Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Tonga

Ut Wikipedy
Pule'anga Fakatu'l 'o Tonga
Kingdom of Tonga
Flagge fan TongaWapen fan Tonga
FlaggeWapen
Lokaasje fan Tonga
Offisjele taalIngelsk,Tongaansk
HaadstêdNuku'alofa
SteatsfoarmKonstitutionele monargy (keninkryk)
Ynwenners
Muntpa'anga (TOP)
TiidsôneUTC +13
Nasjonale feestdei4 juny
LânkoadeTON
Ynternet.to
Tillefoan676

Tonga is in lân ynPolyneesje. De haadstêd isNuku'alofa.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tonga is in eilannensteat yn deGrutte Oseaan en beslacht in gebiet fan 700.000 km². It leit súdeastlik fanFidzjy en sawat 2000 km benoardeasten fanNij-Seelân. Fan alle eilannen binne yn totaal 36 bewenne.

De eilannen kinne opdield wurde yn trije groepen, fan noard nei súd:

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei alle gedachten hawwe de earste bewenners de eilannen sa'n 6000 tûzen jier lyn berikt fanút deSanta Cruz eilannen. Hja makken diel út fan de grutte Lapita-migraasje.

Yn de 12e iuw wiene de Tonganen, en harren opperhaadTu'i Tonga, bekend yn de hiele regio. Guon skiedkundigen tinke dêrom dat er yn dy tiid in Tongaansk Ryk bestien hat. Yn de 15e en 17e iuw waarden op de eilannen in protte striid ûnder inoar fierd. Yn dy tiid diene ek de earste Jeropeanen de eilannen oan.

DeNederlânske ûntdekkingsreizgersWillem Cornelisz Schouten enJacob le Maire wienen yn1616 de earste Jeropeanen dy't fuot oan wâl setten opNiuatoputapu, ien fan de noardlike eilân, folge trochAbel Tasman dy'tTongatapu enHa'apay oandie yn 1643. Yn 1773, 1774 en 1777 besocht ekJames Cook de eilannen. De earste Britske misjonarissen arrivearen yn 1797.

Tonga waard gearfoege ta in Polynezysk keninkryk troch in jonge kriger, strateech en betûft sprekkerTaufa'ahau. Hy krige de titelTu'i Kanokupolu, mar waard as "King George" doopt. Yn 1875 ferkleare hy mei help fan misjonarisShirley Baker Tonga in konstitúsjoneel keninkryk. Hy stelde in oantal wetten fêst, en joech stamhaaden minder macht. Yn1900 waard Tonga in beskerme steat ûnder de Britske kroan. Dy status waard yn 1970 beëinige, en dat jier waard Tonga lid fan deBritske Mienebest. Yn1999 waard it lid fan deFeriene Naasjes.


15°-23,5° ZB, 173°-177° W
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Tonga&oldid=875620"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp