Tom Fenchel | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thomas Michael Fenchel | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 19 maart1940 | |
berteplak | Kopenhagen (Denemark) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | biolooch | |
aktyf as | seebiolooch,botanikus publisist,heechlearaar | |
jierren aktyf | 1964 – no |
Tom Fenchel (folút:Thomas Michael Fenchel;Kopenhagen,19 maart1940) is in foaroansteandDeenskseebiolooch enheechlearaar.
Fenchel waard yn1940 berne yn 'eDeenske haadstêdKopenhagen, dêr't er yn1964 en1969 twadoktoraten yn 'ebiology enekology behelle oan 'eUniversiteit fan Kopenhagen. Hy hat lesjûn asheechlearaar, earst oan deUniversiteit fan Aarhus en letter oan de Universiteit fan Kopenhagen. Hy konsintrearret him benammen opmarine biology, mar hat him ek dwaande holden meibotanyske ûnderwerpen.
Fenchel is inwittenskipper dy't in soad oanhelle wurdt,[1] en stiet û.m. bekend om 'eWet fan Fenchel (oangeande de ferhâlding tusken populaasjegroei en de grutte fan it oangeandeorganisme). Hy is lid om utens fan 'eRoyal Society[2] en asredakteur belutsen by itwittenskipliktydskriftScience.[3]
Yn1986 ûntfong er deECI priis foarekology, en sadwaande kaam der yn1987 in boek fan him út yn 'e ECI PriiswinnersrigeExcellence in Ecology, mei as titelEcology: Potentials and Limitations.[4] Fan2004 oant2008 wie Fenchel foarsitter fan 'eKeninklike Deenske Akademy fan Wittenskippen, dêr't er al sûnt1976 lid fan wie. Yn2006 waard er ûnderskaat mei deA.C. Redfield-oeuvrepriis fan itAmerikaansk Genoatskip foar Limnology en Oseanografy. Teffens is er lid fan 'eNoarske Akademy fan Wittenskip en Letteren en fan 'eAmerikaanske Nasjonale Akademy fan Wittenskippen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |