Adolesinsje (ekadolessinsje)[1] is de oergong yn de ûntwikkeling tusken debernetiid enfolwoeksenens, dat in perioade represintearret wêryn't in persoanbiologysk, mar net noch netemosjoneel folgroeid is. Immen dy't adolesinsje trochmeitsje, is inadolesint of yn 'e folksmûle inteener ofteenager.
De leeftiden dy't beskôge wurde as ûnderdiel fan de adolesinsje ferskille per kultuer. Yn deFeriene Steaten wurdt adolesinsje beskôge as begjnnend om 13 jier hinne en duorjend oant sawat 24 jier. Mar deWrâldsûnensorganisaasje definearret adolesinsje as in perioade tusken de 10 en 20 jier. DeDikke Van Dale neamt de periode fan 16 oant 20 jier en makket dêrby ûnderskie meipubers, dy't de leeftydskategory fan 12 oant 16 jier beslaan soene. De termadolesint hat net de sterke betsjutting fan "dwerslizzer" dy't it wurdpuber hat.
Adolesinsje is in kultureel en sosjaal fenomeen en dêrom binne grinzen net maklik te binen oan fysike mylpeallen. It wurdt komt fan itLatynske tiidwurdadolescere dat "opgroeie" betsjut. De perioade kin werkend wurde oan drastyske feroarings yn it lichem, kombinearre mei ûntwikkelingen yn de psychology en akademyske karriêre fan in persoan. By it begjin fan de adolesinsje komme bern faak fan debasisskoalle en begjinne oan demiddelbere skoalle.