mei in tiid fan 10,86 wûn se in brûnzen medalje op de 100 meter sy finishte efter deJamaikaanskeShelly-Ann Fraser-Pryce (goud; 10,76) en deNederlânskeDafne Schippers (sulver; 10,81).

In jier letter helle Bowie op de Olympyske Spullen ynRio de Janeiro in sulveren medalje op de 100 meter, brûns op de 200 meter, en in gouden gouden gouden medalje op de 4 x 100 m estafette. Tegearre meiTianna Bartovimber,Allyson Felix enEnglish Gardner.

Yn 2017 wûn se in gouden medalje op de 100 meter by de Wrâldkampioenskippen ynLonden, Foar deIvoriaanskeJosée Ta Lou (sulver; 10,86) en de Nederlânske Dafne Schippers (brûns; 10,96).

Tori Bowie ferstoar op 23 april 2023, yn 'e aldens fan 32 jier, yn it kreambêd nei komplikaasjes by de befalling.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryTori Bowie fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Tori_Bowie&oldid=1161331"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp