Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Toefmies

Ut Wikipedy
toefmies
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemiesfûgels (Paridae))
skaaitoefmiezen (Lophophanes)
soarte
Lophophanes cristatus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Detoefmies (Lophophanes cristatus, eartiidsParus cristatus) is insjongfûgel út de famylje fan 'e echtemiezen (Paridae).

Beskriuwing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De toefmies is 10,5 oant 12 sm lang, like lang as deblaumies. It fûgeltsje hat in opfallend swart-wyt toefke mei in swart-wite tekening op it gesicht. De túf kin plat oer de krún lein wurde. It fearrekleed is oan 'e boppekant griisbrún en de ûnderkant brutsen wyt en wat gielich oan 'e flanken. De foarkop is wyt mei in brutsen swarte eachstreep. Fierder hat de fûgel in swarte halsbân, in donkere snaffel en donkerbrúne poatsjes.

Nêst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Aaikes fan 'e toefmies

De toefmies hat synnêst yn in selsmakke holte fan fermôge hout en leit fiif oant achtwite aaikes mei kastanjebrune plakken, dy't allinne troch it wyfte bebret wurde. De aaikes wurde tusken de 15 oant 17 dagen útbret en de jongen bliuwe dan likernôch trije wiken yn it nêst. Nei it útfleanen wurde de jonge fûgels noch in skoftke fuorre.

In toefmies hat twa lechsels yn 't jier.

Iten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It iten fan 'e toefmies bestiet simmerdeis út ynsekten, larven, spinnen en oar lyts guod. Yn 'e hjerst en winterdeis yt de toefmies meast sied fan nullebeammen.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De toefmies komt yn in grut part fan 'e nullebosken fan Europa mei fral dinnebeammen foar, ek yn Nederlân, mar net ynIngelân,Ierlân, it noarden fanSkandinaavje, it grutste part fanItaalje en dielen yn Súdeast-Europa. De grutste konsintraasjes fan 'e toefmies komme op 'eFeluwe, deUtertske Heuvelrêch, West-Drinte, Noard-Limburch en it Leenderbosk ynBrabân. Yn Fryslân is it fûgeltsje allinne yn lytsere oantallen yn 'e bosken fan it súdeasten te hearren.

De toefmies is instânfûgel en in honkfêst fûgeltsje. Hy ferlit net gau syn territoarium en allinne jonge fûgels swalkje wol yn groepkes om.

Oars as deblokmies en de blaumies wurdt de toefmies net in soad yn tunen sjoen, of der moatte wol nullebeammen yn 'e omjouwing stean. As nullebeammen ferfongen wurde trochleafbeammen ferdwynt de toefmies. Dêrfandinne hat der de lêste tiid in lytse ôfname west fan 'e toefmies.

Undersoarten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Toefmies

Fan 'e toefmies binne sân ûndersoarten:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryLophophanes cristatus fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Toefmies&oldid=1177226"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp