Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Tomme omheech

Ut Wikipedy
Tomme omheech.

Intomme omheech is ingebeart dat trochminsken makke wurdt mei dehân. Dêrby wurde defingers ta infûst opkrôle en wurdt de fûst mei kant fan 'epink nei ûnderen holden. Detomme wurdt dan sydlings fan 'e hân útstutsen, sadat er omheech wiist. Mei dat gebeart wurdtgoedkarring of ynstimming útdrukt.

By it meitsjen fan it tomme-omheechgebeart wurdt de hân almeast foar itlichem holden, deunby debúk. As menkommunisearret mei immen dy't fierder fuort is, wurdt de hân by it meitsjen fan it gebeart lykwols ornaris by it lichem wei en ophollehichte holden om it gebeart op ôfstân better ûnderskiedber te meitsjen. As men it gebeart ekstra fersterkje wol, kin men it mei beide hannen tagelyk meitsje.

Ittsjinstelde fan 'e tomme omheech is detomme omleech, dy't op deselde wize makke wurdt, mar dan mei de tomme nei ûnderen ta wizend. Dêrmei wurdt ôfkarring of ôfwizing útdrukt.

Behalven libbensliif komt it tomme-omheechgebeart ek foar aspiktogram, û.m. foarkommunikaasje fia dekompjûter of demobile tillefoan:.

Detradysje wol dat de tomme omheech fuortkomt út 'eRomeinske Tiid, doe't by de gefjochten fangladiators yn 'earena itpublyk (of, as dy oanwêzich wie, deRomeinske keizer) kieze mocht wa fan 'e gladiators libjen bliuwe mocht. Dy kar waard oanjûn mei in tomme omheech (libben) of in tomme omleech (dea). It is lykwols eins net bekend hokker gebeart der doe krekt makke waard, mei't it inkeld oerlevere is ûnder de termpollice verso ("tommegebeart"). De tomme omheech en tomme omleech binne moderne ynterpretaasjes fan dy omskriuwing.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryThumbs up fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Tomme_omheech&oldid=1146873"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp