Toeristen dy't foto's nimme út in iepen toerbus wei.
Toerisme is reizgjen omreden fan ferdivedaasje. DeWrâld Toerisme Organisaasje (WTO) definiëarret toeristen as lju "dy reizgje en ferbliuwe op plakken bûten harren wenstige wengebiet foar in frijetiidsperioade fan op syn heechsten ien jier efterinoar [...]."
Lju dy't dêr yn finansjeel opsjoch it frij ta hiene, hawwe altiten al reizge om gjin bettere reden as dat se der aardichheid oan hiene om nije dingen te sjen en ûnbekende lannen te besykjen. Sels yn 'eAldheid al wiene kuststêden lykasBaiae populêre fakânsje-oarden foar de elite fan 'eRomeinske Republyk.
De oarsprong fan toerisme yn syn hjoeddeistige foarm giet lykwols werom op 'e saneamdeGrutte Toer (Ingelsk:Grand Tour) dy't jongemannen fan 'eIngelske en letterBritskearistokrasy fan likernôch1660 ôf ûndernamen by wize fan in edukative rûnreis troch benammentlikItaalje, mar faak ekGrikelân en soms oare lannen dêr't restanten fan 'eKlassike Aldheid te besichtigjen wiene. Dy gewoante krige úteinlik de foarm fan in soarte faninisjaasjeritueel oan it begjin fan it libben as folwoeksene. Lyksoartige reizen waarden wol makke, sij it folle ynsidinteler, troch rike jongemannen út 'eprotestantske lannen fan noardlikJeropa, en fanôf de twadde helte fan 'eachttjinde iuw ek wol troch guon út deFeriene Steaten enLatynsk-Amearika. Nei't sokke reizen troch de yntrede fan it spoar en it steamskip, healwei denjoggentjinde iuw, makliker en goedkeaper waarden, begûn ek de Ingelske middenklasse deroan mei te dwaan. Yn dyselde snuorje waard ien fan 'e earste reisorganisaasjes foar persiis dit soarte toerisme opset troch de bekendeThomas Cook.
Hjoed-de-dei is toerisme de hiele wrâld oer in tige populêre frijetiidsbesteging. Yn2012 waard foar it earst de mylpeal fan 1 miljard toeristen wrâldwiid yn ien jier tiid passearre. De opbringsten fan it ynternasjonale toerisme woeksen oant €740 miljard yn2011. Yn2012 stribbeSina foar it earstDútslân en deFeriene Steaten foarby as it lân dêr't de befolking it measte útjoech oan toerisme, mei $102 miljard.
Toerisme is wichtich foar frijwol alle lannen, en yn guon gefallen, fan earme ûntwikkelingslannen, is it sels fan ûnmisber belang. Los fan it jild dat dermei fertsjinne wurde kin, is it in aktiviteit dy't neffens deFerklearring fan Manilla oangeande Wrâldtoerisme fan 1980 "essinsjeel is foar it libben fan naasjes om't it in direkt effekt hat op 'e sosjale, kulturele, edukative en ekonomyske sektoaren fan nasjonale maatskippijen en harren ynternasjonale relaasjes." Sa skept it wurkgelegenheid yn 'etsjinstesektor fan 'eekonomy, bygelyks yn 'e ferfiersmerk, dehoareka-sektor en de entertainmentyndustry (ferdivedaasjeparken,kasino's, winkelsintra,teäters,museä, ensfh.).