Dizze side giet oerit ferskynsel dat him foardocht by swierwaar. Foar oare betsjuttings, sjoch:Tonger (betsjuttingsside).
Tonger is itlûd dat byswierwaar heard wurdt troch de ûntlading fan debliksem.
Tonger wurdt feroarsake trochdat de loft dy't om in bliksempylk ynienen bot ferwaarme wurdt en dêrtroch hiel hurd útset. Dizze útsetting plantet him fuort troch de loft aslûdsweach. By oankomst yn de earen fan in taharker wurdt dizze erfaren as in opienfolging fan meardere knallen (de tonger).
Trochdat de fuortplantingssnelheden fan ljocht en lûd tige ferskillend binne, wurdt de bliksempylk op gruttere ôfstân earder sjoen as dat de tonger heard wurdt. Ut de tiid dy't ferstrykt tusken tonger en bliksem kin ôflaat wurde oft it swierwaar (ek 'swier waar' neamd) tichtby is. It lûd leit yn trijesekonden in ôfstân fan ûngefear ienkilometer ôf. Omdat lûd sa relatyf starich is en de bliksem soms kilometers lang, is net ien klap te hearren, mar efter elkoar it lûd fan hieltyd fierder fuort lizzende punten fan de bliksem. Dit ferklearret it rommeljen.
De tradisjonele manier om swierwaar te registrearjen is it byhâlden fan it oantal oeren of dagen dat tonger heard wurdt. Al iuwenlang is it wenst dat waarwaarnimmers it hearren fan tonger notearje. Sa is oer de hiele wrâld it jierliks oantal swierwaarsdagen bekend. By 't tsjuster is de bliksem oer gruttere ôfstân te sjen as dat swierwaar te hearren is, mar oerdei heart men de tonger earder, wylst de bliksem faak hielendal net waar te nimmen is mei in minsklik each.
Tonger as waarnimming foar it optreden foar de sterkte fan it swierwaar is lykwols gjin betroubere maat. Guon bliksems meitsje mear lûd as oare en guon waarnimmers hearre skerper as oare. Steurend lûd fan bygelyks wyn kin op tonger lykje. In wichtige faktor is ek de lûdfuortplanting, dy 't ôf hinget fan de fertikale temperatueropbou en de wynsnelheid: men heart minder goed yn 'e wyn op.
By swierwaarsbuoien wurd bytiden in ûnregelmjittichheid oanReinbôgen sjoen. By eltse tongerslach liket de bôge te triljen, wat benammen te sjen is oan de foar lytse feroaringen fan de drippen gefoelige oerstallige bôgen. De oarsaak leit nei alle gedachten yntrillingen fan reindrippen dy't troch delûdsweagen fan de tonger opwekt wurde.
De eardere minsk sil grif ûntsach hân hawwe foar de hurde tongerslaggen dy't by swierwaar te hearren wienen, en hy seach tonger en bliksem as aksje fan de goaden. Sa hat de Egyptyske god Seth mei de tonger dy't hy feroarsake yn de himel allerhanne fijannen ferjage. De Grykskeoergod Seus goaide mei tonger en bliksem op syn fijannen. Ek de Fryske godTonger, wêrnei'ttongersdei neamd is hie de tongerslach as attribút.
YnSina waard it lûd fan de tonger mei draken yn ferbân brocht. De saneamde 'tongerdraken' rôpen de bliksem op. Dit is singelier omdat in bliksemflits altyd oan in tongerslach foarôf giet.