Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Tin (elemint)

Ut Wikipedy
Tin
Tin wurdt faak brûkt om sierfigueren fan te meitsjen

Tin is inskiekundich elemint mei symboalSn enatoomnûmer 50. It is in sulvergriishaadgroepmetaal.

Untdekking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tin, ien fan de ierst ûntdekte metalen, waard meast ynbrûns brûkt. Yn 3500 f.Kr. wie al bekend dat tin (krektas arseen en nikkel) in ferhurdzjend effekt hie opkoper. Dêrom waard it brûkt yn ark en wapens.Al foar de tiid fan de Romeinen ûntstie der een bloeiende handel tusken de tinminen ynCornwall en itMiddellânske Seegebiet. De Egyptyske faraoPepi hat om 2300 f.Kr. in stânbyld meitsje litten dêr't tin yn siet út de minen fan Cornwall.

Sûnt ûngefear it jier600 waard tin ek yn suver foarm tapast.

It wurdtin komt fan it Germaans *tina- en stietablautend neistteen dat 'twiichg' en yn 't Dútsk (Zain) ek 'metalen stêf' betsjut. It symboalSn komt fan it neolatynstannum dat fan it postklassike Latynstagnum 'legearing fan sulver en lead' komt.

Tapassings

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tin hechtet him maklik oanizer en wurdt dêrtroch faak brûkt as rustkearende coating (blik). Oare tapassings:

  • Legearing mei lead foaroargelpipen.
  • Ynbrûnslegearings foar tsjerkeklokken.
  • As sêftesoldeertin foar de produksje fan elktroanyske skeakelingen enleadjitterswurk.
  • Itsâlt tingloaride wurdt brûkt as bytmiddel.
  • Omglês in gled oerflak te jaan wurdt it faak yn floeibere foarm op tinnen platen jitten (it proses fan Pilkington).
  • Raand tin wurdt troch intinjitter yn foarmen jitten foar it meitsjen fan gebrûksfoarwerpen (âld bestek) of sierfoarwerpen (tinnen soldaatsjes).
  • Yn earder iuwen waard tin faak brûkt om boarden, bekers, kannen en sa te meitsjen.(Sûnt de 18e iuw its it tinnen tafelark wat yn ûnbrûk reke en ferfongen troch porslein, diggelguod en glês).
  • Yn de legearingWoodsmetaal foar ferskate tapassings.

De nammetin wurdt yn it Ingelsk bytiden fout brûkt foar tinblêdige metalen. Ittinnen blikje is dêr it bêste foarbyld fan omdat blikjes makke wurde fanaluminium of fanstiel dat mei in tin laachje tin tsjin rustfoarming beskerme wurdt.

Opmerklike eigenskippen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tin is in bûchsum, kneedber en tigekristallyn sulvereftich-wyt metaal dat by bûging in karakteristyk lûd jout dat feroarsake wurdt troch de brekkende kristallen. It metaal is bestand tsjin see- en kraanwetter, mar is oplosber yn de meastesoeren.

By standertdruk komme der twaallotropen fan tin foar. By lege temperatuer komt it foar as griis - alfa - tin mei in kubyskekristalstruktuer fergelykber mei dy fansilisium engermanium. By temperatueren boppe de 13,2 °C feroaret it nei wyt - bêta - tin. Yn dizze foarm hat it in tetragonale struktuer. By ôfbkuolling giet it werom nei de kubyske foarm. Eartiids waard dit proses woltinpest neamd; it kin foarkomme troch tafoeging fanantimoan ofbismut.

Ferskining

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op hast allekontininten op ierde komt tin foar. It erts wurdt by hege temperatuer yn ovens redusearre meikoalstof. It enige kommersjeel oantreklike tinbefetsjendemineraal iskassiteryt, dat benammen yn Súdeast-Aazje in soad fûn wurdt. Oare mineralen dy't yn lege konsintraasjes tin befetsje binne:stannyt,sylindryt,frankeyt,kanfieldyt enteallyt.

Isotopen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Meast stabile isotopen
IsoRO (%)FerfaltiidFFFE (MeV)FP
112Sn0,97stabyl mei 62 neutroanen
114Sn0,65stabyl mei 64 neutroanen
115Sn0,34stabyl mei 65 neutroanen
116Sn14,54stabyl mei 66 neutroanen
117Sn7,68stabyl mei 67 neutroanen
118Sn24,22stabyl mei 68 neutroanen
119Sn8,58stabyl mei 69 neutroanen
120Sn32,59stabyl mei 70 neutroanen
121Snsyn27,06oβ3,674121Sb
122Sn4,63stabyl mei 72 neutroanen
124Sn5,79stabyl mei 74 neutroanen
126Snsyn1×105jβ8312126Sb

Fan alle eleminten komme der fan tin de measte stabile isotopen foar (10). Dêrneist binne der ûngefear 18 radioaktive isotopen bekend.

Tokiskology en feilichheid

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fia blikiten krije de minsken lege konsintraasjes tin binnen. Oant hjoeddeis binne dêrfan gjin skealike gefolgen bekend en dus kin steld wurde dat tin ûngefaarlik is.Om1965 rûn de tinpriis eksplosyf (oant 45 euro de kilogram op, no: 5 euro de kilogram), wêrtroch't in soad tjnjitters om de kostpriis te drukken harren leagering mei lead oanlingen. As út sa'n tinnen beker dronken waard rûn men uteraard it risiko fanleadfergiftiging.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Tin_(elemint)&oldid=996290"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp