Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Tjeerd Venstra

Ut Wikipedy
FakânsjewenteDe Horst (1937) opSkiermuontseach (2010)[1]
Canidunum

Tjeerd Venstra (Menaam,23 maart1889 -Dokkum,14 maaie1977), ek wolTjeerd Venstra Ozn. neamd, wie in Nederlânskearsjitekt, dy't benammen aktyf wie ynFryslân.

Libben en wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei oan deAmbachtsskoalle ynHarns it diploma timmerje helle te hawwen, folge Tjeerd Venstra de skriftlike BPNA-kursus taboukundichopsichter, dy't hy yn 1914 foltôge. In jier letter waard hy gemeente-arsjitekt fanDantumadiel. Yn syn wurk ûntwikkele Venstra in foarleafde foar itekspresjonisme en deAmsterdamske Skoalle. YnDokkum, dêr't hy yn de jierren tritich yn in nei eigen ûntwerp boude filla oan deWâldwei wenne, ûntwurp hy fillaZonneheuvel (1933). Dit pân is oanwiisd asryksmonumint, krektas de troch Venstra tekene rekreaasjewenningenCanidunum opIt Amelân (± 1935) enDe Horst opSkiermuontseach (1937), dy't as kenmerk de reiden kapen hawwe. Nei de oarloch wenne Venstra yn Ljouwert, dêrwei wurke er foar de gemeenten It Amelân en Skiermuontseach. Hy is yn 1977 op 88-jierige leeftyd yn Dokkum ferstoarn.

Wurken (kar-út)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. 1,01,1RCE -Ryksmonumint 512349 (Fjoertoerpaad 24, Skiermuontseach)
  2. RCE -Rijksmonument 507106 (Zuiderbolwerk 99, Dokkum)
  3. RCE -Rijksmonument 512335 (Duinweg 15, Nes, Ameland)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Tjeerd_Venstra&oldid=1185313"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp